[go: up one dir, main page]

Zevenhuizen (Westerkertier)

(Trochferwiisd fan Zevenhuizen (De Like))

Zevenhuizen (Grinslânsk: Zeuvenhuzen of Zeuv'nhoezen) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân.

Zevenhuizen
Herfoarme tsjerke út 1869 (2011)
Herfoarme tsjerke út 1869 (2011)
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 2.785 (2023) [1]
Oerflak 21,96 km²
dêrfan lân: 21,82 km²
dêrfan wetter: 0,13 km²
Befolkingsticht. 128 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N979
Postkoade 9354
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
Digitaal doarp 7huizen
Kaart
Zevenhuizen (Grinslân)
Zevenhuizen

De namme Zevenhuizen docht net direkt tinken oan in grut doarp, mar wyls hat it doarp 2.798 ynwenners.

Zevenhuizen is noch jong. Iuwen wie der fan in doarp gjin sprake, heechút fan in woast heechfeangebiet. Dit fean waard earst yn it ferlingde fan de lannen fan Vredewold (mei Tolbert as haadplak) troch de boeren op lytse skaal ôfgroeven en ûntgûn.

Nei de fêstiging fan de Van Ewsums op Nienoard waard de feanterij yn it grut oanpakt. Oan de soad kanalen (wiken) fan Zevenhuizen is it patroan fan in feankoloanje dúdlik te werkennen. Oan dy kanalen leinen sânreden, dy't wyls asfaltearre binne. In grutte feanbrân as gefolch fan bokweitbrânen op 11 juny 1833 tusken De Wylp en De Like, ferwoastge in grut part fan it fean tussen De Wilp en Leeken dêrmei ek in grut part fan it doarp Zevenhuizen. By de brân kamen fjouwer persoanen om, gienen mear as 60 huzen yn flammen op en waard 1.167.000 ton turf ferneatige.

It oarspronklike Zevenhuizen lei rjochting Alde Streek. Nei de brân is it doarp om de ôfslach Evertswyk werboud. De troch de brân wurkleas wurden feanarbeiders koenen oan de slach by de oanlis fan it saneamde Kommisjebosk, destiids 47 ha grut, dat letter wer rûge is om romte te meitsjen foar kultuergrûn. It oantinken oan de Kommisjebosk is yn de strjittnamme bewarre bleaun.

Zevenhuizen waard yn 1835 tsjerkedoarp; de (herfoarme) tsjerke fan Zevenhuizen waard yn dat jier opboud, de toerspits waard der trije jier letter opsetten en de klok is oernomd fan de Fryske gemeente Aldskoat. De tsjerke wie lykwols sa min boud dat der al yn 1869 op itselde steed in nije tsjerke boud wurde moast, de hjoeddeiske tsjerke. Yn 1844 rjochtten de ôfskiedene grifformearden in eigen tsjerkje op oan de Evertswyk. Om 1850 stienen der al 430 huzen en wiene der 2600 ynwenners. Yn 1893 waard - nei't doe sein waard - it doarp út har isolemint ferlost, troch de oanlis fan de ferhurde dyk De Like-Zevenhuizen.

Op it begraafplak oan de Tsjerkhôfleane waard nei de Twadde Wrâldkriich it 'Tinkteken foar alle fallene slachtoffers yn besettingstiid' oprjochte.

Yn 1920-21 waard de grifformearde tsjerke ferboud en yn 1957 ferriisde in nije grifformearde tsjerke yn it doarp mei in wat apart útfierde wite dakruter. It âlde pân oan de Evertswyk 23 waard yn gebrûk nomd troch in leanbedriuw en letter ôfbrutsen.

Leukste doarp fan Grinslân

bewurkje seksje

Zevenhuizen waard yn septimber 2011 keazen as Het leukste dorp van Groningen. Dy wedstriid, in inisjatyf fan RTV Noard en it Dagblad van het Noorden, diene 166 Grinslânske doarpen oan mei. Yn de finale krige Zevenhuizen 7622 stimmen en einige sa boppeoan, fier foar Niekerk (5276 stimmen) en Tolbert (4493 stimmen).

Yn oktober 2009 kaam Zevenhuizen grut ynternasjonaal yn it nijs doe't der 777 fergese pakketten útdield waarden fan de nije ferzje fan Windows, Windows 7. Hjirmei hie Zevenhuizen de ynternasjonale première fan dit bestjoeringssysteem.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Westerkertier  
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
  ·   · Berjocht bewurkje