Barnwert
Barnwert is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It leit oan de wei fan Aduard nei Saaksum mear as in kilometer noardlik fan Den Ham.
De buorskip bestiet út trije huzen oan de foet fan in foar in part ôfgroeven wier. De hichte fan de wier is 2,3 meter boppe NAP. Yn de wier binne bewenningspoaren en diggels fûn út ûnder oare de iere Izertiid, de Romeinske en de midsiuwske perioade.
De namme soe ôflaat wêze kinne fan it Aldfryske bar = bier, ûnbegroeid en wert = wier.
By de wier hat eartiids de boarch of stins Fritsinga of Fritsinge stien.
Literatuer
bewurkje seksje- Jelsma, J. (2005), Een inventariserend archeologisch veldonderzoek op de wierde Barnwerd, Oldehove. Grins: De Steekproef.