[go: up one dir, main page]

It Aduarderdjip is in kanaal yn Grinslân, dat by it Hoendjip yn Vierverlaten begjint en by Aduardersyl útmûnet yn it Reitdjip. Sawat healwei krúst it by Steentil it Van Starkenborghkanaal. It Aduarderdjip hat trije sydtûken: de Zuidwending (nei De Poffert), de Lindt (nei Aduard) en it Oldehoofsche kanaal (nei Oldehove).

De lokaasje fan it Aduarderdjip
It Aduarderdjip by Steentil (2008)

It kanaal is groeven yn de fjirtjinde iuw, nei't sein wurdt troch mûntsen fan it kleaster fan Aduard. Yn 2013 waard lykwols fêststeld dat in fundearringspeal fan in foargonger fan de Steentil komt, fan in wylgebeam dy't al om 1285 hinne kapt waard. Dit soe betsjutte kinne dat it djip al mear as iuw earder groeven waard.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. meer dan honderd jaar ouder dan gedacht. RTV Noord, 11 februari 2013