[go: up one dir, main page]

Trimunt is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It bestiet út in tal ferspraat lizzende pleatsen en wenten tusken de A7, de grins mei de eardere gemeente Gruttegast en de grins mei de gemeente Smellingerlân yn Fryslân.

Trimunt
It motorcross-sirkwy fan Trimunt (2012)
It motorcross-sirkwy fan Trimunt (2012)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Oar
Postkoade 9363
Koördinaten
Kaart
Trimunt (Grinslân)
Trimunt
Jilt Dijksheide (2012)
Restanten fan de bunkers by Trimunt (2012)
It Kriichsmonumint op Trimunt

De namme Trimunt ferwiisd nei it kleaster In Tribus Montibus dat hjir stichte waard yn 1208. Oarspronklik hearde it ta de oarder fan de Benediktessen, mar yn de 14e iuw waard it troch it kleaster fan Aduard ûnder bewâld naam en waard it in Sistersjenser kleaster. It kleaster is sûnt lang ferdwûn en wat de krekte lizzing wie kin net mear fêststeld wurde.

Trimunt lei fan oarsprong op in sânrêch yn in grut heechfeangebiet. Nei de ûntginning dêrfan is in greidegebiet ûntstien mei ferskate petgatten dy't de ferfeaning noch te binnen bringe. Om Trimunt hinne is yn de jierren 30 fan de 20e iuw it Untginningsbosk oanlein. Dat bosk en omkriten wurde beheard troch Steatsboskbehear. Justjes benoarden de buorskip leit it lêste heidefjild fan it Westerkertier: de Jilt Dijksheide.

Yn de Twadde Wrâldkriich is der op Trimunt in radarstasjon boud troch de Dútsers. De bedoeling wie dat dy de fleanbasis Ljouwert ta help wêze soe. It stasjon wie lykwols net foar it ein fan de oarloch foltôge. De bunkers fan dy basis stean noch yn it ûntginningsbosk, heal yn de grûn weisakke. By de april-maaiestaking yn 1943 binne sechtjin bewenners fan de tichteby lizzende Haarsterwei op Trimunt stânrjochtlik deasketten, ûnder harren in jonge fan 13. Ta harren neitins is in monumint, omjûn fan 16 iken op it eksekúsjeplak oprjochte, dêr't elts jier in 4 maaie hâlden wurdt.

Trimunt waard oant 1985 trochsnien fan de Tramline Drachten - Grins. Oer it eardere trasee rint no in fytspaad.

Alle jierren is der op keninginnedei op Trimunt in motorcross.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje