[go: up one dir, main page]

Oldekerk (Grinslânsk: Ollekèrk; Frysk: Aldtsjerk) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Oant 1990 wie Oldekerk in selsstannige gemeente. It doarp telt 1.365 ynwenners.[2]

Oldekerk
Klokkestoel (2020)
Klokkestoel (2020)
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 1.365 (2023) [1]
Oerflak 20,41 km²
dêrfan lân: 20,31 km²
dêrfan wetter: 0,1 km²
Oar
Ferkearsieren N980
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
Side Oldekerk-Niekerk
Kaart
Oldekerk (Grinslân)
Oldekerk
 
Oldekerk, Ichtustsjerke (PKN)

Oars as de namme jin docht tinken is Oldekerk ien fan de jongere plakken fan it Westerkertier. Mei de bou fan in grifformearde tsjerke yn 1856 en de stifting fan in kristlike skoalle yn it wat eastliker lizzende buorskip Eekeburen (Ikebuorren) ûnstie dêr mear bewenning. Yn dy snoarje lei Oldekerk westlik fan Eekeburen en bestie it út net mear as in pear hûzen oan it paad nei Sebaldebuorren. Stadichoan waard yn de rin fan de 20e iuw ek de bebouwing fan it buorskip Eekeburen oantsjut mei Oldekerk. Fral nei 1950 hat it doarp him bot útwreide. De grifformearde tsjerke waard yn 1966 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke oan de Eekebuursterweg 9, tsjintwurdich in gebou fan de PKN-gemeente.

Yn de jierren 1980 waard súdwestlik fan it doarp in bosk plante mei in fiver en in einekoai (Kuzemerkoai). De namme fan de einekoai ferwiist nei de einekoai fan it eartiidske kleaster "Marije's Poarte". It kleaster dat û.o. lân oanmakke, bewurke en de wetterôffier fersoarge, waard bewenne troch premonstratinzeressen. It waard nei de reduksje fan Grins yn 1594 plondere en ôfbrutsen. Resten fûneminten fan it kleaster en in diel fan de kleastergrêft binne bewarre bleaun.

Tsjerke fan Oldekerk

bewurkje seksje

De namme fan it doarp ferwiist nei in tsjerke dy't dêr yn it ferline stie. De fûneminten fan dy tsjerke en de toer binne by opgravings yn 1998 werom fûn. Nei alle gedachten gyng it om in fan bakstien en resten dowestien boude sealtsjerke mei in smeller rjochthoekich ôfsletten koer út likernôch 1200. De tsjerke waard tusken 1670 en 1680 ôfbrutsen. It plak fan de tsjerke wurdt mei balstiennen op it begraafplak markearre.

Yn 1680 foarmen Oldekerk en Nijtsjerk tegearre in tsjerklike gemeente. Op it plak fan de ôfbrutsen tsjerke kaam in klokkestoel. De klok út 1630 waard troch de besetters yn de Twadde Wrâldkriich foardere en omraand. Nei de kriich waard in nije klok ophongen. De klokketstoel waard yn 1837, 1939 en 2000 fernijd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Westerkertier  
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
  ·   · Berjocht bewurkje