[go: up one dir, main page]

Oostindie ( Grinzersk: Oost-Inje) is in plakje yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân, ten noarden fan de buorskip Blauw.

De namme is in ferbastering fan Oosteinde, dat op syn Grinslânsk as Oostínde (mei in lang oanhâlden i) útsprutsen waard. Mei dat oosteinde waard bedoeld dat it ten easten fan Sânhuzen leit.

Troch Oostindie rint in wetter mei de singeliere namme Drost-yn-de-wyk, feitlik wer in ferbastering fan De Oostindische Wijk. It wetter komt ek wol op kaarten foar as Drostinnewijk, wêrby't de kaaartmakker grif tocht hat oan de froulike foarm fan drost.

Ien fan de doarpsútwreidings fan De Like komt hast tsjin it âlde streekje oan. Dizze wyk hjit dan ek Oostindie (al is it sûnder trema).