[go: up one dir, main page]

Bremen (somtiden ek as Breemen skreaun) is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân.

De namme is in net ferwizing nei de Dútske stêd Bremen, mar nei de brem dy't hjir yn it ferline in soad groeide op de hege sânige grûn. Dy grûnen waarden ek wol 'breemhaar' (haar = sânige hichterêch) neamd. De útspraak fan brem is hast gelyk oan dy fan Breemen yn it Grinzersk nl. breem.

Dat der in soad brem yn dizze omkriten groeide, kaam dat it lange tiid woest en net ûntgûn (earder fean)gebiet wie, dat allinnich geskikt wie om skiep yn rinne te litten. Yn Fryslân leit by Sondel yn Gaasterlân de Bremerwyldernis.

  • Postema, M.P. (2011), Van Breemhaar tot Nij Breemen: geschiedenis en herinneringen van een voormalig bewoner. 2e pr. Haulerwyk: eigen behear.