[go: up one dir, main page]

Spanjaardsdijk is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân (Nederlân). De namme fan de dyk komt òf fan in hûs mei de namme Spanje of fan in famylje Spanjer, dat it is net in ferwizing nei de Spanjerts, hoewol't yn de kontrei yn de Tachtichjierrige Oarloch wol fochten is.

De dyk is oanlein yn de 13e iuw. De dyk foarme de eastlike ôfsluting fan de Oude Riet. De Oude Riet wie ûntstien troch stoarmfloeden yn de iere Midsiuwen. It lânskip yn dit part fan it Westerkertier like doe wol wat op dat fan it Seelân fan no, ôfwikseljend kwelders en eilannen. De Oude Riet wie de fierste nei it suden lizzende see-ynholte. Oan westkant waard dy begrinzge troch de balstienliemrêch dêr't Súdhorn en Noardhorn ek op lizze.

De dyk moast it gebiet om Den Ham beskermje, dêr't ek de Piloersemaboarch stie. Troch de oanlis fan it Van Starkenborghkanaal is de dyk no trochsnien. Besuden it kanaal rint de dyk oant Den Horn.