[go: up one dir, main page]

Blauw is in buorskip fan inkele ferspraat lizzende pleatsen yn de gemeente Westerkertier, en leit bewesten it doarp Zevenhuizen, oan de oare kant fan it Lykster Haaddjip.

Wêr't de namme weikomt is ûnwis. It soe komme kinne fan in famylje mei dy efternamme. In oare ferklearring is dat it neamd is nei de blaugerzen dat in soad in feangebieten foarkomt.