Rûgesân
Rûgesân (ek: De Rûgesân en Rûgesânsterpolder; Nederlânsk en offisjeel: Ruigezand) is in buorskip fan sân pleatsen yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. De polder leit fuort besuden it Reitdjip.
It streekje is ûntstien yn de polder dy't oanlein is tusken 1794 en 1797. Dat hat foar it grutste part it wurk fan de bruorren Douwe en Aedsge Teenstra west, dy't hjir stipe fan harren heit Marten Aedsges Teenstra, in modelpolder ynrjochtsje woenen. Marten Aedges kaam út Fryslân en kocht yn 1776 de pleats Castor oan de oare kant fan it Reitdjip ûnder Zuurdijk. Dêrwei foel syn each op de grutte rûchte, mar foaral ek op de fruchtbere kwelder oan de oare kant en hy begûn plannen te meitsjen foar ynpoldering, dat úteinlik troch syn soannen syn beslach krige. De wei troch de polder, fan Lauwerssyl nei Electra draacht harren namme, de Teenstrawei.
De namme is in ferwizing nei rûchte, Grinslânsk foar ûnûntgonnen gebiet, ûnlân, de tastân foar de bediking doe't it gebiet noch kwelder wie.
Pleatsen yn de Rûgesânsterpolder
bewurkje seksje-
Teenstraheerd, boud yn 1796 troch Douwe Teenstra
-
Aedsge Teenstra's pleats
-
De Alde pleats
-
Rûgesânsterpolder, de pôle rjochtsefter is Rietstee (gjin pleats)
Berne
bewurkje seksje- Maarten Douwes Teenstra (1795-1864), skriuwer en reizger