Healwei (Noardeast-Fryslân)
Healwei (Nederlânsk en offisjeel: Halfweg, Kollumerlânsk: Haalfweg) is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
De buorskip leit om de trijesprong tusken de Leechsterwei en de Eeuwe Enneswei hinne, op healwei tusken Warfstermûne en de buorskip De Leechte, tichteby it Grinslânske doarp Pitersyl. Súdlik leit it doarp Boerum en noardlik de wetterrin Aldlânsreid, dy't justjes eastliker yn de Alde Lauwers útmûnet. Healwei hat sûnt 2010 plaknammebuorden.
Healwei leit oan de Leechsterwei en Eeuwe Enneswei. Der steane inkelde huzen en pleatsen. Fierder is der noch it yn 1962 oprjochte stortkompleks 't Meertenust fan SF de Lauwers (wêrûnder de fuotbalferiening VV de Lauwers) mei twa sportfjilden. It sportkompleks leit as part fan de buorskip yn it midden tusken de meidwaande doarpen Warfstermûne, Muntsjesyl, De Pomp en Boerum.
Ien fan de fjouwer huzen wie de eardere legere skoalle Boerum-Healwei, dy't yn 1903 iepene waard en yn 1969 fusearre mei dy fan Muntsjesyl (sûnt 1995 't Oegh). Mooglik wie de skoalle ek it begjin fan de buorskip, want op de gemeentekaart út 1865 komt noch gjin bebouwing foar dêre. Tusken Warfstermûne en Healwei steat súdlik fan de dyk in kop-hals-romppleats.
Galery
bewurkje seksje-
De buorskip mei yn it midden de eardere legere skoalle en rjochts it sportkompleks
-
Kop-hals-romppleats by de buorskip
-
Plaknammeboerd fan Healwei yn it Nederlânsk