Easternijtsjerk
Easternijtsjerk (pleatslik ek: Nijtsjerk of Oasternijtsjerk) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Easternijtsjerk leit noardlik fan Nijewier, eastlik fan Hantumhuzen, westlik fan Ljussens en besúden Nes. Easternijtsjerk hat 930 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit om de Mûnewei, De Buorren, Langgrousterwei, Griene Wei en Ald Tún.
Easternijtsjerk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 930 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,68 km², wêrfan: - lân: 6,65 km² - wetter: 0,03 km² | |
Befolkingsticht. | 139 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 22' N 6° 03' E | |
Offisjele webside | ||
oosternijkerk.com | ||
Kaart | ||
De buorskippen Berchhuzen, Bollingwier en Langgrou hearre ek by Easternijtsjerk.
Skiednis
bewurkje seksjeDe ûntsteansskiednis
bewurkje seksjeEasternijtsjerk hat gjin terp. It is fanâlds in lintdoarp. Dat soe der op wize kinne dat it doarp earst yn de 11e iuw ûntstien is. Doe wiene der diken lein om fan de oerstreamings ôf te wêzen. By dat bedykjen wiene foaral de kleasters belutsen. Sa is it ek te ferklearjen dat hast alle grûn yn Easternijtsjerk kleastergrûn wie. Alle wichtige kleasters hienen yn Easternijtsjerk besit. Der wie mar ien pleats dy't net fan in kleaster wie.
It measte besit wie yn hannen fan de norbertinen. De kleasters bebuorken har grûn, as it mar heal koe, sels. It sprekt dan ek fansels dat der in úthôf wie en dat de tsjerke ek betsjinne waard troch de norbertinen.
Der is net sa folle bekend oer it ûntstean fan Easternijtsjerk. De earste boarne dêr't it doarp yn neamd wurdt, is út 1224 Nova Ecclesia. Yn 1500 waard it fernijd as nija tzercka, yn 1660 as Nieukerk, yn 1664 as Nijkerck en yn 1786 as Nieuwkerk of Ooster Nykerk. Yn de 20e iuw wie de offisjele namme in skoft Nijkerk, mar letter waard it dochs wer Oosternijkerk.
Sûnt 2019 leit Easternijtsjerk yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.
De Sesiliatsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Sesiliatsjerke (Easternijtsjerk).
De toer is út de 13e iuw. It is in swiere bakstiennen toer mei in sealdak. Under it sealdak binne der nissen oanbrocht. Fan de tsjerke sels is it koar it âldste; it soe ek 13e-iuwsk en in oerbliuwsel wêze kinne fan in eardere kleasterkapel. Yn de 16e iuw is it letgoatyske skip yn twa fasen boud. Yn de tsjerke is aardich rokokomeubilêr te finen.
It oargel is yn 1814 boud troch J.A. Hillebrand, in oargelbouwer dy't út Dútslân kaam. Hy hat ek oargels foar de tsjerken fan Drachten, Feanhuzen, Marrum, Nijewier, Raerd en Sutfen boud.[3]
De klok is opnij getten yn 1909 fan de âlde út 1668 dy't makke wie troch Jurjen Balthasar út Ljouwert.
De grifformearde tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side De Bining (Easternijtsjerk).
Oan de Langgrousterwei stiet de eardere grifformearde tsjerke út 1890. Ek Easternijtsjerk is doedestiids net ûntkommen oan it spjalt dat yn dy tiid troch de tsjerke gien is, de Doleânsje. Yn 2006 kamen de herfoarme gemeente en grifformearde tsjerke wer by inoar troch de fúzje en foarming fan de protestanske gemeente fan Easternijtsjerk. Simmer 2020 waard de tsjerke troch dy gemeente ôfstjitten út reden fan ferminderjende tsjerkegong.
Doetiids
bewurkje seksje-
De Boatehoeke yn 1926
-
De hoeke yn 1953
-
De Foeke Sjoerdsskoalle yn 1964
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarpshûs fan Easternijtsjerk hjit 'De Terp'. Yn 2022 is útein set mei de bou fan in nij doarpshûs.[4] Der is in feriening foar Doarpsbelang mei in aktiviteitenkommisje. De 'Doarpsskille' is it nijsbledsje fan Easternijtsjerk.
Tsjerke
bewurkje seksje- Protestantske gemeente >asternijtsjerk (webstee)
Skoalle
bewurkje seksjeYn it doarp waard yn 2022 de nije kristlike basisskoalle 'De Wrâldwizer' iepene. Ek bern út Nes, Nijewier en Wetsens geane nei dy skoalle. Njonken in skoalle is der ek romte foar berneopfang, de GGD, in bibleteek en muzyksintrum Opus 3.[5]
Ferienings
bewurkje seksjeDer binne in soad buertferienings: Ald Tún, Bollingwier, Buorfinne, Buorren I en II, Doktersfiif, Foeke Sjoerdsstrjitte, Grienewei, Langgrousterwei, de Terp, Lou Sânen, de Lyts Ein, Mûnewei, Nijbuorren en Ropsterwei.
|
|
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2013 | 2014 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1104 | 1022 | 922 | 896 | 825 | 910 | 948 | 953 | 940 |
Jier | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | ||
Ynwenners | 935 | 940 | 930 | 955 | 945 | 940 | 930 |
Berne
bewurkje seksje- Willem van der Woude (1876-1974), wiskundige en heechlearaar.
- Binne Roorda (1898–1945), teolooch en fersetsstrider.
- Freerk Postmus (1921-1944), bouboer en fersetsstrider
- Dirk Torensma (1899–1992), boargemaster.
- Johannes Tilkema (1916–1992), politikus.
- Froukje Annema-Noordenbos (Easternijtsjerk 1941 - Rottefalle 1998), Frysk skriuwster.
- Anders Rozendal (1946-), Frysk skriuwer.
Strjitten
bewurkje seksjeDe doarpskearn fan it doarp leit benammen oan de De Buorren, Griene Wei, Ald Tún en de Mûnewei. In nijbouwyk yn Easternijtsjerk út de jierren 1960 en 1970 krige de namme Doktersfiif. Dat wie de greide foar it hynder fan ûnder oare dokter Ferhman, dy't dêr flak foar oer wenne. De lêste nijbou hat súdlik fan it doarp mei plan 'Lou Sânen' plakfûn.
|
|
Publikaasje
bewurkje seksje- Jan Swart "In doarp yn 'e Noardeasthoeke : Easternijtsjerk tusken 1740 en 1940" (Ljouwert : Fryske Akademy. ISBN 90-6171-818-X, 1995).
Ferskaat
bewurkje seksje- Op it doarpswapen, dat ôflaat is fan it wapen fan Nes steane in wynhûn en roazen. Se komme fan de famylje Sjoorda. De oargelpiip is ûntliend oan in eardere tsjerkepatroan, de hillige Sesilia dy't in oargel as attribút hat en patroanhillige is fan de tsjerkemuzyk.
- Oan de súdeastrâne fan it doarp stiet in Amerikaanske wynmotor.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|