Mûnebuorren (Ingwierrum)
Mûnebuorren is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Mûnebuorren leit noardeastlik fan Ingwierrum oan de Dodingawei (sjoch ek: Dodingastate).
De buorskip is neamd nei de nôtmûne dy't dêr yn 1866 set waard. Yn 1913 ferlear de mûne syn wjukken, mar doe waard der al elektrysk meald. Oant yn de Twadde Wrâldkriich wie de mûne yn bedriuw.