Muntsjesyl
Muntsjesyl (Kollumerlânsk: Muntjesziel; Nederlânsk en offisjeel: Munnekezijl) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Muntsjesyl leit noardlik fan Pitersyl, eastlik fan Warfstermûne, westlik fan Lauwerssyl en súdwestlik fan Sâltkamp. De doarpskearn leit benammen oan de Methardusstrjitte.
Muntsjesyl | ||
Methardusstrjitte | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 480 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 20,09 km², wêrfan: - lân: 19,83 km² - wetter: 0,27 km² | |
Befolkingsticht. | 23,85 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 18' N 6° 16' E | |
Offisjele webside | ||
www.munnekezijl.nu | ||
Kaart | ||
De buorskippen De Skâns, Krabbuorren en De Kolk (grutendiels) hearre ek by Muntsjesyl.
Muntsjesyl hat 480 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeMuntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsiuwen ûntstien is by de yn 1476 troch Sistersjinzer muontsen fan Gerkeskleaster sleine slûs yn de Lauwers, dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de 16e iuw waard in ferdigeningsskâns oanlein. De bou fan de tsjintwurdige slûs yn 1741 foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it Syldjip en de Muntsjesylster Ryd.
Foar de gemeentlike weryndieling fan 2019 wie it ien fan de tolve doarpen yn de gemeente Kollumerlân.
Bouwurken
bewurkje seksjeTsjerken
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Muntsjesyl).
It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. De eardere herfoarme tsjerke (ek "Sylstertsjerke") waard yn 1899 boud, mar gyng werom op in gebou út de 17e iuw. Yn 2020 waard de tsjerke troch de PKN-gemeente ferkocht. Yn de tsjerke wie in oargel út om 1755 hinne, dat yn 2021 ferhûze nei de tsjerke fan Terkaple.
- De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Muntsjesyl).
De grifformearden lieten yn 1913-1914 de grifformearde tsjerke bouwe. It ûntwerp wie fan de Grinslânske tsjerke-arsjitekt Lammert Reitsma. De tsjerke is noch jimmeroan yn gebrûk.
Oare bouwurken
bewurkje seksjeYn it doarp stiet de yn 1856 boude nôtmûne Rust Roest, dy't ek wol de Muntsjesylster Mûne neamd wurdt. De mûne is in reiddekte achtkante stellingmûne mei stiennen ûnderbou.
Deunby Muntsjesyl stiet de slûs fan Muntsjesyl, in ryksmonumint út 1882.
Súdlik fan it doarp leit 'it Pypke', in âlde bôgebrêge fan 1802.
Mienskip
bewurkje seksjeIt yn 2016 ferboude doarpshûs hjit De Skâns.
Tsjerke
bewurkje seksjeFerienings
bewurkje seksje- Biljertferiening
- Iisferiening 'De Lauwers'
- Muzykferiening 'Tida Kira'
- Skuttersferiening 't Mikpunt'
- Fuotbalferiening De Lauwers
Skoalle
bewurkje seksje- Kristlike basisskoalle 't Oegh
Passantehaven
bewurkje seksjeIt doarp leit oan de Muntsjesylster Ryd tsjin Grinslân oan. It doarp hat tsjintwurdich in passantehaven.
Publikaasje
bewurkje seksje- M. de Vries-Adema - Munnekezijl-Beeld van een dorp
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|