[go: up one dir, main page]

Hantumerhoeke is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hantumerhoeke leit eastlik fan Hantum, súdwestlik fan Hantumhuzen, noardwestlik fan Bierum en benoarden Raarderterp. De buorskip leit yn de himrikken fan Hantumhuzen en Hantum.

Hantumerhoeke
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Hantumhuzen

Hantum

Sifers
Ynwennertal 21 (2021)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 21' N 5° 58' E
Offisjele webside
Side 4hdoarpen
Kaart
Hantumerhoeke (Fryslân)
Hantumerhoeke

De bebouwing fan de buorskip leit oan de Fennewei, de Bangawei en de Dokkumerwei. De kearn bestiet út 13 adressen oan de Fennewei, 1 adres oan de Bangawei en 5 adressen oan de Dokkumerwei. It grutste part fan de buorskip leit yn de himrik fan Hantumhuzen (16 adressen fan de 19).

Grifformearde tsjerke

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Hantumerhoeke).

De Grifformearde Tsjerke fan Hantum-Hantumhuzen op Hantumerhoeke waard op 19 april 1891 yn gebrûk naam. De lêste tsjinst wie op 21 oktober 2007. Yn 2008 waard de tsjerke te keap set en letter is de tsjerke ferboud ta wente. De PKN-gemeente makket tsjintwurdich gebrûk fan de Nikolaastsjerke.[1]

 
Kristlike basisskoalle 'De Fjouwerhoeke'
 
It klokkefabryk (earder de herfoarme skoalle

Op 15 oktober 1959 waard op Hantumerhoeke de nije Kristlike Nasjonale Skoalle yn gebrûk naam. Oant dy tiid wienen dêr twa legere skoallen, de Grifformearde skoalle en de Herfoarme skoalle yn it pân dat letter it klokkefabryk húsfeste. De basisskoalle fan no hjit 'de Fjouwerhoeke' omdat 4 wegen nei de skoalle liede en omdat de skoalle bern út fjouwer doarpen hat (Hantumhuzen, Hantumerútbuorren, Hantum en De Lytse Jouwer)[2][3].

  De Wikipedy hat ek in side Stasjon Hantum.

Sûnt 1901 stie op de grins fan Hantum en Hantumhuzen op wat letter Hantumerhoeke hiet ek in stasjon fan it spoar Ljouwert-Eanjum. Yn 1940 einige it ferfier fan reizgers en it stasjonsgebou waard yn 1960 ôfbrutsen.

Sûnt 2019 leit Hantumerhoeke yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reliwiki.nl
  2. Hantumhuizen Wikipedia nl:
  3. Webstee 4h-side
  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   · Berjocht bewurkje