Warfstermûne
Warfstermûne (Kollumerlânsk: Warfstermeul; Nederlânsk en offisjeel: Warfstermolen) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Warfstermûne leit noardlik fan Boerum, súdeastlik fan Kollumerpomp, eastlik fan Muntsjesyl en besuden it Lauwersmar. De doarpskearn leit oan de Gruytswei en De Warf.
Warfstermûne | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 195 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 8,70 km², wêrfan: - lân: 8,65 km² - wetter: 0,06 km² | |
Befolkingsticht. | 23 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 17' N 6° 14' E | |
Kaart | ||
De buorskippen De Kolk (lyts diel), De Leechte en Healwei hearre ek by Warfstermûne.
Warfstermûne hat 195 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeÛntstean
bewurkje seksjeWarfstermûne dat leit oan de yn ûngefear 1315 oanleine dyk, is nei alle gedachten ûntstien neidat der yn 1529 in nije dyk om it Nijkrúslân oanlein is.
Ferklearring fan de namme
bewurkje seksjeDe namme komt ek voor as Warfstermolen en Warff. Warf tsjut op in belangryk hûs by de pleats, op de dyk dêr't de dykgearkomsten hâlden waarden en de mûne yn de namme komt al foar yn boarnen út 1574. De mûne sels bestiet hjoeddedei net mear.
Weryndieling
bewurkje seksjeSûnt 2019 leit Warfstermûne yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân.
-
De Gruytswei
-
Trijesprong tusken de Gruytswei en De Warf (rjochts)
-
Gruytswei fan de trijesprong ôf sjoen
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|