Boarnwerthuzen
Boarnwerthuzen is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Boarnwerthuzen leit noardwestlik fan Dokkum en besuden De Lytse Jouwer. Boarnwerthuzen leit yn de himrik fan Boarnwert.
De bebouwing fan Boarnwerthuzen leit oan de lyknammige dyk Boarnwerthuzen. De buorskip telt 5 adressen.
Lâns de buorskip rinne de Alde Peazens en De Peazens.
Skiednis
bewurkje seksjeNamme
bewurkje seksjeDe namme komt ek foar as Bornwerderhuysen, Bornwirdhuizen, Boarnwerterhuzen, Bornhuysen en Bornwerderhuijsen. De buorskip is ûntstien út Boarnwert wei.
Gemeentelike weryndieling
bewurkje seksjeSûnt 2019 leit Boarnwerthuzen yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|