Foudgum
Foudgum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Foudgum leit noardlik fan Raard, westlik fan De Lytse Jouwer en besuden Brantgum. Foudgum hat 75 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Foudgum leit oan De Terp op de terp fan Foudgum.
Foudgum | ||
Huzen oan de terp | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 75 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,39 km², wêrfan: - lân: 3,38 km² - wetter: 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 22 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' N 5° 56' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side fan Foudgum | ||
Kaart | ||
Fanâlds wurdt Foudgum rekkene ta de Holwerter Seis.
Etymology
bewurkje seksjeDe ierste fermelding fan it plak is Fodtenheim of Foldenheim (944). Dêrnei wurdt it plak Foldeghum (1422, Foudtgum (1449) Foedegum (1487), Foudeghum (1491), Fowdum (1511) neamd. De Fryske fariant is tsjin it ein fan de 16e iuw Foedgum. It diel 'um' wiist op hiem; de namme soe dan betsjutte kinne: it hiem fan Foldinga of Foldo.[3].
Skiednis
bewurkje seksjeNei't earder op de kwelderwâl fan Hijum-Ferwert-Ternaard terpen opsmiten waarden, barde dat ek yn it gebiet djipper it lân yn. Sa ûntstie ek de rige terpen fan Fougum, Brantgum en Waaksens. Dy terpen leine yn in leger gebiet; de lânbougrûn dêr wie kweazich en smiet minder op en dêrom geskikter foar gerslân. Troch dy lege lizzing brochten de Alderheljenfloed yn 1570 en de Krystfloed fan 1717 in soad skea yn Foudgum.
It soe kinne dat it doarp yn de 2e en 3e iuw nei Kristus troch it hegere seenivo leechrûn en yn de 6e of 7e iuw wer bewenne rekke nei't dat seenivo wer sakke wie. It tij soarge foar it ôfsetten fan knipklaai op de feangrûn. Oant yn de midsiuwen waard dy sâlte feangrûn ôfgroeven en ferbaarnd om sâlt te winnen. Dat barde op grutte skaal súdeastlik fan it doarp yn it gebiet fan de Foudgumer Kolken.
Oant yn de 19e iuw bleau Foudgum in typysk terpdoarp. Oan de foet fan de terp wie de sirkelfoarmige ringwei, trochsnien troch de fjouwer op like ôfstân fan inoar lizzende tsjerkepaden. Op it heechste punt fan de 5,7 meter hege terp stie sintraal yn it doarp de tsjerke. Mei it oanlizzen fan in nije strjitwei yn de jierren 1860 feroare de struktuer fan it terpdoarp. It súdwestlike diel fan de âlde ringwei waard ûnderdiel fan dy nije strjitwei. Hûndert jier letter waard de strjitwei ferbettere en oer de terp oanlein, wêrmei't de histoaryske ienheid fan it doarp ferneatige waard. Fan de fjouwer tsjerkepaden binne der trije paden bewarre bleaun.
Yn de 19e iuw wie de terp hast net mear bewenne en yn 1896 waard útein setten mei it foar in part ôfgraven fan de terp. De terp waard lykwols yn de twadde helte fan de 21e iuw wer opfolle. Tsjintwurdich is de terp in ryksmonumint.
Eastlik fan it doarp leit de Foudgumerfeart, dy't it doarp mei de Dokkumer Ie ferbynt en eartiids brûkt waard foar lyts skipferkear.
Foudgum hearde oant 1984 by de gemeente Westdongeradiel. Nei de weryndieling hearde Foudgum by de gemeente Dongeradiel, dy't sûnt 2019 opgien is yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Marijetsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Foudgum).
De earste tsjerke moat sa om 1200 hinne boud wêze. De tsjerke wie oan Marije wijd. Fan dy romaanske Marijetsjerke is, útsein in diel fan de eastmuorre fan de toer, neat oerbleaun. Yn 1808 besleaten de tsjerkfâden dat der in nije tsjerke komme moast. Dy is neffens de moade fan dy tiid yn empirestyl boud. Ek oan de toer is it nedige feroare.
Yn de toer hingje twa liedklokken, in silinderfoarmige út 1395 en ien út 1732. De lêste is getten troch Jan Nicolaas Derk út Hoarn. It oerwurk is út 1640 en is by de lêste restauraasje yn 1972 wer oan 'e gong brocht en automatisearre. De tsjerke hat in iken preekstoel út de 17e iuw. It kabinetsoargel is om 1775 hinne, nei't der tocht wurdt, troch J.E. Hageman makke. It is it tredde plak wêr't it oargel stiet. Yn 1929 waard it oernaam fan de Frije Evangelyske Gemeente yn Ljouwert.
De tsjerke mei sealtektoer is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Stinstrastate
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Stinstrastate (Foudgum).
Eartiids stie oan de súdlike kant fan de terp yn Foudgum de Stinstrastate (ek wol Stenstera State). De stins stie earst op de terp en nei it bedykjen dernjonken. Tzaling Stenstera soe de earste bewenner west ha. Troch it houlik fan Frau Stenstera mei Hero fan Burmania gyng de stins op de Burmania's oer, dy't it besit yn 1640 ferkochten. De neikommende bewenners neamden har Stinstra. Nei 1640 wurdt Stinstra, útsein ien kear yn de Tegenwoordige Staat net mear neamd. De kadastrale kaart fan 1830 lit dêr in pleats sjen, mar sûnder namme.[4]
Mienskip
bewurkje seksjeFoudgum wurket in soad gear mei de doarpen Boarnwert, Raard, Waaksens en Brantgum. Doarpsbelang dielt Foudgum mei Waaksens en Brantgum. It doarpshûs stiet yn Brantgum. Dy trije doarpen organisearje ek mei-inoar it doarpsfeest, dat ienris yn de twa jier mei keatsen fierd wurdt.
Tsjerke
bewurkje seksjeTsjerklik foarmet Foudum mei Raard en Boarnwert de protestantske gemeente 'Meiïnoar Ien Raard-Foudgum'.
Skoalle
bewurkje seksjeYn 1882 waard de legere skoalle fan Foudgum sletten; it gebou waard te brekfallich en it tal bern te lyts. De Foudgumer bern moasten doe nei de Ids Wiersmaskoalle fan Brantgum, oant ek dy ticht moast fanwegen it lytse tal bern. Tsjintwurdich moatte de bern nei Boarnwert (prot. kristlik) of Dokkum.
Ferienings
bewurkje seksje- Doarpsbelang Foudgum-Waaksens-Brantgum
- Fûgelwacht Brantgum/Raard
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeFoudgum hat yn it ferline wolris mear ynwenners hân, mar ek hjir hat de ûntfolking fan it plattelân taslein.
Jier | 1744 | 1799 | 1859 | 1869 | 1889 | 1920 | 1930 | 1954 | 1964 | 1971 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 73 | 89 | 119 | 123 | 141 | 144 | 142 | 165 | 113 | 90 |
Jier | 2000 | 2010 | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 80 | 80 | 80 | 75 |
Piet Paaltjens
bewurkje seksjeIen fan de bekendste bewenners fan it doarp hat faaks François Haverschmidt west. François Haverschmidt (Ljouwert, 14 febrewaris 1834 - Skiedam 19 jannewaris 1894), ek bekend as Piet Paaltjens. Fan 1859 oant 1863 wenne Havenschmidt yn de pastorij en waard nei syn amtstiid yn Ljouwert yn Foudgum beneamd. Hy waard bekend om syn ferhalen, fersen en foardrachten. François Haverschmidt wie in depressive man, dy't him úteinlik yn Skiedam ferhinge yn 'e bedstee mei it gerdinekoarde .
Yn 1994 is der by gelegenheid fan syn 100e stjerjier in monumintsje makke troch Hille van der Gang. It monumintsje by de tsjerke stelt in iepen bibel en in brutsen hert foar: de twa kanten fan dûmny en dichter.
Neffens de muorre-ankers moat de âlde fan kleastermoppen boude pastorij út 1723 stamme. De lêste dûmnys wennen yn in nije pastorij. Tsjin it tsjerkhôf oan stiet 'It Lokaal', de kosterswente en it tsjerklike tsjinstgebou. François Haverschmidt joech dêr les en kategisaasje. It is noch te sjen dat it boud is as skoalle. No is it in ûnderdiel fan de âlde kosterswente.
Strjitten
bewurkje seksjeDe Terp, Doekemawei, François Haverschmidtwei, Heemstrawei, Kolkreed, Piet Paaltjenspaad, Pijbemawei.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer oer de skiednis, sjoch op dizze side
|