[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

World War Z (film)

Ut Wikipedy
World War Z
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Marc Forster
produsint Brad Pitt
Dede Gardner
Jeremy Kleiner
Ian Bryce
senario Matthew Michael Carnahan
Drew Goddard
Damon Lindelof
basearre op de roman fan Max Brooks
kamerarezjy Ben Seresin
Robert Richardson
Newton Thomas Sigel
muzyk Marco Beltrami
filmstudio Skydance Media
Hemisphere Media Capital
GK Films
Plan B Entertainment
2DUX²
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Brad Pitt
Mireille Enos
byrollen Daniella Kertesz
Fana Mokoena
Peter Capaldi
Pierfrancesco Favino
James Badge Dale
Ludi Boeken
David Morse
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 juny 2013
foarm langspylfilm
sjenre horroraksje-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $190–269 miljoen
opbringst $540,0 miljoen
prizen 1 × Saturn Award

World War Z is in Amerikaanske apokalyptyske horroraksje-aventoerefilm út 2013 ûnder rezjy fan Marc Forster, mei yn 'e haadrollen Brad Pitt en Mireille Enos. De titel betsjut "Wrâldoarloch Z". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Max Brooks. It ferhaal giet oer in pandemy fan in nij, ûnbekend firus, dat de slachtoffers binnen de koartste kearen omfoarmet ta sombys mei in ûnwjersteanbere oandriuw om oare minsken te biten en sa it firus troch te jaan. Middenmank dizze somby-apokalyps reizget Gerry Lane, in eardere ûndersiker foar de Feriene Naasjes, de wrâld ôf op 'e siik nei de boarne fan it firus, yn 'e hope dat er dêrmei ek in oplossing fine sil. World War Z krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Saturn Award. De produksje fan in ferfolchfilm rûn lykwols yn 2019 op 'e non, nei't it skynt omreden fan budgetêre swierrichheden.

Gerry Lane, in eardere ûndersiker foar de Feriene Naasjes, en syn frou Karin en dochters Rachel, fan alve, en Connie, fan acht, sitte fêst yn in file yn it sintrum fan harren wenplak Philadelphia, wannear't de stêd ûnder de foet rûn wurdt troch in oanwaaksende kliber sombys. Lane ûntdekt dat it mar tolve sekonden duorret foar't immen dy't troch in somby biten is, sels yn in somby feroare is. Lane en syn gesin ûntsnappe yn in efterlitten camper út 'e yn gaos ferkearende stêd en ride nei Newark ta, dêr't se nei in besyk oan in supermerk om foarrieden yn te slaan, besykje it plat dak fan in oanbuorjende appartemintekompleks te berikken. Lane hat nammentlik tillefoanysk kontakt hân mei syn eardere baas, ûndersekretaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes Thierry Umutoni. Dyselde hat ferlet fan immen mei Lane syn feardichheden en ûnthjit om in helikopter te stjoeren om Lane en syn húshâlding op te pikken.

As ek Newark troch de sombys ûnder de foet rûn wurdt, slagget it harren lykwols net om it dak te berikken. Ynstee sykje se beskûl by in Latino-húshâlding dy't yn ien fan 'e apparteminten yn it gebou wennet. Dêr bringe se de nacht troch. De oare moarns ier risselwearje se om fuort. Se biede harren gastgesin oan om harren mei te nimmen, mar dy slane dat oanbod ôf. Yn it treppehûs ûnderweis nei it dak wurde Lane en syn húshâlding oanfallen troch sombys, mar hy wit de oanfal ôf te slaan. Underwilens brekke de sombys yn it appartemint fan it Latino-gesin yn en deadzje de heit en mem. Inkeld Tomás, in jonkje fan Rachel har jierren, wit te ûntkommen en jout him yn it treppehûs by Lane. Hy en Karin beslute neitiid dat se no trije bern hawwe. De sombys besykje it dak fan it appartemintekompleks te berikken, mar Lane wit harren tsjin te kearen oant de ûnthjitten helikopter arrivearret, wêryn't hy en syn gesin ûntkomme.

De Lanes wurde nei in Amerikaansk fleandekskip yn 'e Atlantyske Oseaan ta brocht, dat in mânske float fan oare marineskippen en boargerskippen fan alderhanne nasjonaliteiten om him hinne sammele hat en de 'Atlantyske Float fan 'e Feriene Naasjes' neamd wurdt. Dy stiet ûnder lieding fan admiraal Mullenaro fan 'e Amerikaanske Marine. Thierry Umutoni is dêr ek oan board. Fan him kriget Lane te hearren dat it om in hommels opkommen wrâldwide pandemy giet, feroarsake troch in nij, ûnbekend firus. Troch de tige koarte ynkubaasjetiid is de opmars fan 'e sombys frijwol net tsjin te kearen en binne hast alle grutte stêden der al ûnder strûpt. Mullenaro en Umutoni sette Lane ûnder druk om wer as ûndersiker foar de Feriene Naasjes op 'en paad te gean, lykas yn it ferline, mar Lane is dêr net foar de poerlegrap mei opholden, dat hy hat dêr gjin sin oan. As Mullenaro der lykwols op wiist dat der oan board fan syn skip gjin romte is foar lju dy't gjin essinsjele funksje hawwe, en dat er Lane en syn gesin dêrom fan board sette sil as er net meiwurket, jout Lane ta.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Umutoni bringt Lane yn 'e kunde mei Andrew Fassbach, in briljante jonge firolooch fan 'e Universiteit fan Harvard, dy't de lieding hat oer it ûndersyk nei de oarsprong fan 'e útbraak fan it firus. Fassbach hâldt út dat de ûntwikkeling fan in faksên ôfhinget fan it finen fan in swak plak yn it firus. Dêrom moat útsocht wurde wêr't it weikomt. Om't de term 'sombys' foar it earst brûkt is yn in memo dat ôfkomstich wie fan Camp Humphreys, in grutte Amerikaanske legerbasis yn Súd-Koreä, wurde Fassbach en Lane dêr mei in eskorte fan Navy SEALs (kommando's fan 'e Amerikaanske Marine) hinne stjoerd yn in Lockheed C-130 Hercules-transportfleantúch. Fassbach kriget in pistoal tastoppe, mar Lane warskôget him dat er de finger fan 'e trekker ôf hâlde moat, om net by fersin te sjitten.

As de Hercules by nacht yn 'e rein yn Camp Humphreys lânet en Lane-en-dy útstappe, wurde se oanfallen troch sombys. Fassbach rekket yn panyk en besiket werom te gean, it fleantúch yn, mar glidet út op 'e laadklep dy't glysterich wurden is troch de rein. Hy knoffelet del en sjit himsels by it delkommen by fersin troch de holle om't er net nei Lane harke hat doe't dy him fertelde dat er de finger fan 'e trekker ôf helje moast. Lane en de oerlibbene Navy SEALs wurde rêden troch in groep ûnynfektearre Army Rangers (kommando's fan it Amerikaanske Leger), dy't ûnder befel steane fan kaptein Speke. Dyselde fertelt Lane dat it firus yn Camp Humphreys yntrodusearre wie troch in legerdokter dy't earder nei in needgefal yn in doarp yn 'e neite fan 'e basis west hie. It docht bliken dat de ynkubaasjetiid doe noch folle langer wie. Om't Speke en syn mannen de sikeboech, dy't op 'e basis de boarne fan it firus wie, platbaarnd hawwe, werby't alle papierwurk fan 'e dokter ferlern gien is, rint it spoar nei de oarsprong fan it firus dea.

By tafal komt Lane der lykwols efter dat op 'e basis in âld spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA finzen holden wurdt, dy't trapearre is op it dwaan fan wapenleverânsjes oan Noard-Koreä. As er de man befreget, fertelt dy him dat Noard-Koreä in probate, sij it brute metoade fûn hat om it firus tsjin te kearen: by alle 23 miljoen ynwenners fan it lân binne yn 24 oeren alle tosken lutsen. Dat hâldt de fersprieding fan it firus tsjin, want sûnder tosken kin men net bite. De CIA-man rikkemandearret Lane lykwols oan om nei Israel te gean, dat fiif dagen foar't it firus him oer de wrâld begûn te fersprieden de bou fan in fyftich meter hege muorre om it hiele lân hinne foltôge en alle grinzen tichtdien hat. Hy jout him de namme fan Jurgen Warmbrunn, in heechpleatste funksjonaris by de Israelyske feilichheidstsjinst Mossad.

It skynt dat de sombys oanlutsen wurde troch leven, dat Lane-en-dy besykje sa súntsjes mooglik de Hercules by te tanken om wer fuort te kinnen. Krekt op dat stuit wurdt Lane op syn satellyttillefoan opskille troch syn oer him yn noed sittende frou Karin. Dêrmei stjoert se him ûnbedoeld de sombys op 'e hûd, en Lane en syn piloat kinne inkeld fan Camp Humphreys fuortkomme troch de selsopoffering fan kaptein Speke en ferskate oare Rangers en SEALs.

Yn Jeruzalim oankommen lit Lane de piloat yn 'e Hercules efter en giet er sels de stêd yn foar in moeting mei Warmbrunn. Dyselde fertelt dat it firus nei alle gedachten yn Yndia ûntstien is. Hy leit út dat de Mossad radioboadskippen opfongen hie fan Yndiaaske troepen dy't útholden dat se tsjin rakshasa's ("demoanen") fochten, wat de Mossad as sombys ynterpretearre. Alle middels dy't de Israelyske steat ta syn foldwaan hie, waarden doe ynset foar it ôfbouwen fan 'e muorren dêr't se dochs al mei oan 'e gong wiene, sadat it lân himsels yn karantêne pleatse koe. Warmbrunn lit Lane sjin dat de Israelyske Definsjemacht mei autobussen flechtlingen út 'e omlizzende lannen hellet. As de ferromme flechtlingen lûd begjinne te sjongen, wurde de sombys dêr lykwols troch oanlutsen. Se klimme oerinoar hinne om by de muorre op te kommen en foarmje sa úteinlik in reuseftige bulte dy't oaren as in trep nei boppen brûke. Sa komme se oer de hege muorren hinne, en as se binnen de muorre de earste minsken begjinne te ynfektearjen is der gjin hâlden mear oan en is it noch mar in kwestje fan tiid foar't ek Israel ûnder de foet rûn wurdt.

Warmbrunn jout in geweargroep Israelyske soldaten befel om Lane feilich werom te bringen nei syn fleantúch. Yn 'e nauwe strjitsjes fan Jeruzalim wurde se lykwols middenmank de yn panyk fuortflechtsjende boargers oanfallen troch de sombys. Ferskate soldaten komme om en in jonge froulike soldaat wurdt yn 'e lofterhân biten. Lane brûkt in grut mês út har taris om har fluch de hân ôf te slaan, foar't it firus him fia har bloed nei oare dielen fan har lichem ferspriede kin. Mei de ferwûne soldate, dy't Segen hjit, berikt er de lofthaven, dêr't lykwols blykt dat syn senuweftige piloat al útpykt is mei de Hercules. Lane en Segen ferskaffe harrensels tagong ta in Wytrussysk ferkearsfleantúch dat op it punt stiet om fuort en ûntkomme sa út it ferlerne Jeruzalim.

Lane prakkesearret nei oer wat er yn Jeruzalim sjoen hat: de sombys negearren in âldman en in útmergele keale jonge en streamden as in rivier om harren hinne. Dat strykt mei wat kaptein Speke him yn Súd-Koreä fertelde: ien fan syn soldaten, in man dy't oer de side gie troch in oandwaning oan syn skonk, hiene de sombys totaal gjin belangstelling foar. Lane ornearret dat de sombys inkeld sûne minsken ynfektearje wolle en lju dy't oanhelle binne mei in deadlike sykte gewurde litte. Hy skillet Umutoni op en lit it fleantúch, dat dochs al gjin fêste bestimming hie, útwike nei de Welske haadstêd Cardiff, dêr't de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) in laboratoarium hat. Underweis ûntdekt in stewardess lykwols in ferstekling dy't in somby blykt te wêzen. Sa brekt it firus ek út ûnder de passazjiers oan board fan it grôtfolle fleantúch. Lane hat gjin oare kar as om him en Segen de sombys fan it liif te hâlden troch ien fan har hângranaten te brûken. De ûntploffing blaast in gat yn 'e romp fan it fleantúch, mei as gefolch dat alle sombys nei bûten ta sûgd wurde. It fleantúch stoart del op it plattelân fan Wales.

As Umutoni 48 oeren lang neat mear Lane heart, giet admiraal Mullenaro derfan út dat Lane omkommen is. Hy lit Karin en de trije bern oerpleatse fan syn fleandekskip nei in folle minder feilige "feilige sône" yn 'e omkriten fan Freeport, yn 'e Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân. Lane en Segen oerlibje lykwols de fleanramp, mar Lane hat in stik metaal dwers troch syn búk krigen. Se witte mei muoite it laboratoarium te berikken, dêr't Lane by de tagongsdoar bewusteleas yninoar sakket. Hy en Segen krije medyske help, en trije dagen letter komt er wer by en fertelt er de dokters fan 'e WHO dy't yn it laboratoarium wurkje oere syn teory. Hy is der min oer te sprekken as er fan Umutoni heart wat admiraal Mullenaro dien hat, mar tagelyk beseft er dat er syn gesin it bêste helpe kin troch syn teory te testen.

Dêrfoar moat er himsels ynjektearje mei in deadlike mar genêsbere sykte om as "kamûflaazje" te tsjinjen tsjin 'e sombys. Probleem is allinnich dat al sokke patogenen opslein binne yn in kuolromte yn Fleugel B fan it laboratoarium. En lit dêr no krekt in útbraak fan it sombyfirus plakfûn hawwe wêrby't tachtich wurknimmers fan 'e WHO besmet rekke binne. Lane, Segen en de direkteur fan it laboratoarium weagje harren yn dat diel fan it gebouwekompleks, mar as se efterfolge wurde troch de sombys, reitsje se inoar kwyt. Segen en de direkteur wurde weromjage nei it oare diel fan it gebou, mar as alle sombys efter harren oan geane, slagget it Lane om 'e kuolromte te berikken. Wannear't er mei alle patogenen yn in trompke wer fuort sil, stiet der lykwols foar de doar fan 'e kuolromte ien somby te wachtsjen. Lane hat gjin oare kar as om himsels fuortendaliks mei in deadlike sykte te ynjektearjen. As Lane de mei in koade befeilige doar iependocht, blykt syn teory korrekt te wêzen: de somby negearret him. Dêrtroch kin er rêstich mei it trompke by him tusken de oare sombys troch nei it barrikadearre diel fan it laboratoarium kuierje, wêrnei't er troch de WHO-dokters ynjektearre wurdt mei in faksên tsjin 'e sykte dêr't er himsels mei besmet hat.

Lane en Segen reizgje nei de feilige sône by Freeport, dêr't Lane weriene wurdt mei wiif en bern. Troch syn wurk wurdt no in faksên ûntwikkele dat minsken kamûflearje kin tsjin 'e sombys. Oerlibbenen kinne dêrtroch evakuëarre wurde út ferlerne gebieten en troepen kinne yn it offinsyf gean. It is net de ein fan 'e striid, mar it begjin fan in nij stadium yn 'e pandemy.

Brad Pitt.
Mireille Enos.
haadrollen
personaazje                                        akteur/aktrise
Gerry Lane Brad Pitt
Karin Lane Mireille Enos


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Segen Daniella Kertesz
Thierry Umutoni, ûndersekretaris-generaal fan 'e FN Fana Mokoena
dokter fan 'e WHO yn Wales #1 Peter Capaldi
dokter fan 'e WHO yn Wales #2 Pierfrancesco Favino
kaptein Speke, befelfierder yn Camp Humphreys yn Súd-Koreä James Badge Dale
Jurgen Warmbrunn, in spesjaal agint fan 'e Mossad Ludi Boeken
âld-agint fan 'e CIA David Morse
Connie Lane Sterling Jerins
Rachel Lane Abigail Hargrove
Tomás Frabrizio Zacharee Guido
dokter fan 'e WHO yn Wales #3 Ruth Negga
dokter fan 'e WHO yn Wales #4 Moritz Bleibtreu
dr. Andrew Fassbach Elyes Gabel
admiraal Mullenaro David Andrews
kommandant fan 'e Navy SEALs John Gordon Sinclair
soldaat Ellis Michiel Huisman
piloat fan 'e Lockheed C-130 Hercules Grégory Fitoussi
gesachfierder fan it ferkearsfleantúch fan Belarus Airlines Nikola Ðuričko
earste ofsier fan it ferkearsfleantúch fan Belarus Airlines Denis Istsjenko
Amerikaanske soldaat yn helikopter Matthew Fox

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

World War Z waard basearre op 'e roman World War Z fan Max Brooks, út 2006. Nei in biedoarloch mei Appian Way Productions, de filmstudio fan Leonardo DiCaprio, wist Brad Pitt syn Plan B Entertainment dêr yn 2007 de filmrjochten op te bemachtigjen. De earste ferzje fan it senario waard skreaun troch J. Michael Straczynski, mar letter waard it hielendal werskreaun troch Matthew Michael Carnahan, en dêrnei eiden Drew Goddard en Damon Lindelof it ek nochris oer.

Regisseur Marc Forster.

De film waard regissearre troch Marc Forster. As produsinten wiene Pitt, Dede Gardner, Jeremy Kleiner en Ian Bryce by it projekt belutsen foar de filmstudio's Skydance Media, Hemisphere Media Capital, GK Films, Plan B Entertainment en 2DUX². Foar de film wie in budget beskikber fan $190 oant 269 miljoen, ôfhinklik fan hokker boarne men leauwe wol. De filmmuzyk waard fersoarge troch Marco Beltrami.

De kamerarezjy wie oarspronklik yn 'e hannen fan Robert Richardson, mar dy ferliet de produksje tsjin 'e ein fan 'e opnamen abrupt om oan Django Unchained fan Quentin Tarantino te wurkjen. Syn assistint Newton Thomas Sigel makke de opnamen ôf. By lettere reshoots wie Ben Seresin de kameraregisseur. It wie eins de bedoeling om Richardson yn 'e begjintitels en op 'e ôftiteling as kameraregisseur te neamen, mar doe't hy hearde dat de kleurgradaasje fan World War Z oansjenlik feroare wie, tsjinne er in fersyk yn om net neamd te wurden.

De filmset fan World War Z op George Square yn Glasgow yn augustus 2011.

De opnamen foar World War Z setten yn july 2011 útein en duorren oant en mei 4 novimber fan dat jier. Reshoots fûnen plak yn septimber en oktober 2012. Der waard filme op lokaasje yn Malta, Súd-Koreä, Hongarije en yn Londen en Glasgow yn it Feriene Keninkryk. De sênes dy't yn Philadelphia spylje, waarden eins opnommen yn Glasgow. De sênes oan board fan it fleandekskip waarden filme oan board fan it befoarriedingsskip fan 'e Britske Keninklike Marine de RFA Argus.

It wie oarspronklik de bedoeling dat World War Z einigje soe mei in klimaktysk treffen tusken sombys en soldaten yn 'e Russyske haadstêd Moskou. Dat soe opnommen wurde yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. De opnamen fan dy sênesekwinsje soe begjinne op 10 oktober 2011. Dy moarns foel de terrorismebestridingsienheid fan 'e Hongaarske plysje lykwols it pakhûs binnen dêr't de fjoerwapens ôflevere wiene dy't foar de sênes as rekwisiten brûkt wurde soene. It die bliken dat de 85 mitrailleurs, pistoalen en skerpskuttergewearen troch de filmprodusinten yn in priveefleantúch nei Boedapest ta flein wiene en nea oanjûn wiene by de Hongaarske dûane. It bygeande papierwurk sei dat se ûnbrûkber makke wiene, mar se blieken allegearre noch folslein funksjoneel te wêzen. De Hongaarske autoriteiten namen de hele boel dêrom yn beslach. Om't net útmakke wurde koe wa't de eigner fan it wapenreau wie, kaam it lykwols net ta in rjochtsaak. De opnamen foar striid yn Moskou koene neitiid lykwols net trochgean.

De distribúsje fan World War Z waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 2 juny 2013 yn Londen yn premiêre, en wie op 20 juny ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou. Yn 'e Feriene Steaten waarden op 14 juny premiêres holden yn sawol New York as Los Angeles, wêrnei't de film op 21 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 18 juny by platemaatskippij Warner Bros. Records. World War Z waard op 24 septimber 2013 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige World War Z oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper de film yn 'e Chicago Sun-Times 31/2 fan 4 stjerren. Hy omskreau World War Z as "sa fermaaklik as wat" en woe hawwe dat de film "frijwol oan ien wei troch aksje leveret". Yn it tydskrift Rolling Stone parte Peter Travers de film 3 fan 4 stjerren ta; hy skreau: "de spanning is om yn te bliuwen". Scott Foundas fan Variety fûn de film "ferrassend fernimstich" en "in ynbyldingsrike tafoeging oan 'e kanon fan sombyfilms".

In protte resinsinten hiene lof foar it aktearjen fan Brad Pitt en foar de film as in reälistyske kyk op in somby-apokalyps, mar der wie ek krityk, benammen op 'e as antyklimaktysk beskôge ein, de efter de tiid rekke special effects en it gebrek oan trou oan it boarnemateriaal, te witten: de roman fan Max Brooks. Neffens A.O. Scott fan The New York Times besocht de film net de grinzen fan kommersjeel fermaak op te sykjen, mar "docht er wat er kin om ynteressante manearen te finen om 'e tiid troch te bringen binnen dy grinzen." Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times fûn dat World War Z "in bytsje rint as wie it in searje fan ferskillende films".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat World War Z in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 279 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [de film] ûnlykmjittich is en ôfwykt fan 'e boarne foeget World War Z op fernimstige wize en yn in heech tempo spanning en in solide aktearprestaasje fan Brad Pitt ta oan it sombysjenre." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet World War Z in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 46 resinsjes.

Haadrolspiler Brad Pitt op 'e Australyske premiêre fan World War Z yn Sydney.

World War Z brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $202,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $337,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $540,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $190 oant 269 miljoen betsjut dat in winst fan $271 oant 350 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

World War Z wûn de Saturn Award foar bêste skrillerfilm. De film waard fierders ek nominearre foar de Satellite Award foar favorite simmerfilm (aksje-aventoer) en foar de Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in spylfilm (Abigail Hargrove).

Skraste ferfolchfilm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in artikel yn 'e Los Angeles Times út jannewaris 2012 seagen regisseur Marc Foster en filmstudio Paramount Pictures World War Z op dat stuit as in filmtrilogy. Nei de problematyske produksje fan 'e film waarden plannen foar ferfolchfilms lykwols op 'e lange baan skood. Doe't ein 2013 konkludearre waard dat de opbringst tafoel, woe Paramount wol wer foarút mei in ferfolchfilm. Dy kaam lykwols fêst te sitten yn 'e preproduksjefaze. Nei jierren fan tariedings soene de opnamen yn juny 2019 úteinsette, mar yn febrewaris fan dat jier waard derfan ôfsjoen. Neffens de produsinten wie dat om't se it budget net rûn krigen, mar in boarne yn The Hollywood Reporter woe hawwe dat in nij ferbod fan it regear fan Sina op films oer sombys en spûken de wiere reden wie. Dat soe it útbringen fan 'e film yn Sina ûnmooglik meitsje en dêrtroch soe de wrâldwide opbringst tefolle omleech drukt wurde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.