2007
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2007 MMVII |
Ab urbe condita | 2760 |
Armeenske kalinder | 1456 ԹՎ ՌՆԾԶ |
Etiopyske kalinder | 1999 – 2000 |
Hebriuwske kalinder | 5767 – 5768 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2062 – 2063 |
- Shaka Samvat | 1929 – 1930 |
- Kali Yuga | 5108 – 5109 |
Iraanske kalinder | 1385 – 1386 |
Islamityske kalinder | 1428 – 1428 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4703 – 4704 癸戌 – 甲亥 |
2007 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 2007.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Roemeenje en Bulgarije wurde lid fan 'e Jeropeeske Uny.
- 1 - Sloveenje fiert de euro yn as muntienheid.
- 1 - Yn Belgje binne de restaurants tenei wetlik smookfrij.
- 1 - It ferkearsfleantúch Adam Air-flecht 574 stoart yn Yndoneezje yn in stoarm del, wêrby't alle 102 ynsittenden omkomme.
- 8 - Omreden fan it Russysk-Wytrussyske enerzjyskeel snijt Ruslân de befoarrieding mei ierdoalje oan Wyt-Ruslân ôf. Dat hat as bykommend gefolch dat ek Poalen, Dútslân en de Oekraïne gjin oalje mear krije, om't de piipliedings dêrhinne troch Wyt-Ruslân rinne.
- 9 - Steve Jobs, de algemien direkteur fan Apple, presintearret yn San Francisco de iPhone, de earste smartphone.
- 11 - Ruslân ferfettet de levering fan ierdoalje oan Wyt-Ruslân, en dêrmei ek oan 'e Oekraïne, Poalen en Dútslân.
- 15 - Under druk fan 'e demokrasybeweging fan 2006 docht yn Nepal kening Gayendra ôfstân fan 'e troan. De monargy wurdt dêrnei ôfskaft.
- 15 - Rafael Correa wurdt beëdige as nije presidint fan Ekwador.
- febrewaris
- 3 - By in bomoanslach op in merk yn 'e Iraakske haadstêd Bagdad komme teminsten 135 minsken om en reitsje 339 oaren ferwûne.
- 19 - Noard-Korea seit ta syn nukleêre program stopsette te sillen yn ruil foar ierdoalje.
- 25 - Abdoulaye Wade wurdt op 'e nij keazen as presidint fan Senegal.
- maart
- 7 - De politike partij DeFriezen docht yn Fryslân foar de earste kear mei oan ferkiezings.
- 15 - In grut part fan 'e wetters yn Fryslân krije de Fryske toponimen as offisjele namme.
- 23-4 april - Britsk marinepersoniel wurdt troch de Iraanske marine finzen nommen yn wetters dêr't sawol Irak as Iraan oanspraak op meitsje. Hja wurde nei 12 dagen frijlitten.
- 25 - De Jeropeeske Uny fiert har 50e jierdei: yn 1957 waard it Ferdrag fan Rome tekene. Yn Berlyn wurdt de Ferklearing fan Berlyn tekene troch de foarsitters fan de Jeropeeske Rie (Angela Merkel), de Jeropeeske Kommisje (José Manuel Durão Barroso) en it Jeropeesk Parlemint (Hans-Gert Pöttering).
- 25 - SN Brussels Airlines en Virgin Express wurde gearfoege ta in nije loftfeartmaatskippij: Brussels Airlines.
- 26 - Yn it Nigeriaanske plak Gadako komme mear as 70 minsken om as in frachtauto fol benzine omwipt en yn 'e brân fljocht.
- april
- 2 - By in ierdbeving fan 8,1 op 'e skaal fan Richter en de tsûnamy dy't dêrtroch feroarsake wurd, komme op 'e Salomonseilannen 52 minsken om.
- 2 - Smoken yn iepenbiere romten en op it wurk is yn Wales tenei ferbean.
- 16 - By it Bloedbad op Virginia Tech sjit de geastlik steurde studint Seung-Hui Cho 32 minsken dea en ferwûnet er 17 oaren op 'e kampus fan 'e Amerikaanske universiteit Virginia Tech.
- 18 - By in rige bomoanslaggen yn 'e Iraakske haadstêd Bagdad komme krapoan 200 minsken om.
- 25 - Betinking Rommy Henstra yn it Cambuur stadion.
- 26-27 - Yn 'e Estyske haadstêd Tallinn en oare grutte stêden yn it lân fynt de Brûnzen Nacht plak, wêrby't leden fan 'e etnysk Russyske minderheid yn Estlân in opskuor feroarsaakje by wize fan protest tsjin it ferpleatsen fan 'e saneamde Brûnzen Soldaat, in Sovjet-monumint foar de Twadde Wrâldoarloch.
- maaie
- 6 - Nicolas Sarkozy wurdt keazen as presidint fan Frankryk. Mei 53% fan de stimmen wint er it fan Ségolène Royal.
- 17 - De Russysk-Otterdokse Tsjerke fan it Patriargaat fan Moskou en de Russysk-Otterdokse Tsjerke om Utens werienje har nei in skisma fan 80 jier.
- 26 - Ruslân wurdt erkend as folsleine supermacht troch de Feriene Steaten.[1]
- 28 - Nepal wurdt in sosjalistyske republyk.
- juny
- juny - De Palestynske organisaasje Hamas ferjaget yn it ramt fan it konflikt tusken Fatah en Hamas de rivalisearjende Fatah-beweging en grypt alle macht yn 'e Gaza-stripe. Neitiid leit Fatah yn it Westjordaanlân it near op it oanhingjen fan Hamas. De Palestynske Autoriteit rekket dêrmei yn 'e praktyk ferdield yn twa aparte minysteatsjes.
- 1 - De Fryske studinteferiening Skanomodu wurdt oprjochte.
- 5 - De romtesonde MESSENGER, fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, fljocht foar de twadde kear deunby Fenus lâns en giet fierder nei Merkuerius.
- 28-3 septimber - By oanhâldende boskbrannen yn Grikelân, dy't útbrekke ûnder de Jeropeeske hjitteweach fan dizze simmer, giet 2.711 km² lân yn flammen op en komme 84 minsken om.
- 29 - De iPhone, de earste smartphone, komt yn 'e Feriene Steaten beskikber foar ferkeap.
- july
- 7-29 - De Omgong fan Frankryk wurdt holden. De tocht begjint yn Londen.
- 11 - De Eastfryske politike partij Die Friesen wurdt oprjochte.
- 12-25 - Yn Fryslân wurdt it SKS-skûtsjesilen holden.
- 17 - It ferkearsfleantúch TAM Airlines-flecht 3054 glidet op 'e Brazyljaanske Lofthaven Congonhas-São Paulo fan 'e lâningsbaan en ramt in warehûs, wêrby't 199 minsken omkomme.
- 24 - Nei acht en in heal jier yn it tichthús sitten te hawwen, wurde yn Lybje fiif Bulgaarske ferpleechkundigen frijlitten. Dêrmei komt in ein oan 'e saneamde Libyske HIV-rjochtsaak.
- 24 - De 5.000e side fan 'e Fryske Wikipedy wurdt skreaun: seksferslaving.
- 27 - Yn Fryslân wurdt it Akwadukt Langdeel iepene.
- augustus
- 1 - De 150e edysje fan 'e PC yn Frjentsjer wurdt wûn troch Johan van der Meulen, Taeke Triemstra en Auke van der Graaf.
- 9 - De Frânske bank BNP Paribas leit it near op 'e ferkeap fan belangen yn riskante hypoteken troch trije Britske ynvestearringsfûnsen. Dit is it ierste begjin fan 'e Bankekrisis.
- 14 - By de bomoanslaggen op 'e Jezidyske mienskippen, troch islamistyske terroristen te Katanija en Djaziera yn noardlik Irak, komme 796 minsken om.
- 15 - Yn Birma brekt de Saffraanrevolúsje út, wêrby't boedistyske mûntsen (yn saffraankleurige pijen) foarop geane yn 'e protesten tsjin 'e militêre diktatuer dy't it lân regearret.
- 15 - By in swiere ierdbeving fan 8.0 op 'e skaal fan Richter komme yn Perû teminsten 519 minsken om en reitsje mear as 1.300 oaren ferwûne.
- 20 - Futsal Ljouwert wurdt Futsal Cambuur.[2]
- septimber
- 3 - De Amerikaanske aventoersman Steve Fosset stoart mei in fleanmasine del yn 'e Sierra Nevada (Kalifornje). Syn stoflik omskot wurdt pas yn septimber 2008 weromfûn.
- 6 - De loftmacht fan Israel fiert in oanfal út yn Syrje op wat neffens Israelyske bewearings in nukleêre reäktor wêze soe.
- 13 - De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes nimt de Ferklearring oangeande de Rjochten fan Lânseigen Folken (DRIP) oan.
- 16 - By it Bloedbad op it Nisoerplein iepenet in groepke wurknimmers fan it Amerikaanske partikulier militêr bedriuw Blackwater yn 'e Iraakske haadstêd Bagdad it fjoer op ûnwapene boargers. Dêrby falle 17 deaden en reitsje 20 oaren ferwûne.
- oktober
- 1 - It Saailân yn Ljouwert wurdt werynrjochte y.f.m. de bou fan it nije Frysk Museum oan 'e eastkant fan it plein.[3]
- 19 - Yn 'e Portegeeske haadstêd Lissabon komme de regearingslieders fan de Jeropeeske Uny it Ferdrach fan Lissabon oerien.[4]
- novimber
- 1 - De Switserske tennisster Martina Hingis wurdt posityf teste op kokaïne en hâldt op mei tennissen.
- 6 - By in bomoanslach troch in selsmoardterrorist yn 'e Afgaanske stêd Mazar-i-Sjarif komme teminsten 50 minsken om, ûnder wa 6 leden fan it Afgaanske parlemint.
- 9 - In Noardwesterstoarm jaget oer de Fryslannen.
- 16 - De sykloan Sidr komt oan lân yn Bangladesj. Dêrby fine mooglik wol 15.000 minsken de dea.
- desimber
- 5 - By in sjitpartij yn it winkelsintrum Westroads Mall, yn 'e Amerikaanske stêd Omaha (Nebraska), falle 8 deaden en 4 ferwûnen.
- 9 - De Sealterfryske Wikipedy hat 500 siden.
- 11 - De sweeftrein dy't fan Amsterdam nei Grins oanlein wurde soe, giet werom nei Dútslân.[5]
- 13 - De lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny ûndertekenje it Ferdrach fan Lissabon. Dat is de Jeropeeske Grûnwet út 2004 ûnder in oare namme. Op dizze wize wurdt de ôfwizing fan dy grûnwet by referindum troch de befolkings fan Frankryk en Nederlân negearre.
- 21 - Yn Estlân, Letlân, Litouwen, Malta, Sloveenje, Tsjechje, Hongarije en Slowakije wurde de Schengen Oerienkomsten fan krêft.
- 23 - It Fryske doarp Grou hat in sportprimeur troch in earste iisbaan fan keunststof yn 'e iepen loft te iepenjen.
- 27 - Benazir Bhutto, de eardere premier fan Pakistan, wurdt by in bomoanslach yn Rawalpindi fermoarde. Behalven har komme ek teminsten 80 oare minsken om it libben.
- 27 - Der brekt in grutte opskuo] út yn 'e Keniaanske stêd Mombasa as Mwai Kibaki útroppen wurdt ta winner fan 'e troch ûngeregeldheden ûntsierde Keniaanske ferkiezings. Dit is it begjin fan 'e Keniaanske Ferkiezingskrisis (2007-2008).
- sûnder datum
- Mauretaanje is it lêste lân op 'e wrâld dat slavernij by wet strafber stelt.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 10 - Herman Bode, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder (* 1925)
- 22 - Sjoerd Nieuwland, Frysk dirigint (* 1917)
- febrewaris
- maart
- 6 - Feite de Jager, Frysk keatser (* 1915)
- 8 - Herman Ridderbos, Frysk heechlearaar teology (* 1909)
- 10 - Willy Wester, Frysk moardslachtoffer (* 1958)
- 21 - Klaas Sierksma, Frysk heraldikus (* 1918)
- april
- 8 - Uilke Tuinstra, Frysk dichter (* 1915)
- 11 - Kurt Vonnegut, Amerikaansk skriuwer en skilder (* 1922)
- 20 - Kees Visscher, Nederlânsk skriuwer (* 1930)
- 22 - Rommy, Frysk sjonger (* 1950)
- maaie
- 15 - Theo Griep, Sealterfrysk skriuwer (* 1916)
- 29 - Jitze Grondsma, Frysk skûtsjeskipper (* 1948)
- juny
- 11 - Hanny Michaelis, Nederlânsk dichteres (* 1922)
- 18 - Janny van der Knoop, Frysk skriuwster (* 1925)
- 20 - Bart Tromp, Nederlânsk sosjolooch en politikolooch (* 1944)
- july
- 11 - Lady Bird Johnson, Amerikaansk presidintsfrou (* 1912)
- 14 - Romke Kalma, Frysk konsert-, opera en oratoariumsjonger (* 1921)
- 15 - Schelto Patijn, Nederlânsk politikus (* 1936)
- 16 - Ulbe Hannema, Frysk sportbestjoerder, foarsitter PC (* 1923)
- 23 - Ernst Otto Fischer, Dútsk skiedkundige (* 1918)
- 30 - Ingmar Bergman, Sweedsk regisseur (* 1918)
- augustus
- 8 - Gesina Lechte-Siemer, Sealterfrysk skriuwster (* 1911)
- 10 - Theresa Lamebull, Amerikaanske taalaktiviste (* 1896)
- 14 - Watze Tjebbe Beetstra, Frysk apteker en skied- en nammekundige (* 1916)
- 17 - Jos Brink, Nederlânsk presintator en kabaretier (* 1942)
- 29 - Richard Jewell, Amerikaansk befeiliger en wetshanthaver (* 1962)
- septimber
- 4 - Gerard Poiesz, Frysk ûndernimmer, mei-oprjochter Poiesz Supermerken (* 1921)
- 6 - Luciano Pavarotti, Italjaansk operasjonger (* 1935)
- 7 - Hartman Hoekstra, Frysk politikus (* 1926)
- 23 - Berend Bijlsma, Frysk ûnderwiisynspekteur (* 1933)
- oktober
- 5 - Leo de Hartogh, Nederlânsk akteur (* 1916)
- 7 - Henk van Brussel, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrainer (* 1936)
- 7 - Johannes Faber, Frysk skiedkundige (* 1925)
- 16 - Deborah Kerr, Skotsk aktrise (* 1921)
- 19 - Jan Wolkers, Nederlânsk skriuwer (* 1925)
- 20 - Harm van der Meulen, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder en politikus (* 1925)
- 30 - Teun Tolman, Frysk boer en politikus (* 1924)
- 30 - Paul Römer, Nederlânsk kameraman en regisseur (* 1928)
- novimber
- 16 - Henk Hornstra, Frysk politikus en bestjoerder (* 1948)
- 25 - Rinnie Kuiper, Frysk keatser (* 1927)
- 28 - Boeli van Leeuwen, Nederlânsk-Antiljaansk skriuwer en dichter (* 1922)
- 30 - Harmen Abma, Frysk keunstner (* 1937)
- desimber
- 5 - Foekje Dillema, Frysk atlete (* 1926)
- 6 - Henri Debehogne, Belgysk astronoom (* 1928)
- 10 - Arne Jansen, Nederlânsk sjonger (* 1951)
- 13 - Swaantsje Monderman, Frysk dichteresse (* 1928)
- 13 - Floyd Red Crow Westerman, Amerikaansk akteur, sjonger en aktivist (* 1936)
- 27 - Tjitte Piebenga, Frysk skriuwer en literatuerkritikus (* 1935)
- 27 - Benazir Bhutto, Pakistaansk politika (* 1953)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- Patricia Briggs, Blood Bound
- Elizabeth Moon, Command Decision
- C.J. Cherryh, Deliverer
- Jeff Kinney, Diary of a Wimpy Kid (oerset yn it Frysk as It Libben fan in Labbekak)
- J.K. Rowling, Harry Potter and the Deathly Hallows
- Tanya Huff, The Heart of Valor
- Kristen Britain, The High King's Tomb
- Julie E. Czerneda, Reap the Wild Wind
- Lois McMaster Bujold, The Sharing Knife: Legacy
- Jim Butcher, White Night
- novelles
- ferhalebondels
- ferskate auteurs, On the Prowl
- Charlaine Harris en Toni L.P. Kelner (red.), Many Bloody Returns
- P.N. Elrod (red.), My Big Fat Supernatural Honeymoon
- koarte ferhalen
- Jim Butcher, Heorot
- Jim Butcher, It's My Birthday, Too
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|