[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Dokter

Ut Wikipedy
Virginia Apgar
In dokter belústeret it hert

In dokter is meastentiids in persoan dy't de genêskunde beoefenet. Sa'n persoan wurdt yn it Nederlânsk ek wol arts neamd. In arts is lykwols in beskerme titel, dy't pas ferkrige wurdt nei in akademyske stúdzje en nei it ôflizzen fan it dokterseksamen.

Yn de genêskunde binne ferskillende soarten dokters:

De doktersoplieding duorret yn Nederlân en Blegië seis jier. De earste jierren binne, fral yn België, teoretysk. De lêste 2 à 3 jierren bringt de studint wat er leard hat yn prakyk yn ferskate sikehuzen en rint staazje yn ferskate spesjalismen; Nederlânske studinten wurde yn dy perioade 'ko-assistint' neamd. De studint mei dan, altyd ûnder tafersjoch fan in medysk spesjalist, diagnoses stelle en behannelingen tapasse. Nei dy staazjes kin it dokterseksamen ôflein wurde en binne jin basisdokter. Sy kinne dan oan it wurk as dokter, al as net yn oplieding ta spesjalist (AIOS/ANIOS). De measte basisdokters studearje fierder foar medysk spesjalist, sa as hûsdokter, ynternist of sjirurch.

Nederlânske universiteiten mei doktersoplieding binne:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]