A.O. Scott
A.O. Scott | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anthony Oliver Scott | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 july 1966 | |
berteplak | Northampton (Massachusetts) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Joadsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | kritikus | |
aktyf as | presintator, filmkritikus | |
jierren aktyf | 1988 – no | |
offisjele webside | ||
A.O. Scott op Twitter |
A.O. Scott (folút: Anthony Oliver Scott; Northampton (Massachusetts), 10 july 1966) is in foaroansteand Amerikaansk kritikus, publisist en presintator, dy't benammen bekend wurden is troch syn wurk as filmkritikus foar The New York Times.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Scott waard yn 1966 berne yn Northampton, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, as de soan fan Donald Scott, in heechlearaar Amerikaanske skiednis oan 'e Stedsuniversiteit fan New York yn New York, en Joan Wallach Scott, in heechleararesse sosjale wittenskippen oan it Ynstitút foar Avansearre Stúdzje yn Princeton (Nij-Jersey). Fia syn mem wied er in âldomke- en -muoikesizzer fan akteur Eli Wallach en dy syn frou Anne Jackson. Oan memmekant is Scott fan Joadsk komôf; syn mem stammet ôf fan Joadske emigranten út Poalen. Scott folge leger ûnderwiis en fuortset ûnderwiis oan skoallen yn Providence, yn Rhode Island. Yn 1988 studearre er magna cum laude ôf oan 'e Universiteit fan Harvard mei in mastergraad yn letterkunde.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Scott begûn syn karriêre by it literêre tydskrift The New York Review of Books, dêr't er assistint wie fan Robert B. Silvers. Letter wied er as literatuerkritikus ferbûn oan 'e krante Newsday, wylst er ek bydroech oan The New York Review of Books en oan it tydskrift Slate. Yn 1993 wurke er ûnder de namme Tony Scott as tillefyzjekritikus foar it tydskrift Daily Variety.
Yn jannewaris 2000 kaam Scott by de foaroansteande Amerikaanske krante The New York Times te wurkjen, doe't Janet Maslin dêr ophold mei filmkrityk (se gie wol troch mei literatuerkrityk). Nei't Elvis Mitchell yn 2004 ûntslach naam, waard Scott de wichtichste filmkritikus foar de Times, in posysje dy't er letter dielde mei Manohla Dargis. Op 9 maart 2020 makke The New York Times bekend dat Scott in jier skoft hâlde soe mei syn filmkrityk, en yn dy tiid maatskippijkrityk yn it algemien jaan soe.
Njonken syn wurk foar de krante, is Scott ek heechlearaar filmkrityk oan 'e Wesleyaanske Universiteit. Hy ferskynt fierders geregeldwei op 'e tillefyzje. Sa wied er yn 2006 en 2007 gastkritikus yn 'e filmrubryk At the Movies with Ebert & Roeper, doe't Roger Ebert in skoft ferstek gean litte moast om't er oanhelle rekke wie mei skyldklierkanker. Yn 2009 en 2010 naam er tegearre mei Michael Phillips, in filmkritikus fan 'e Chicago Tribune, de presintaasje dyselde filmrubryk oer fan Ben Lyons en Ben Mankiewicz. Dat waard lykwols gjin súkses en nei ien inkel seizoen waard it programma stopset fanwegen ôffallende sjochsifers.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Scott wennet yn 'e New Yorkske borough Brooklyn. Hy is troud en hat twa bern.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) A.O. Scott op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan A.O. Scott yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|