[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bloed

Ut Wikipedy
Bliedende finger

Bloed is in floeistof dy't yn it lichem fan in minske of bist sirkulearret en soarget foar de oanfier fan soerstof en fiedingstoffen en de ôffier fan oerstallige stoffen fan de stofwikseling.

By hegere dieren, lykas reptilen, fûgels, amfibyen en sûchdieren (ynklusyf minsk) soarget it ek foar it ferfier fan soerstof en de ôffier fan it ferbaarningsprodukt koalstofdioxide en waarmte. By hegere bisten wurdt it bloed troch in hert rûnpompe yn in sletten systeem fan slachieren, ieren en hierfetten.

Ynsekten lykwols hawwe gjin sletten sirkulaasjesysteem, faak ek gjin soerstofbinende bestândielen yn it bloed en hat it bloed gjin funksje by it sykheljen. Yn sa'n gefal hjit de floeistof hemolymfe.

Oare lidpoatigen hawwe soms wol bloed dat soerstof transportearret, mar meastentiids giet soks net mei hemoglobine, mar mei hemosyanine, in koperhâldend soerstoftransportaaiwyt dat yn it bloed oplost sit.

Dit artikel is in stobbe oer anatomy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Funksjes fan bloed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bloed hat in protte functies en is feitlik in floeiber orgaan. Funksjes, in kar: