[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Aktearjen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aktearprestaasje)

Aktearjen (fan it Frânske acter, "opfieren" of "toanielspyljen") is in minsklike aktiviteit wêrby't men in ferhaal fertelt troch it lichaamlik út te byldzjen en/of it nei te spyljen. In synonym foar aktearjen is toanielspyljen, al wurdt dêrmei meast ferwiisd nei foarmen fan aktearjen wêrby't men fysyk op it toaniel stiet, d.w.s. in live-opfiering fersoarget fan bgl. in toanielstik, musical, opera of operette. De beneaming aktearjen is lykwols ek fan tapassing op net live-wurk, lykas in harkspul, in film of in tillefyzjesearje. Immen dy't aktearret is in akteur (froulike foarm: aktrise) of toanielspiler (toanielspylster). De rol dy't men útbyldet wurdt in personaazje neamd.

Foar aktearjen is breed ferskaat oan feardichheden nedich, wêrûnder net yn it lêste plak in goed ûntwikkele ynbyldingsfermogen. Fierders kin men net sûnder lichaamlike en emosjonele ekspressiviteit, in dúdlike artikulaasje, it fermogen om jins stim drage te litten en it fermogen om in rol te ynterpretearjen. Dêrnjonken ferget aktearjen faak ek it fermogen om ferskillende dialekten te sprekken en/of aksinten te brûken, ymprovisaasjefermogen, dingen neidwaan te kinnen troch ta te sjen hoe't oaren it dogge, en in beskaat talint foar pantomym. In protte akteurs en aktrises oefenje lange tiid op harren keunst troch spesjalisearre kursussen en lesprogramma's te folgjen. Dêrby wurdt harren troch in opienfolging fan ynstrukteurs net inkeld leard hoe't se aktearje moatte, mar faak ek om te sjongen, hoe't se har foar de kamera hâlde en drage moatte en hoe't se it bêste audysjedwaan kinne.

Ien fan 'e ierst bekende akteurs wie yn it âlde Grikelân fan 'e sechsde iuw f.Kr. ien út Ikaria dy't Tespis (Thespis) hiet. Dêrfandinne wurde akteurs yn it Ingelsk yn heechdravende taal ek noch wolris thespians neamd. Ien fan 'e wichtichste pylders fan it aktearjen, dêr't sels de grutste filmstjerren net oan ûntkomme, is it repetearjen fan harren rollen. Lju dy't net de kost fertsjinje mei aktearjen, mar it derby dogge, as leafhawwerij, wurde amateur-akteurs neamd. Sokken binne faak lid fan in amateurtoanielferiening, wêrfan't eartiids hast elts doarp yn Fryslân wol ien hie. Amateur-akteurs kinne ek figuranten wêze, dy't by profesjonele produksjes foar de eftergrûnfolling soargje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.