[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Skries

Ut Wikipedy
skries
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje snipfûgels (Scolopacidae)
skaai skriezen (Limosa)
soarte
Limosa limosa
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De skries (Limosa limosa) is in fûgelsoarte út de famylje fan de Snipfûgels.

De skries is ien fan de meast bekende greidefûgel. Wol hâldt de skries fan wat sompiger greiden. Op de hjoeddeistige greiden mei in leech wetterpeil fielt er him net thús. De skries is dêrom de lêste tiid yn tal hurd efterútbuorke. De skriezen sykje harren iten mei harren lange snaffel yn 'e grûn, it leafst yn ûndjip wetter.

De Skries wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Skrie of Grito.

It briedgebiet fan de Skries rint fan Yslân oant it easten fan Sibearje. De oerwinteringsgebieten lizze yn Súd-Jeropa, Afrika en sels Austraalje. Mei de fûgeltrek binne de skriezen ek in protte yn de waadgebieten te sjen.

De skriezen briede fan ein april ôf op 4 aaien. 24 dagen lang briede de fûgels om bar op de aaien. Wylst it gers langer wurdt ûnder it brieden, wurdt it nêst geandewei better kamûflearre. De âlden passe noch sa'n 4 wike op de jongen. Dit meie se graach dwaan troch op yn hikkepealtsje de jongen yn it each te hâlden.

Yn protte nêsten wurde troch seefûgels of krieën leechrôve. De skriezen meie dan ek graach yn 'e buert fan ljippen en tsjirken briede sadat de nêsten mei syn allen ferdigene wurde kinne.