[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tjirk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjirk)
tjirk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje snipfûgels (Scolopacidae)
skaai tjirken (Tringa )
soarte
Tringa totanus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De tjirk of tsjirk (Tringa totanus) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels (Scolopacidae).

De tjirk is in 25 oant 30 sm grutte greidefûgel. Hy hat hielendal brune fearren, mar is goed wer te kennen oan syn lange reade poaten en syn reade snaffel mei swarte punt. Besibbe soarten dêr't der wol wat op liket binne de krekt gruttere Grienskonk, mar dat ferskil is oan de poaten goed te sjen. Fierders is der ek noch de Sewyt dy't krekt sa grut is en ek reade poaten hat. Dy soart is lykwols by't simmerdeis folle donkerder, suver swart. By't winterdeis is de sewyt wer ljochter, mear brúngriis.

In tjirke-aai.
Tjirk op syk nei iten.

Yn Fryslân komme tjirken allinnich by't simmer foar. Yn it Feriene Keninkryk en Portegal binne de bisten it hiele jier troch. Sommige tjirken briede yn East-Jeropa en lûke yn 'e winter nei it suden ta. Yn 2006 wiene der minder as 25000 briedpearen yn Nederlân, mei in justjes weromrinnende trend. De tjirk stiet op de Nederlânske Reade List fan bedrige of kwetsbere soarten.

It briedseizoen fan de tjirk rint fan heal april oant yn juny. It brieden duorret 22 - 25 dagen. Dizze greidefûgel leit ornaris fjouwer aaien fan gemiddeld 45 x 32 mm, yn in kûltsje yn it gers, meastal yn in stik lân. De raaien om it nêst wurde oer it nêst bûge, wêrtroch't it goed ferburgen is. Typearjend is dat de tjirk faak op mar in pear meter ôfstân bret fan it nêst fan in ljip. De tjirk profitearret dêrtroch fan de techniken dy't de ljip hat om fijannen op ôfstân te hâlden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tringa totanus fan Wikimedia Commons.