[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Yslân

Ut Wikipedy
Lýðveldið Ísland
Flagge fan Yslân Wapen fan Yslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Yslân
Offisjele taal Yslânsk
Haadstêd Reykjavík
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
103.125 km²
2,70­%
Ynwenners (2004) 293.291
Munt Króna (ISK)
Tiidsône UTC 0
Nasjonale feestdei 17 juny
Lânkoade ISL
Ynternet .is
Tillefoan 354

Yslân of Iislân, offisjeel de Republyk Yslân, is in lân yn Noardwest-Jeropa. De haadstêd is Reykjavík. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Yslân in sterke histoaryske en kultuerele bân, mar ek organisatoarysk is Yslân lid fan de Noardske Ried.

Yslân wurdt begrinzge troch:

Yslâns lânskip.

Foar it meastepart bestiet Yslân út leech- en middel-berchtme, wêr't in protte rivieren en rivierkes fan nei de see streame. It berchtme is amper begroeid mei bosken. De heechste berch is de Hvannadalshnúkoer op 2110 meter hichte. It eilân is ferneamd troch syn geisers. It binnenlân wurdt sawat net bewenne; it tichtst befolke gebiet leit oan de súdwestkust om de haadstêd Reykjavík hinne.

Yn it suden fan it eilân soarget de waarme golfstream dy't bylâns de kust streamt foar in evenredich klimaat dat lykwols kâlder is as yn Jeropa troch de wyn dy't meastentiids út it noarden waait.

De iere Romeinen en Griken hienen al fermoedens dat der noardlik fan de Britske eilannen in grut eilân lizze moast. It "Ultima Thule", dêr 't de Romeinen oer berjochtsje, giet nei alle gedachten oer Yslân, mar wissichheid hjiroer ûntbrekt lykwols. Ut archeologyske fynsten docht bliken dat de Romeinen sels foet oan wâl setten hawwe, mar de earste minsken dy't in skoft lang op Yslân wenne hawwe wienen Ierske muontsen. Mei de komst fan de Wytsingen binne sy ferdwûn.

Yn de 9e iuw kamen de bewenners fan Noarske ôfkomst dêrhinne. De earste Wytsing dy't him foarfêst op Yslân festige wie Ingólfur Arnarson. Hy lanne yn 874 oan de súdkust en festige him om-ende-by 877 oan in baai yn it súdwesten. Dat plak neamde hy Reykjavik. Sûnt dy tiid waard it eilân stadichoan folslein kolonisearre.

Yn 1262 waard Yslân ûnderhearrich oan de Noarske monargy. Yn de 14e iuw waard Noarwegen feriene mei Denemarken en doe't yn 1814 dizze lannen wer skiede waarden, kaam Yslân by Denemarken te hearren.

Yslân hat 308.910 ynwenners.[1] De ynwenners fan Yslân binne neikommelingen fan de Wytsingen, fermingd mei Skotske en Ierske ymmigranten. De grutste útlânske kloft folk wurdt foarme troch de Denen. De befolking fan Yslân is benammen konsintrearre yn it súdlik en westlik part fan it lân. Sawat de helte fan de befolking wennet yn de omjouwing fan de haadstêd Reykjavík.

De trochsneed leeftydsferwachting yn Yslân is 80,79 jier. De befolkingsopbou sjocht der sa út:[1]

  • 0-14 jier: 20,7% (wêrfan manlik 32.268 en froulik 31.308)
  • 15-64 jier: 67,1% (wêrfan manlik 104.158 en froulik 101.584)
  • 65 jier en âlder: 12,2% (wêrfan manlik 16.952 en froulik 20.424)

De offisjele taal fan Yslân is it Yslânsk, in Noard-Germaanske taal, dat in ferfoarme ferzje fan it Aldnoarsk is. De taal is troch de iuwen hinne kwealik feroare en liket sa dwaande mear op it Aldnoarsk as de oare Noardske talen. It Yslânsk is de ienichste taal fan hjoed de dei dy't de letter Þ út it runeskrift noch yn gebrûk hat. De taal dy't it meast liket op it Yslânsk is it Faeröersk.

It Ingelsk wurdt troch in soad minsken as twadde taal sprutsen. Dêrnjonken is ek it Deensk in algemiene taal op it eilân. Ek it Dútsk, Noarsk en Sweedsk wurdt wol sprutsen.

Ynwenners fan Yslân binne neffens de grûnwet frij yn de kar foar in leauwe, dochs is it lân in steatstsjerke yn de foarm fan de Luterske tsjerke de Nasjonale Tsjerke fan Yslân.

It Nasjonaal Register fan Yslân hâld by hokker leauwe eltse ynwenner fan it lân hat. Yn 2022 seach de ferdieling der sa út:[2]

  • 60,9% is by de Luterske Tsjerke fan Yslân
  • 3,9% is by de Roomsk-Katolike Tsjerke
  • 2,7% is by de Frije Tsjerke fan Reykjavik
  • 2,0% is by de Frije Tsjerke fan Harnarfjorour
  • 6,5% hat in oar leauwe
  • 7,8% hinget gjin leauwe oan
  • 16,2% is by in net-registearre tsjerklike organisaasje of hawwe gjin spesifyk leauwe

Nettsjinsteande it grutte tal leauwigen binne de opkomsten by tsjerketsjinsten lyts, lykas yn de oare Skandinavyske lannen. De boppesteande sifers jouwe it administratyf lidwêzen fan in religieuze organisaasje oan, dat it seit neat oer de besibbens by it leauwe fan de minsken. Neffens in ûndersyk út 2001 wie 23% fan de minsken ateïst of agnostysk.

BYP per persoan is $40.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5,2% lânbou, 25,7% yndustry en 69,1% tsjinsten.

Wichtichste havens binne Grundartangi, Hafnarfjordur en Reykjavik. Riga hat it grutste fleanfjild fan Yslân. Der binne gjin autodiken op Yslân. Der is ek gjin treinferkear op it eilân.

Yslân hat (2006):
13.058 km ferhurde dyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 CIA Factbook (sjoen op 3 desimber 2010)
  2. Populations by religious and life stance organizations 1998-2022 Statistics Iceland
Noardske Ried Flagge fan de Noardske Ried
Lannen:
Flagge fan Denemark DenemarkFlagge fan Finlân FinlânFlagge fan Yslân YslânFlagge fan Noarwegen NoarwegenFlagge fan Sweden Sweden
Autonome gebieten:
Flagge fan de Ålâneilannen ÅlâneilannenFlagge fan de Fêreu-eilannen Fêreu-eilannenFlagge fan Grienlân Grienlân
· · Berjocht bewurkje