[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Das

Ut Wikipedy
das
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai Jeraziatyske dassen (Meles)
soarte
Meles meles
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De das of taks (wittenskiplike namme: Meles meles), om ûnderskie te meitsjen mei oare dassesoarten ek wol de Jeropeeske das neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje Jeraziatyske dassen (Melinae) en it lyknammige skaai fan 'e Jeraziatyske dassen (Meles). It is middelgrut, omnivoar nachtdier, dat yn famyljegroepen libbet en oerdeis yn in eigengroeven ûndergrûnsk tunnelstelsel tahâldt. In mantsjesdas wurdt in bear neamd, en in wyfke in sûch of mot. De das komt ek yn Fryslân foar, benammentlik yn it súdeasten en it súdwesten fan 'e provinsje. Dit bist is nau besibbe oan 'e Aziatyske das (Meles leucurus) en de Japanske das (Meles anakuma). De dassen as groep foarmje in parafyletyske en dêrom ynformele kloft bistesoarten, dy't ferdield is oer trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen. De IUCN klassifisearret de Jeropeeske das as net bedrige.

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De das komt yn frijwol hiele Jeropa foar, útsein op Iislân, boppe de poalsirkel yn Skandinaavje en Ruslân, en op 'e measte eilannen yn 'e Middellânske See, al besteane der op 'e Grykske eilannen Kreta en Roados wol dassepopulaasjes. Bûten Jeropa is de das ek lânseigen yn Lyts-Aazje, de westlike helte fan Syrje, frijwol hiele Libanon, de noardlike helte fan Iraan en parten fan Irak, Turkmenistan, Afganistan, Oezbekistan en Tadzjikistan.

In das op 'e sneup nei fretten.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komt de das allinne mar yn 'e eastlike helte fan it lân foar. Foar Belgje jildt trouwens itselde. Yn Nederlân rint it ferspriedingsgebiet fan 'e das fan súdlik Fryslân en de súdlike stripe fan Grinslân nei it suden ta en omfettet hiele Drinte, Oerisel, Gelderlân en Limburch, en fierders it Goai yn Noard-Hollân, de Utertske Heuvelrêch yn it easten fan Utert en de Peel en oangrinzgjende gebieten yn it easten fan Noard-Brabân. It swiertepunt fan 'e Nederlânske dassepopulaasje leit op 'e Feluwe, yn súdlik Gelderlân, eastlik Noard-Brabân en Limburch.

Yn Fryslân komme dassen benammen foar yn 'e súdeasthoeke fan 'e provinsje, yn 'e gemeenten Opsterlân, It Hearrenfean, en de Stellingwerven. Dêrnjonken hawwe se har ek yn 'e Fryske Súdwesthoeke fêstige. Yn it foarjier fan 2023 kamen dassen yn it nijs dy't mei harren dasseboarch by Molkwar it spoar fan Ljouwert nei Starum ûndergroeven hiene, sadat it treinferkear dêr ferskate wiken stil kaam te lizzen oant de dassen ûnder twang ferhuze wiene.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folwoeksen das hat trochinoar in kop-romplingte fan 67–80 sm, mei in sturtlingte fan 12–19 sm en in gewicht fan 61/2–161/2 kg. Bearen binne dúdlik swierder as sûgen. Fan lichemsbou is de das gnobsk en swierboud mei yn ferhâlding koarte poaten en teffens in koarte sturt. De krêftige foarpoaten binne bedoeld om mei te graven, en mei syn leech-by-de-grûnske, kylfoarmige lichem is de das folslein oanpast oan it libben yn in ûndergrûnske hoale.

In das yn it lange gers.

Dassen hawwe in tige werkenbere koptekening, sa werkenber sels, dat de measte minsken dêr wierskynlik it earste oan tinke as hja har in das foarstelle: de frij brede kop is wyt, mar der rinne twa oerlânse streken fan 'e snút oer de eagen en earen hinne nei de nekke ta, wat de das in bytsje op in maskere strûkrôver lykje lit. Op 'e tsjûkbehierre rêch is de pels fierders griis fan kleur, wylst de bealch en de poaten swart binne. De beide earpuntsjes en de sturt binne wyt. Albinistyske (hielendal wite), melanistyske (hielendal swarte) en erytristyske (rodzige) eksimplaren kommme yn beskate kriten frij algemien foar.

De das komt foar yn in ferskaat oan biotopen, mar hat in foarkar foar fersnipele bou- en greidlân mei hjir en dêr strewelleguod, boskjes, hagen en beamwâlen. Yn 't bysûnder fiele dassen har goed thús yn rivierdellingen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dassen binne sosjale bisten, dy't yn famyljegroepen fan ornaris 3–6 bisten libje, al kinne yn tige fiedingsrike gebieten wol troepen fan 20 eksimplaren foarkomme. Se libje yn in mânske eigengroeven hoale, dy't in "boarch" neamd wurdt. Sa'n dasseboarch omfettet in kompleks gongestelsel mei almeast 3–10 ûnderskate yngongen, mar hiel âlde boargen kinne yn ekstreme gefallen wol 80 yngongen telle. Al dy yngongen liede nei in sintrale "wentsjettel", dêr't de dassen mei-inoar sliepe salang't it bûtendoar ljocht is.

In das foar de yngong fan syn boarch.

De das is nammentlik in nachtdier, dat him mar komselden foar de jûnsskimer sjen lit en mei de moarnsdage syn boarch wer opsiket. Nachts kinne se wol 4 km fier omdoarmje. Under geunstige omstannichheden (d.w.s. it oerfloedich foarkommen fan fretten) omfettet it territoarium fan in dassekloft net mear as in 30 ha, mar yn marzjinale habitats kin it wol 400 ha beslaan.

De peartiid falt foar dassen yn 'e iere maityd, al pearje se ek wol yn oare jiertiden. Nei in ferlinge draachtiid wurdt it embryo pas yn desimber ek echt ymplantearje yn it limoer fan 'e sûch en dan wurde der nei likernôch 7 wiken, ornaris tusken mids jannewaris en maart, 1–5 (mar ornaris 2–3) jongen smiten. Mei 2 moanne komme de jongen foar it earst boppegrûnsk en nei noch in moanne wurde se ôfwûn. As it fretten krap is, wurde de jongen noch foar de winter fan harren bertejier út 'e boarch en it territoarium ferdreaun; is der genôch te beplúzjen, dan meie se bliuwe, al geane de jonge bearen dan op 'en doer dochs ek op 'e swalk.

Dassen binne omnivoaren, dy't benammen libje fan wjirmen, beien, nuten, poddestuollen, lytse kjifdieren, slakken en ynsekten. De das is it iennichste bist dat stikelbargen fret, dy't er mei syn lange krêftige graafklauwen útrôlet fan 'e bal dêr't se har ta oprôlje, sadat er by de kwetsbere bealch kin, dêr't gjin stikels op groeie. As er der kâns ta sjocht yt de das fierders ek graach lânbouprodukten, lykas nôt en maïs.

In yllústraasje fan in das dy't opjage wurdt troch in takshûn.

De das hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der wrâldwiid gjin kâns bestiet op it útstjerren fan dit bist. Yn Nederlân is de sitewaasje lykwols justjes oars. Om 1900 hinne wiene der nei skatting noch wol 10.000 dassen, mar bejaging en útrûging mei lânbougif (om't de das as skealik bist beskôge waard) soarge derfoar dat der om 1980 hinne noch mar in 1.200 oer wiene. Trochdat de das dêrnei de status fan beskerme bistesoart krige, en troch it krewearjen fan 'e partikuliere feriening Das en Boom (oprjochte yn 1981), is it tal dassen yn Nederlân sûnt wer tanommen ta likernôch 4.500 yn 2006. Yn Fryslân woeks it tal dassen tusken 1995 en 2001 oan mei 36%.

Dassen hiene lang hast gjin natuerlike fijannen mear. Bisten as de wolf (Canis lupus), de lynks (Lynx lynx) of de brune bear (Ursus arctos) kamen yn fierwei it grutste part fan harren ferspriedingsgebiet net mear foar. Sadwaande waard de minske foar harren de wichtichste fijân. Oant it begjin fan 'e tweintichste iuw waard der in protte jacht makke op 'e das, wêrfoar't sels in spesifyk hûneras mei koarte poatsjes ûntwikkele waard, dat de das yn syn boarch folgje en him derút jeie koe: de takshûn of tekkel. Tsjintwurdich wurde dassen troch minsken fral by ûngelok deade yn it ferkear, as se in drokke wei oerstekke. Om dat foar te kommen, binne, fral op 'e Feluwe en omkriten, dassetunnels ûnder snelwegen troch oanlein. Mei it weromkommen fan 'e wolf yn Nederlân, oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw, hat de das wer in echte, natuerlike fijân krigen, wat perfoarst in positive útwurking hawwe sil op it natuerlik lykwicht.

Ek al hawwe dassen hjoed de dei in beskerme status, dochs binne der noch withoefolle lju dy't miene dat se skealik foar de lânbou binne of dat se hûnsdûmens (rabiës) ferspriede. Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat dat fabeltsjes binne, mar guon minsken wegerje planút har mispleatste opfettings te wizigjen en sadwaande wurde dasseboargen spitigernôch noch faak moedwillich fersteurd.

Domestisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskate ferslaggen fan dassen dy't domestisearre binne. Nuete dassen skine oanhellerige húsdieren wurde te kinnen en men kin se beleare om te kommen as men har namme ropt. Se binne net dreech te fuorjen, mei't se hast alles wol frette wolle, al hat bliken dien dat se in swak hawwe foar bargefleis. Se kinne de minske helpe troch rotten, mollen en kninen te bejeien. Hoewol't der ien ferhaal bestiet oer in das dy't befreone rekke mei in foks, duldzje se oer it algemien gjin hûnen of katten om har hinne. Mei't dassen no in beskerme bistesoarte foarmje, is it hâlden en domestisearjen fan dassen hjoed de dei alteast yn Nederlân strang ferbean.

In ferweesde jonge das dy't grutbrocht wurdt troch in oppasser.

Der binne 8 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e das (Meles meles):

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 180–184.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.