[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Yllustraasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yllústraasje)
Yllustraasje by in skûtsje (De Gerben van Manen, fan it Hearrenfean.)

In yllustraasje (fan it Frânske illustration, fan it Latynske illustro, "ik beljochtsje") is in (meast) fisuele taljochting by in ferhaal, in beskriuwing of in bewearing. Yn 'e folksmûle wurde yllustraasjes almeast plaatsjes neamd.

Meast is in yllustraasje in tekening, of in tapaslike foto by in skreaun ferhaal. De yllustraasje byldet dan in fragmint út sadat de ferhaalline sichtber wurdt foar de lêzer of de sfear fan it ferhaal mear ferdútst wurdt. In yllustraasje is dan in fisuele útlis of ferdúdliking. Berneboeken en wittenskiplike ferhanlings wurde faak mei yllustraasje ferluftige.

Jo kinne de folgjende twa soarten yllustraasjes ûnderskiede:

  1. Tekeningen fan (komplekse) objekten of sitewaasjes, sjoch ynfographic
  2. Werjefte fan ynformaasje troch in kartoon

In bysûndere foarm fan yllustrearjen is it tapassen fan ylluminaasje (boekferlufting).

In yllustraasje kin yn oerdrachtlike sin ek in útlis wêze by in ferhaal of by in presintaasje. Dêrby is de yllustraasje sels ek wer in ferhaal, dat lykwols as in foarbyld tsjinje kin foar it ferdúdlikjen fan it petearûnderwerp. Yn de bibel wurdt in likenis as yllustraasje by de lear fan Jezus brûkt.

Neffens guon is in neidiel fan it brûken fan yllustraasjes dat de fantasij fan de lêzer of harker minder prikkele wurdt as by ferhalen sûnder yllustraasjes, om’t yllustraasjes in part fan de ûndúdlikens ynfolje, bygelyks oer it uterlik fan de haadpersoan.

In tekenteltsje of stripboek is in tekst wêrby’t it ferhaal ferteld wurdt mei in rige yllustraasjes. De tekst kin yn de tekeningen stean yn tekstballonnen of tekstbalken, of de tekst kin der, skaat fan de yllustraasjes, boppe of ûnder stean.