[go: up one dir, main page]

Wynskoat[2] (Nederlânsk en offisjeel: Winschoten; Grinslânsk: Wìnschoot) is in eardere gemeente en in stêd yn de gemeente Oldambt. Wynskoat is de nei Grins en Appingedam de tredde stêd fan de provinsje Grinslân. It leit yn it easten fan de provinsje. De bynammen fan Wynskoat binne Sodom en fanwegen de trije mûnen Berg, Dijkstra en Edens Mûnestêd.

Wynskoat
Winschoten
Winschoot
Burgemeester Schönfeldplein
Burgemeester Schönfeldplein
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal 17.750 (2021) [1]
Oerflak 22,24 km²
Befolkingsticht. 798 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren A7 N367
Steatsline B
Postkoade 9670 - 9675
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 8' N 7° 2' E
It âlde stedhûs
It âlde stedhûs
Offisjele webside
Side Wynskoat
Kaart
Wynskoat (Grinslân)
Wynskoat
Kaart
Burgemeester Schönfeldplein
Kaart fan Wynskoat
Mûne Edens yn Wynskoat
Strjitte yn Wynskoat (Pieter Cornelis Dommersen, 1889)
Evangelysk-Lutherske tsjerke
Synagoge út 1854
Marktpleintsjerke

Fan oarsprong wie it in wichtich Fryske delsetting, mar it hat syn posysje yn de midsiuwen ferlern. Yn dy tiid wie Midwolda it wichtichste plak yn it Aldamt. Yn de jierren '60 fan 18e iuw hat Wynskoat syn hege posysje wer krigen en hat dit oant hjoed-de-dei behâlden, troch ûnder oare it grutste winkelsintrum fan east Grinslân.

Neffens ynwenners is Wynskoat de fyfte stêd fan Grinslân.

Wynskoat leit oan de Nije Mar Aldamtmar, dêr't it projekt Blauwestêd him ûntjaan moat.

Eardere gemeente

bewurkje seksje

Wynskoat hie 18.298 ynwenners (nov. 2009), boarne: CBS) en in oerflak fan 22,24 km² (wêrfan 0,58 km² wetter).

De gemeenten Wynskoat, Scheemda en Reiderlân waarden op 1 jannewaris 2010 gearfoege ta de gemeente Oldambt. De befolking fan de trije gemeenten hat yn in referindum har foarkar foar dy namme útsprutsen.

De namme fan de stêd waard foar it earst brûkt yn 1391. Lettere foarmen wiene: Wynschote(n), Wynschotten, Wynschoeten en Winschote(n). It efterheaksel "-schote" komt fan it Aldfrysk skat, dat "heger lizzend lân" betsjut en is tekenjend foar delsettings dy't heger lizze yn feangebieten. It foarheaksel "Win(s)e-" yn in palknamme is nei alle gedachten ôflaat fan de Germaanske woartel winithi-, dat soksawat as "greidelân, healân" betsjut.

Wynskoat ûntstie nei alle gedachten op de heechste punt fan in âlde balstienliemrêch al foar de alfde of tolfde iuw. De bakstiennen Sint-Fitustsjerke oan de Marktplein komt fan om 1275 hinne, mar der koe al earder in tsjerke stien hawwe. De Abdij fan Corvey hie de fâdij oer de tsjerke fan Wynskoat.

Yn de alfde en tolfde iuw ûntstiene twa doarpen op de râne fan in feangebiet, fan dêr it feangebiet oanmakke waard. Dy doarpen leine yn in bôge om de doarpskearn hinne: Boppebuorren en Sint-Fitusholt of Suderfean. Sint-Fitusholt hie ynearsten in eigen tsjerke. Yn 1543 waard dy tsjerke ôfbrutsen. Boppebuorren foel ûnder de parochy fan de tsjerke oan de Marktplein. Fan it Suderfean ôf waard it heechfean oanmakke by Alde Pekela. Yn 1514 kocht de stêd Emden turf út it Aldamt.

Wynskoat hearde yn de Midsiuwen ta de Fryske goa Reiderlân, mar foel mei Westerlee, Hilligerlee, Beerta, Ulsda, Blijham en Bellingwolde ta it bisdom Osnabrück, dêr't ek Westerwâlde by hearde, ta tsjinstelling fan de rêst fan Reiderlân, dy't ta it bisdom Múnster hearde. Wynskoat wie tagelyk ek it haadplak fan it rjochtsdistrikt yn it Reiderlân, dat it Ulsder Fyfdediel neamd waard. Om't de Abdij fan Corvey fier fuort wie, liet dy de rjochten dy't it hie yn Wynskoat en Westerwâlde fan de fjirtjinde iuw ôf waarnimme troch de haadlingefamylje Addinga fan Wedde, dy syn foarâlden út it Reiderlân kamen. Yn 1474 bewiisde dy famylje dat se de rjochten op de voghedye to Wynschot als des Stifts Corvey olde erve al mear as hûndert jier yn hannen hawwe. De Addinga's makken lykwols misbrûk fan harren posysje en krigen in skeel mei de pleatslike befolking.

Yn de tiid fan de strideraasjes tusken Skieringers en Fetkeapers wist de stêd Grins yn 1435 njonken it Aldamt ek in part fan it Reiderlân om Wynskoat hinne te bemachtigjen. Yn 1475 waard Egge Addinga troch syn ûnderdienen ophongen. Trije jier letter waard syn soan Hayo troch Grins ferjage. By Winschoterhogebrug waard de Pekelboarch boud, dêr't in kastlein mei inkelde soldaten ynlutsen. De Addinga's lieten harren lienguod fan Corvey yn 1486 nei oan de stêd Grins. Doe't it gewest yn hannenkaam fan greve Edzard I fan East-Fryslân, dy't besibbe oan de Addinga's wie, namen se harren besittings yn 1506 wer werom. It Aldamt, dêr't Wynskoat fan doe ôf rekkene waard, kaam al gau ûnder it bewâld fan Karel fan Gelre, dy't de Addinga's ferjeie liet. Karel V joech op syn bart yn 1536 Westerwâlde yn lien oan syn steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch. Wynskoat bleau, kreksa as de rêst fan it Aldamt, ûnder it bewâld fan de stêd Grins. De Addinga's slaggen der net mear yn en krij harren rjochten op de tsjerke yn Wynskoat werom.

Nei de Slach by Hilligerlee yn 1568 oant 1580 waard it rêstiger yn Wynskoat. Yn 1580 rûn steedhâlder Rennenberch oer nei de Spaanske kant en oant 1594 fûnen der ferskate strideraasjes plak yn en om Wynskoat hinne. Yn 1593 ferovere greve Willem Loadewyk fan Nassau it plak op de Spanjerts, dy't it itselde jier wer werom pakten. Yn 1594 kaam it gânse gewest Stêd en Ommelannen yn Steatske hannen. Yn 1624 waard Wynskoat wer troch de Spanjerts ferovere en ferbaarnd.

Yn 1672 waard Wynskoat troch troepen fan de Múnsterske biskop Kristoffel Bearend fan Galen ferovere, mar waarden letter yn dat jier wer werom slein. Yn maart 1674 waard Wynskoat fannijs troch de Múnstersken plondere.

Ekonomysk wie Wynskoat net al tefolle fan belang. Yn 1653 waard it Wynskoaterdjip groeven en krige it in bettere ferbining. Yn de achttjinde iuw begûn de ekonomyske bloei en rekke in hichtepunt yn de njoggentjinde iuw, nei't it plak offisjeel stedsrjochten fan kening Willem I krigen hat. De stêd woeks ta it wichtichste sintrum fan eastlik Grinslân. Letter namen Feandam en Stedskanaal de posysje as sintrumplakken foar in part oer, mar Wynskoat bleau de twadde winkelstêd fan de provinsje.

Joadske mienskip

bewurkje seksje

Wynskoat waard yn de njoggentjinde in it begjin fan de tweintichste iuw in hannelstêd, foar in part troch de oanwêzigens fan in soad Joaden. Op in befolking fan 4.972 ynwenners hie Wynskoat yn 1859 in Joadske mienskip fan 534 persoanen (10 prosint fan de befolking, nei Amsterdam de stêd mei persintueel it heechste tal Joaden). Ek spile it oanlizzen fan it spoar nei Grins yn 1867 in grutte rôl. De skiednis fan Wynskoat hat in swarte side troch it ôffieren fan de Joaden yn de Twadde Wrâldkriich, dy't sawat fermoarde waarden yn konsintraasjekampen. Wynskoat waard yn 1945 befrijd troch Belgyske SAS, Kanadeeske en Poalske troepen.

Op 12 maaie 2004 is mei it projekt Blauwestêd tusken Wynskoat en Midwolda úteinsetten. De nije mar dy't oanlein waard, de Aldamtmar, leit it nije doarp Blauwestêd. It projekt wie jierrenlang in finansjeel fiasko, mar fan 2017 ôf begûn it einlings ta bloei te kommen. Yn 2020 wiene 350 fan de oarspronklike 1480 wenten dien makke en it projekt moat no noch trochgroeie oant it maksimum fan om 1250 wenten hinne helle wurdt yn 2050.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje
 
Adrillen merke yn Wynskoat

Om 1815 hinne waard yn Wynskoat de jierlikse Alderheljenmerke organisearre. Dy jiermerke, dat troch de pleatslike befolking Adrillen (Grinslânske wurdt foar Alderheljen) neamd wurdt, is eltse earste moandei fan novimber yn it sintrum fan de stêd. Op de twadde moandei fan deslde moanne wurdt de jiermerke, as Lutje Adrillen yn it lyts oerdien. Dat wie fanâlds it stuit dêr't boerefeinten en -fammen harren fertsjinsten foar it simmerhealjier krigen en in nij plak foar it winterhealjier sykje moasten.

Oant 1980 waakste it ynwennertal fan Wynskoat oan, dêrnei naam de befolking ôf.

Histoaryske ûntjouwing ynwennertal
Jier Ynwenners Jier Ynwenners
1795 1.952 1920 12.855
1805 2.228 1930 13.342
1815 2.678 1947 15.784
1829 3.229 1960 16.464
1839 3.578 1971 17.785
1849 4.123 1980 21.101
1859 4.972 1990 19.380
1869 5.547 2000 18.596
1879 6.640 2004 18.500
1889 7.815 2006 18.501
1899 9.668 2008 18.358
1909 11.202 2010 18.300
Boarne 1: www.volkstellingen.nl (oant 1971)
Boane 2: CBS Statline (nei 1971; op 1 jan.)

Wynskoat bestiet út de folgjende wiken en buerten:

  • Sintrum
  • Zeeheldenbuurt
  • Noard (Parkwijk)
  • Súd
  • Udesweg Súd
  • Grintweg (Kloostervallei)
  • Bomenbuurt
  • Sint Vitusholt (Lanengebied)
  • Wynskoat-Yndustrygebiet.
 
Rosarium yn Wynskoat, grutste fan Nederlân

Basis ûnderwiis

bewurkje seksje
  • De Beukenlaanskoalle
  • De Tweemaster
  • De Kleine Dollard
  • De Waterlelie
  • St. Vitusskoalle
  • De Vossenburcht
  • De Maranatha
  • De Leilinde
  • Delta
  • de Meent

Pjutteboartersplakken

bewurkje seksje
  • Hermelijntje
  • Waterratjes
  • 't Beukenootje

Fuortset ûnderwiis

bewurkje seksje
  • Dollard College
  • Ubbo Emmius
  • Noorderpoort College
 
Bundesautobahn 280 rjochting Wynskoat
 
Rotonde by de oanslutng mei de A7

Wynskoat leit oan de A7 fan Grins nei Bad Nijeskâns en is troch de ôfritten "Wynskoat" en "Wynskoat-West" ferbûn mei dy dyk. By Bad Nijeskâns oer de Dútske grins giet dy dyk fierder as de Bundesautobahn 280 rjochting Lier yn Eastfryslân.

Oan de eastkant fan de stêd rint de N367 en foarmet de eastlike rûnwei.

Wetterferfier

bewurkje seksje

De stêd leit oan it Wynskoaterdjip en de Rensel en is de haadfeartrûte foar skippen oant 1350 ton. Ek rint de Pekel A by Wynskoat del rjochting Nieuwe Statenzijl dêr't er yn de Doalert útmûnet. Foar rekreaasjefeart hat Wynskoat in jachthaven.

Treinferfier

bewurkje seksje

Wynskoat leit sûnt 1868 oan de Steatsline B fan Harns nei Nijeskâns. Yn 1876 kaam der oansluting op it Dútske spoarwegenet doe't de spoarline Nijeskâns nei Ihrhove iepene waard. It Stasjon Wynskoat is it stasjon fan de stêd dy't yn 1865 ree wie en dy't hjoed-de-dei noch hieltyd orizjineel is. Yn desimber 2020 waard in flugge trein fan Grins nei Wynskoat wiermakke en it is de bedoeling dat der yn de takomst ynternasjonale treinen fan Grins nei Bremen ride sille yn it ramt fan de Wiederline. It wiermeitsjen dêrfan hinget gear mei it weropbouwen fan de Friezebrêge by Weener oer de Iems hinne.

Berne yn Wynskoat

bewurkje seksje
  • N.B.M.Noardlik Bus Museum Wynskoat

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Jelle Hendriks Brouwer, artikel yn It Heitelân, 1937, oanhelle yn H.T.J. Miedema, Naamkunde, 1981
  Gemeente Aldamt  
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
  ·   · Berjocht bewurkje