[go: up one dir, main page]

De Aldamtmar, Nederlânsk: Oldambtmeer, is in keunstmjittich mar yn it Aldamt yn de provinsje Grinslân. De mar waard yn 2005 oanlein yn it ramt fan it projekt Blauwestêd op it plak dêr't eartiids de Huningamar lei.

De Aldamtmar mei Wynskoat en Blauwestêd

Njonken it oanlizzen fan de Aldamtmar, waard der ek 350 bunder nije natuergebieten oanlein yn it ramt fan it Blauwestêd-projekt, rekreaasjegelegenheden, en huzen yn it nije doarp Blauwestêd. Der is ek in grut strân en der is ek de mooglikheid foar wettersport. Om de mar hinne waard 25 kliometer oan diken oanlein, dy't foar it grutste part te begean is mei de fyts of te foet.

Mei in folume fan 14 miljoen en in oerflak fan 800 bunder is de Aldamtmar nei de Lauwersmar de grutste mar fan Grinslân. It is op syn minst 1,3 meter djip en dat makket de mar gaadlik foar sylboaten en lytsere motorjachten. Der binne twa jachthavens oan de mar: Reiderhaven en Jachthaven Midwolda.

It projekt Blauwestêd waard betocht en jou it gebiet nij libben. Oan 'e ein fan de tachtiger jierren hie it gebiet te lijen fan fergrizing, hege wurkleazens, it fuort tôgjen fan jongerein, om't der net genôch wurkgelegenheid wie en stikken lânbougrûn leine braak, om't de subsydzjes jûn waarden en lit dy grûn braak lizze om tefolle produksje tefoaren te kommen. Mei it oanlizzen fan de mar, de natuergebieten, de rekreaasje, it bouwen fan wenten en it oanlûken fan minsken fan bûten de provinsje dy't dêr kamen en besteegje harren jild, waard besocht it gebiet in nije ekonomyske ympuls te jaan. Lykwols seach in grut part fan de pleatslike befolking dy plannen net sitten, want der moasten huzen in stilkken lânbougrûn ferdwine. In soad fûnen dat mar nuver dat dy grûn dy't yn it ferline troch harren foarâlden ynpoldere waard, no wer ûnder wetter setten wurde soe. Einlings stimden de measte ynwenners lykwols wol yn mei it projekt.

De Aldamtmar mei Blauwestêd