[go: up one dir, main page]

Reiderlân (regio)

It Reiderlân (Dútsk: Rheiderland) is in gea yn it grinsgebiet fan Nederlân en Dútslân, diel fan de Nederlânske provinsje Grinslân en it Dútske distrikt Lier yn East-Fryslân.

It Reiderlân
Lizzing fan it midsieuwske Reiderlân (yn't read)

Histoaryske grinzen

bewurkje seksje
 
Fan de dyk ôf sjoen.

Foar de oerstreamings fan de Doalert waard de lângrins tusken Reiderlân en it lânskip Aldamt foarme troch de Tsjamme. Dy grins wurdt wiidweidich beskreaun yn in twatal ferdraggen út 1391 en 1420. It gebiet besuden de Tsjamme hearde oan Reiderlân. Oare grinzen wienen de Iems yn it noarden en it easten. De westlike grins is net mear bekend, mar dy sil ek net dúdlik west wêze yn it sompige fean besuden Reide. De súdlike grins fan Reiderlân wurdt yn it Nederlânske diel foarme troch de súdgrins fan de gemeente Wynskoat en de eardere gemeenten Blijham en Bellingwolde. It gebiet besuden dêrfan wie it lânskip Westerwâlde. Westerwâlde hat nea part fan Reiderlân west, hoewol't guon dat wol miend hawwe yn de 19e iuw. De betizing dy't der oer wie is ûntstien fanwegen de famylje Addinga. Dy famylje wie neist hear fan Westerwâlde ek besitter fan de jurisdiksje fan Wynskoat. Dat lêste gebiet, hjitte ek wol gericht fan Wynskoat en wie part fan Reiderlân én fan Osnabrück. Ut reden dêrfan komt Addinga foar yn twa ferdraggen mei de jiertallen 1391 en 1420 tusken de wichtichste hearen fan Reiderlân, mei as wichtichste besit Westerwâlde. De fiif karspels fan Westerwâlde wienen ek part fan Osnabrück.

 
Reiderlân om 1300 hinne
 
It âlde Reiderlân

De wierdedoarpen oan de Iems wiene faaks foar de jiertelling al bewenne, al binne der yn de iere midsiuwen inkelde doarpen bykaam. Om it jier 1000 hinne waarden nei alle wierskyn de earste feanterijdelsettings stifte. It gea waard fluch ryk troch it oanmeitsjen fan fean en troch it bêste greidelân. It Reiderlân, as hannelsgebiet oan de mûning fan de Iems, yn de lette Midsiuwen gie it tige mei, oant der troch in searje oerstreamings yn de 15e en 16e iuw in protte lân oan de see oerjûn wurde moast. Guon sjogge de fetes tusken Skier en Fet mei as oarsaak. In protte doarpen strûpten ûnder yn de nij ûntstiene Doalert. Tusken de 16e- en de 19e iuw waarden grutte parten fan de Doalert lykwols wer bedike en ta polders makke, dêr't grutte nôtbedriuwen ûntstiene dêr't de streek ferneamd om waard. De Doalert is no in beskerme waadgebiet.

It midsiuwske lânskip Reiderlân, terra reidensis is neamd nei de delsetting Reide by de Punt fan Reide. It efterlân fan Reide omfieme in grut oantal karspels. It westlike diel is oan de stêd Grins kaam, it eastlike part oan East-Fryslân. Dy ferdieling wie yn 1427 al in feit en waard yn 1454 formeel. De grins tusken beide dielen waard foarme troch de Reider Ie, de ûnderrin fan de Westerwâldske Aa en foarme yn letter iuwen de grins tusken Dútslân en Nederlân. De lêste oerbliuwsels fan it lânskip binne: de Punt fan Reide, dielen fan de gemeente Reiderlân, it Dútske Rheiderland, de Doalert en it eilân Nesse.

Hiel Reiderlân hat fan 1806 oant 1813 yndield west by it Keninkryk Hollân. Nei de Twadde Wrâldkriich hat Nederlân noch besocht it Dútske Rheiderland by Nederlân te krijen, mar dat is neat wurden.

Tsjerklike grinzen

bewurkje seksje

It noardlike part fan Reiderlân wie in diel fan it bisdom Münster. It gebiet besuden de Tjamme hearde ta it bisdom Osnabrück. It tsjintwurdige Dútske Reiderlân heart ek by Münster.

Kleasters yn Reiderlân

bewurkje seksje

Yn Reiderlân lei it kleaster Palmaer. In ôfbyld fan it kleaster stie yn it lânssegel fan Reiderlân. Oare kleasters yn Reiderlân wienen: dat fan Hilligerlee, Reide, Dünebroek by Wijmeer (Dútsk: Wymeer) en Jemgum.

It Reiderlân is polityk en kultureel bekend om syn utersten. Polityk is it gea tige beynfloede troch it sosjalisme. Oan de Dútske kant fan de grins is de Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD) oppermachtich, oan Nederlânske kant is in grut part fan de befolking sels kommunistysk: de gemeente Reiderlân is in bolwurk fan de Nije Kommunistyske Partij Nederlân (NCPN).

Wat godstsjinst oangiet binne sawol it Dútske as it Nederlânske part kalvinistysk. Foaral yn Dútslân is dat opfallend, omdat de measte protestanten dêr lutersk binne. Hjoeddendei is noch altyd 70% fan de befolking fan it Dútske diel lid fan de Evangelisch-reformierte Kirche, te fergelykjen mei de Nederlânske Herfoarme Tsjerke (no Protestantske Tsjerke yn Nederlân). Yn Bunde (82%) en de lytse doarpen is dat persintaazje noch folle heger. In lytse minderheid is lutersk, katoliken binne der hast net. Oan Nederlânske kant is de befolking foar it measte part ûntsjerklike en is noch mar yn lyts part lid fan in tsjerke.

Troch de ynfloed fan it kalvinisme en de bannen mei Nederlân wie ek yn it Dútske diel, oant ein 19e iuw, it Nederlânsk noch in wichtige taal. Boppedat is it Grinslânsk/Eastfryske dialekt fan it Nedersaksysk sterk beynfloede fan it Nederlânsk. Sa komt it dat ynwenners oan beide kanten fan de grins deselde streektaal sprekke.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G.A. Stratingh en G.A. Venema, De Dollard (Grins 1855).