Reiderlân (gemeente)
Reiderlân is in eardere gemeente yn it easten fan de provinsje Grinslân oan de grins mei Dútslân, yn de regio it Reiderlân, dat eartiids in âlde Fryske goa wie. It haadplak wie Beerta. De gemeente hie in oerflak fan 156.72 km² (wêrfan 58,17 km² wetter). It doarp Bad Nijeskâns, dat yn de eardere gemeente leit is it meast eastlike plak fan Nederlân. De A7 rint troch de eardere gemeente hinne.
Reiderlân
Reiderland | |
---|---|
Bad Nijeskâns | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Beerta |
grutste plak | Beerta |
ynwennertal | 6.976 (30 novimber 2009) |
befolkingstichtens | 71 / km² |
oerflak | 156,72 km² |
● wêrfan lân | 98,55 km² |
● wêrfan wetter | 58,16 km² |
tal doarpen | 6 |
ferkearsieren | A7 Spoarline Grins-Lier |
skiednis | |
oprjochte | 1990 |
Foar 1990 | Beerta Finsterwolde Nijeskâns |
opheft | 2010 |
opgien yn | Aldamt |
no part fan | Aldamt |
oar | |
netnûmer | 0597 |
postkoade | 9684-9694 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
De gemeente Reiderlân ûntstie yn 1990 nei it gearfoegjen fan de gemeenten Beerta, Finsterwolde en Nijeskâns by in gemeentlike weryndieling. Op 1 jannewaris 2010 waard de gemeente opheft en waard gearfoege mei de gemeenten Wynskoat en Scheemda ta de nije gemeente Aldamt.
Skiednis
bewurkje seksjeDe gemeente Reiderlân lei yn de âlde Fryske goa Reiderlân. It is in lânbougebiet. Nei't yn de Lette Midsiuwen in soad lân ûnderstrûpt waard troch wetter fan de Doalert, waard stadichoan it lân fannijs ynpoldere. Yn de sechtjinde en santjinde iuw ûntstiene de polders Uiterdijken, De Binnenlanden en de Kroonpolder. Yn de achttjinde iuw waarden de Oostwolderpolder en de Stadspolder ynpoldere. Yn de njoggentjinde iuw waarden de Reiderwolderpolder en de Johannes Kerkhovenpolder ynpoldere en yn de tweintichste iuw waard de Carel Coenraadpolder noch ynpoldere dêr't de Breebaartpolder in part fan wie en dat de lêste ynpoldering yn Grinslân wie, mar tsjinne lykwols nea as lânbougebiet. Benammen de ynpolderings fan de njoggentjinde en tweintichste iuw wiene grutskalich. It sosjale ferskil tusken de boeren, faak heareboeren en de lânwurklju waard grutter en dat late ta spannings tusken beide groepen. De pleatsen giene yn de tweintichste iuw hieltyd mear oer op meganisaasje, dêr't in soad lânwurklju troch wurkleas waarden.
Sosjalisme
bewurkje seksjeYn dy snuorje waard it sosjalisme ûnder de lânwurklju tige populêr. Benammen Ferdinand Domela Nieuwenhuis krige in soad ynfloed. Guon fan de sosjalisten waarden radikaler yn it ramt fan de Russyske Revolúsje. It revolúsjonêre hanneljen fan de kommunisten spriek harren tige oan. Nei't it algemien kiesrjocht yn 1917 en 1919 ynfierd waard, krigen de kommunisten in soad ynfloed yn de gemeenterieden fan Beerta en Finsterwolde. Hja wisten dêr sels de mearderheid te heljen, en dêrtroch ferlearen de boeren harren dominante posysje. De kommunisten krigen mear oanhang troch harren foaroanplak yn it ferset yn de Twadde Wrâldkriich.
Opskuor yn Finsterwolde
bewurkje seksjeDoe't de Kâlde Kriich útbruts, waarden de spannings grutter. De kommunisten kamen hieltyd mear op harren sels te stean. Yn Finsterwolde waarden yn 1951 stakende gemeenteriedsleden ûntslein, mar se krigen tsjin de sin fan de boargemaster lykwols al in útkearing fan de sosjale tsjinst. It regear sette de gemeente dêrnei ûnder kuratele en stelde de boargemaster oan as regearskommissaris. Dy opskuor helle sels it nijs om utens en Finsterwolde waard bekend as Little Moscow.
Yn 1983 helle it plak it nijs wer nei oanlieding fan de "gasboykot". In soad ynwenners kamen troch it neigean fan de ekonomy en de wenlêsten, dy't algeduerigen heger waarden, yn jildneed. De M.I. waard ynsetten om de rekkenings betelle te krijen, ta grutte lilkens fan de befolking.
Boargemaster Jagersma
bewurkje seksjeHanneke Jagersma waard yn 1982 as earste en iennige boargemaster fan de CPN de boargemaster fan Beerta. Hja hold dat amt oant de gemeentlike weryndieling, dêr't Beerta, Finsterwolde en Nijeskâns gearfoege waarden ta de nije gemeente Beerta. Yn 1991 waard de namme feroare ta Reiderlân.
Sosjalisme yn de nije gemeente Reiderlân
bewurkje seksjeNei't de CPN opgie yn de nije partij GrienLinks wie dat net ta de sin fan de kommunisten yn Reiderlân. Measten fan harren waarden lid fan de Nije Kommunistyske Partij-NCPN. Yn 1998 ferlearen hja lykwols de mearderheid en waard de PvdA de grutste. Hja bleaune lykwols noch wol in soad ynfloed hâlden. De ferskillen tusken de sosjale klassen wiene doe al folle minder as eartiids.
Lettere ûntwikkelings
bewurkje seksjeYn de tachtiger en njoggentiger jierren waarden plannen betocht en jou it gebiet fan it Aldamt en it Reiderlân en nije ekonomyske ympuls. Troch de meganisaasje yn de lânbou, waard de wurkleazens heger. Ek gie it yn dy tiid net goed mei de lânbou, dy't troch de pleatslike oerheid te folle iensidich stipe waard. De gemeente Reiderlân gie doe yn de mande mei de doetiidske gemeenten Wynskoat en Scheemda en de provinsje Grinslân en ûntjou it Blauwestêd-projekt. Der moast in nije mar komme, de Aldamtmar dy't like grut as de Snitsermar wêze moast, en der moast ek nije natuer, plak foar huzebou en rekreaasje komme.
It Blauwestêd-projekt rûn dêropta hiel stadich en it gebiet bleau in krimpregio. De befolking rûn fierder tebek en doe hat de gemeenterie besletten mei de sloop fan 57 neikriichske huzen yn de útbuorren Ganzedijk. Dat smiet in soad argewaasje op by de befolking en de gemeente rekke sa yn de saneamde Ganzedijk-affêre. Ien wethâlder moast dêrom sels opstappe.
Troch finansjeel min belied fan de gemeente, rekke de gemeente fannijs ûnder kuratele fan it ryk; de saneamde artikel 12-status. Foar de bewenners betsjutte dat: hegere lêsten, besunigings en privatisearring. Dat wie tsjin it pleatslike belied yn as dy fan it ferline.
Gemeentlike weryndieling
bewurkje seksjeOp 1 jannewaris 2010 waard de gemeente tegearre mei de gemeenten Wynskoat en Scheemda gearfoege ta de nije gemeente Aldamt.
Doarpen
bewurkje seksjeDe gemeente telde tweintich offisjele kearnen. It haadplak wie Beerta. De measte doarpen wiene lânbouplakken, útsein Bad Nijeskâns, dat fanâlds in fêsting wie.
Doarp | Ynwenners |
---|---|
Beerta | 2.060 |
Finsterwolde | 1.760 |
Bad Nijeskâns | 1.500 |
Drieborg | 330 |
Ganzedijk | 180 |
Nieuw-Beerta | 130 |
Boarne:CBS
Oare offisjele buorskippen en útbuorrens:
|
|
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|