[go: up one dir, main page]

Eastfryslân
Oostfräisland
Aastfräislound
Flagge Wapen
Biedwurd: 'Eala frya Fresena'
"Stean op, frije Friezen"
Haadstêd Auwerk
Offisjele taal Dútsk
Erkende streektaal Eastfrysk Plat
Unôfhinklikheid 1464-1744
Oerflak 3144 km²
Ynwennertal 475.314 (31 desimber 2022)
Befolkingstichtens 150 /km
Tiidsône (UTC+01:00)
- simmertiid (UTC+02:00)

Eastfryslân is in regio yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en is in ûnderdiel fan de kulturele regio East-Fryslân.

  De Wikipedy hat ek in side East-Fryslân.

Eastfryslân komt rûchwei oerien mei it eardere Greefskip Eastfryslân. Eastfryslân omfiemet de bestjoerlike distrikten (Landkreise) Auwerk, Lier en Wittmund en it stedsdistrikt (Kreisfreie Stadt) Emden. De Eastfryske eilannen binne Boarkum, Júst, Nordeneach, Baltrum, Langereach en Spikereach.

Eastfryslân hie op 31 desimber 2022 475.314 ynwenners op in oerflak fan 3144 km². Mei in befolkingstichtens fan 150 /km² is er neffens Leechsaksyske begripen (168 /km²) reedlik ticht befolke, mar neffens Dútske begripen (233 /km²) is er reedlik tin befolke. Tekenjend foar Eastfryslân is dat it net troch in grutte stêd dominearre wurdt. Yn Eastfryslân binne de midgrutte stêden Emden, Auwerk, Lier, Norden, en Wittmund fan belang. Lytsere stêden binne Wiesmoor, Weener en Esens. Ek de eilângemeenten fan Boarkum en Nordeneach hawwe de status fan stêd. Fierder bestiet it goa út in soad lytse doarpen.

 
Polderlân yn it Reiderlân

Lykas yn de rest fan East-Fryslân is Eastfryslân in flak gea mei in soad greidlân te ferlykjen mei dy yn Westerlauwersk Fryslân. De folgjende lânskipstypen wurde ûnderskaat:

  • Kustgebiet:
    • It dunelânskip en sânstrannen op 'e Eastfryske eilannen. Troch de getiden bliuwt it sân yn beweging en komme der nije sânbanken by. It eilân Memmert is winliken ien grutte sânbank.
    • Oan de súdkant fan de Eastfryske eilannen geane kwelders mei slinken yn de Waadsee oer. Oan de súdrâne fan de Waadsee ûntstiet nei bûtendyks lân en de kust fan de fêstewâl wurdt oer de hiele lingte beskerme troch de seedyk.
    • Op 'e fêstewâl by de kust lâns hat Eastfryslân in polderlânskip (de saneamde mersken). De klaaigrûn of merskgrûn is tige fruchtber. Op dy klaaigrûn lizze ek de terpen.
  • Binnenlân:
    • Nei it binnenlân ta leit de geastgrûn, in heger leechlân (tusken de 5 en 15 meter boppe seenivo) besteande út sânige grûn. Dat gebiet ûntstie troch ekologyske prosessen, wêrby't de wyn it sân ferpleatste. De geastgrûn wurdt skaaimerke troch in kûlisselânskip mei houtwâlen.
    • It binnenlân fan Eastfryslân hie eartiids grutte feangebieten. Dy feangebieten ûntstienen yn it holosene tiidrek troch de opbou fan plantaardich materiaal yn wetterige omjouwings. Fean wie eartiids in wichtige brânstofboarne en yn Eastfryslân binne de grutste feangebieten ôfgroeven. De feangebieten hawwe in Feankolonjaal lânskip mei lintbebouwing by de feankanalen (Wieken - wiken) del. Hjir en dêr binne noch lytse feangebieten oer.
  • Rivierdelling: De iggen fan de Iems en it dêroan swettende lân is tige fruchtber en geskikt foar lânbou. De ôfwettering fan dy gebieten is krúsjaal foar it behâld fan de lânbougrûn.

Nei it binnenlân ta hat Eastfryslân in ferskaat oan boskgebieten. It Heseler Wald en Holle Sand binne oanlein om de sândunen net mear rûnwaaie te litten. Yn it Holle Sand leit ek it heechste punt fan 'e fêstewâl, de saneamde Kugelberg mei 18,6 meter hichte. Op Noardereach leit de heechste dún mei 24,4 boppe seenivo. It djipste punt leit yn de gemeente Krummhörn, dêr't it poldergebiet Freepsumer Meer op 2,5 meter ûnder seenivo leit.

Grûnstoffen en miljeu

bewurkje seksje
 
Berumerfehner Moor

Ierdgas, ierdoalje en sân binne de wichtichste grûnstoffen. De oalje- en ierdgasfoarrieden fan Eastfryslân lizze foaral yn de djippe sedimintbasins dy't ûntstienen yn it mesozoïkum. Hoewol't de oalje- en ierdgasfoarrieden lang net sa grut binne as yn it oanbuorjende Grinslân, binne se likegoed fan ekonomysk belang. Sân is in wichtige grûnstof foar de bou- en yndustrysektor en komt benammen yn de binnenlânske gebieten fan Eastfryslân foar. Dêr binne relatyf in protte sânwinputten, guon binne al frijjûn as rekreaasje- of natuergebiet.

Eastfryslân wurdt konfrontearre mei ferskate miljeuproblemen lykas ferdrûging fan de feangebieten, kusteroazje en de ympakt fan de ierdgaswinning. Boppedat wurdt út de lêste feangebieten noch hieltyd turf wûn foar de túnbou, hoewol't it protest út de polityk wei tanimt. Yn Etzel (Landkreis Wittmund) binne 75 ûnderierdske opslachlokaasjes foar ierdgas en oalje. Yn totaal hawwe sy in opslachkapasiteit fan 40 miljoen kubike meter. Tsjin de ûnderierdske opslachlokaasjes is in protte wjerstân, om't sy in bedriging foarmje soenen foar it grûnwetter.

Histoaryske lânskippen

bewurkje seksje

Eastfryslân bestie oarspronklik út de folgjende lânskippen (goaen):

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje
 
Gemeenten yn Eastfryslân
 
Dize oan de grûn yn Eastfryslân
 
Hokkelingen yn de greidlân by Wrisse

Eastfryslân bestiet út 4 lânkringen en 31 gemeenten:

Grutste plakken

bewurkje seksje

De grutste plakken fan Eastfryslân binne (teldatum 31-12-2022):

Nr. Namme Lânkring
Ynwennertal
1 Emden Emden 50.535
2 Auwerk Lânkring Auwerk 42.970
3 Leer Lânkring Leer 35.663
4 Norden Lânkring Auwerk 25.179
5 Wittmund Lânkring Wittmund 20.773
6 Weener Lânkring Leer 15.997
7 Wiesmoor Lânkring Auwerk 13.502
8 Esens Lânkring Wittmund 7.427
 
Eastfryslân om 1600 hinne troch Ubbo Emmius

Fryske Frijheid en de Opstalbeam

bewurkje seksje

Om 700 hinne wie Eastfryslân ûnderdiel fan it Frysk stamgebiet dat yn it Latynsk Magna Frisia neamd waard. Mei de feroveringen troch de Frankyske keningen Karel Martel en letter Karel de Grutte waard Fryslân ûnderdiel fan it Frankyske Ryk.

De kerstening, dy't troch de Franken oanjage waard, stûke mei de komst fan de Wytsingen.[1] It heidenske leauwen bleau dêrtroch it folksleauwen, pas yn 'e lette 11e iuw gongen de Friezen yn mearheid op it kristendom oer.[2] It kleaster fan Reepsholt, dat yn 'e 10e iuw stifte waard, soe in pear iuwen lang it iennichste kleaster fan Eastfryslân bliuwe. Pas nei 1200 sette de kleasterbou yn Eastfryslân troch.

 
De Opstalbeam is fanâlds in grêfheuvel. It monumint is fan 1833.

It Frankyske Ryk foel mei it Ferdrach fan Prüm (855) út elkoar yn ferskillende gebietsdielen mei elk in eigen hearsker. Nei in ûnderlinge striid tusken dy gebietsdielen folgen yn 870 it Ferdrach fan Meerssen en yn 880 it Ferdrach fan Ribemont. De Fryske lannen soenen dêrtroch ûnderdiel wurde fan it Eastfryske Ryk, dat yn de 9e iuw ta it Hillige Roomske Ryk omfoarme waard. Binnen it Hillige Roomske Ryk berôpen de Friezen har op it Karelsprivileezje. Oer de echtheid en oarsprong fan it Karelsprivileezje is net mear bekend as in 13e iuwske falsifikaasje. Lykwols waard de Fryske Frijheid yn 1248 troch de Roomsk-kening Willem II befêstige. Eastfryslân wie dêrmei ûnderdiel fan de Sân Seelannen en hie mei de oare Fryske lannen tusken Fly/Sudersee en Wezer in eigen bestjoer en rjochtssysteem. De eigen net-feodale bestjoersfoarm fan de Fryske lannen wie útsûnderlik yn Europa.

Om mear ienheid tusken de Fryske lannen te krijen kaam it Opstalbeam-bûn yn 'e lette midsiuwen by elkoar. It Opstalbeam-bûn lei rjochten fêst en makke mienskiplike besluten, bygelyks it oan Appingedaam ferliende stedsrjocht en in rige ferdraggen mei de kening fan Frankryk. Yn 1361 fûn de lêste gearkomste fan it bûn yn 'e stêd Grins plak.[3]

 
Nei de Slach op de Wylde Ikkers (1427) wurdt Okko II tom Brok troch Fokko Ukena finzen nommen.

Partijstriid en de ein fan de Fryske Frijheid (1413-1464)

bewurkje seksje

Yn 'e rin fan 'e 14e iuw wurde in oantal haadlingen hieltyd machtiger lykas de famylje Tom Brok. Yn 'e Grutte Fryske Oarloch (1413-1422) wurdt dúdlik hoe fier oft de ferskillende haadlingen gean wolle dy't troch de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers tsjinoer elkoar komme te stean. De famylje Tom Brok kriget mei de Frede fan Grins yn 1422 in wichtige posysje yn Eastfryslân. Yn it suden fan Eastfryslân ûntstiet der al gau ferset tsjin it bewâld fan de machtige famylje Tom Brok. Under lieding fan haadling Fokko Ukena wurde yn 1426 en 1427 twa fjildslaggen fochten dy't letter as de Eastfryske Befrijingsoarloggen bekend wurde soenen.

Nei de oerwinning op Okko II tom Brok besocht Fokko Ukena syn macht te konsolidearjen. Hy makke lykwols gjin freonen en lei hieltyd hegere belestingen op en ûnderdrukte alle foarmen fan tsjinspraak. De Eastfriezen hienen ûnder Okko II tom Brok al in minne tiid meimakke en belibben ûnder Fokke Ukena winliken itselde bewâld. Fokko Ukena presintearre himsels as de ferdigener fan de Fryske Frijheid, mar nei syn machtsoername waard hy troch it folk júst as in ferrieder fan de Fryske Frijheid beskôge.

De famylje Sirksena organisearre it ferset tsjin it bewâld fan Fokko Ukena. Op 14 novimber 1430 waard it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen oprjochte. It Frijheidsbûn belage de Fokkenboarch yn Lear in healjier lang. yn 1433 waard Ukena syn lêste ferset yn 'e Slach by Bargeboer brutsen. Tenei soe de famylje Sirksena de wichtichste haadlingefamylje fan Eastfryslân wurde.

De famylje Sirksena hie ûnder oaren boargen yn Greetsiel, Emden, Auwerk en Berum. De famylje makke net deselde flaters as de famylje Tom Brok en Fokko Ukena en koe harren macht konsolidearje. Yn 1464 makke de famylje formeel in ein oan 'e Fryske Frijheid. Mei de beneaming fan Ulrik Sirksena ta ryksgreve krige Eastfryslân in eigen greve en Eastfryslân waard sa noch fêster ûnderdiel fan it Hillige Roomske Ryk

It hûs Sirksena (1464-1744)

bewurkje seksje

Yn de oarkonde fan de keizer fan 1464 waard fêstlein dat it hûs Sirksena tenei troch erfopfolging de greve fan Eastfryslân leverje mocht, mar tagelyk waard ek regele dat de Friezen harren frijheden en rjochten gruttendiels hâlde mochten.[4] Sa kaam der romte foar de Gearkomste fan Stannen. Sa'n Gearkomste fan Stannen waard yn oare gebieten ek wol de lândei of steaten neamd, mar yn Eastfryslân waard de namme lânskip keazen. Sa ûntstie binnen inkelde generaasjes de Eastfryske Lânskip. De Eastfryske Lânskip ûnderskiede him bot fan oare 'steaten', 'stannen' of 'lândagen', dêr´t de trije stannen ornaris fertsjintwurdige wienen troch de adel, geastlikheid en boargerij (fan 'e stêden). Yn Eastfryslân waard de geastlikheid ferfongen troch de boerestân én dy hie ek noch likefolle sizzenskip as de oare twa stannen. Dêrneist lei it grutste diel fan it foech net by de greve, mar by de Eastfryske Lânskip.

De meast ferneamde greve út it hûs Sirksena wie Edzard de Grutte (1462-1528). Under syn bewâld koe Eastfryslân grutte dielen fan de Grinzer Ommelannen en besette it eastlike diel fan it Eastfryske skiereilân. Yn it Saksyske Skeel (1514-1517) hie de befolking fan Eastfryslân slim te lijen fan de totale oarloch tsjin it Hillige Roomske Ryk. Edzard syn ambysje om te ekspandearjen, hy woe ek Westerlauwersk Fryslân ûnder syn macht bringe, liet er nei trije jier oarloch gewurde. It eastlike diel fan Eastfryslân mocht er nei ûnderhannelingen hâlde.

 
Emden yn 1575.

Om 1520 hinne begûn de Reformaasje yn Eastfryslân. Oars as yn de rest fan Europa wie it net de hearsker dy't de nije lear oplei. Edzard de Grutte wie yn syn posysje te swak om ien bepaalde religy troch te drukken. Sa ûntstie der in sitewaasje wêryn't it katolisisme en it protestantisme earst noch neist elkoar bestean koenen. Bepalend foar it religieuze libben yn de dêropfolgjende iuwen wie de protestânske skieding tusken de kalvinisten yn it westen en de lutersken yn it easten fan Eastfryslân. Foaral de stêd Emden profitearre fan de religieuze flechtlingen út de Nederlannen. Under de religieuze flechtlingen wienen ûnder oaren folgelingen fan Menno Simons, mar ek guon út Frankryk en Ingelân. Emden waard neist Genève en Wittenberch as it tredde sintrum fan de Reformaasje bestimpele. Lykwols kaam mei de groei fan Emden ek de machtstriid mei it hûs Sirksena. It hichtepunt fan dy machtstriid wie de Emder Revolúsje yn 1595. Greve Edzard II waard dêrby twongen om syn residinsje nei Auwerk te ferlizzen en in grut diel fan syn rjochten yn Emden op te jaan.

Emden hie om 1600 sa'n 15.000 ynwenners. Foar de ferhâldingen fan dy tiid in grutte stêd, oerienkomstich mei Ljouwert en Grins. Yn 1604 waard Johannes Althusius stedssyndikus fan Emden en ferstevige de posysje fan de stêd tsjinoer de greve en oare konkurearjende stêden. Mei help fan de Nederlannen en in Nederlânske legerke binnen de stedsmuorren wie Emden tagelyk de facto in frije ryksstêd. Wylst Eastfryslân yn de Tritichjierrige Kriich gjin lêst hie fan grutte militêre konflikten op syn grûngebiet, wie it wol it rêstplak fan inkelde troepen dy't fan it lân en de befolking libben. Allinnich Emden mei syn bolwurken koe de ferskillende troepenmachten bûten de doar hâlde. It wienen ek Emder keaplju dy't yn 1633 de earste feankolony fan Eastfryslân, Westgroßefehn, finansierden.

 
It oerstreamde gebiet op in kaart út 1717 fan Johann Baptist Homann (1663-1724)

Yn 1717 hie de krystfloed ferneatigjende gefolgen foar Eastfryslân. Yn desimber fan dat jier stie der deimannich in stoarmige wyn út it súdwesten. Op de sneon foar Kryst feroare dat yn in noardwestlike stoarm, dy't wetter út de Atlantyske Oseaan troch it Kanaal yn de Noardsee treau. De diken koenen de wettermassa's net oan en brutsen úteinlik op 24 desimber om middernacht hinne, wat betsjutte dat it lân oerstreamde. Neitiid stie de helte fan Eastfryslân ûnder wetter. De orkaaneftige stoarm boldere trije dagen lang en yn dy tiid bleau it wetter troch de stikkene diken streamen. Dêrtroch koe it wetter dat al op it lân stie net wer fuort. De stoarmfloed soarge sels foar grutte skea op plakken fier fan de kust ôf lykas Riepe, Simonswolde en Ayenwolde. Neffens in ferslach fan de Emder predikant Gerhardus Outhof yn 1718 (Verhaal van alle de hooge waterfloeden) kamen der yn Eastfryslân 2.787 minsken om it libben. It fee hie ek slim te lijen. Yn totaal ferdronken der 2.259 hynders, 9.514 kij, 2.589 skiep en 1.048 bargen (15.410 bisten). Troch de ramp 1.030 huzen kompleet ferneatige en 1.833 rekken (swier) skansearre.

Yn 1726-1727 wie der de saneamde Appél-Oarloch tusken foarst Joaris Albrecht en de stannen (Eastfryske Lânskip), dy't Joaris Albrecht yn "hearrigen" of "rekalsitranten" opdield hie. De foarst koe mei help fan de Denen en it Hillige Roomske Ryk de rekalsitranten, wêrûnder de stêd Emden, betwinte. Troch ûnderhannelingsflaters fan kânselier Enno Rudolph Brenneysen kamen de belutsen partijen lykwols net ta in duorsume freedsume oerienkomst. Hoewol't de kânselier en de foarst swiere straffen oplein hienen, krigen de rekalsitranten yn 1732 amnesty fan de keizer. Doe't foarst Georg Albrecht op 11 juny 1734 ferstoar, naam Karel Edzard op 18-jierrige leeftyd de offisjele taken oer as de lêste libbene neiteam fan Joaris Albrecht. Ek hy koe de konflikten mei de stannen net oplosse.

Nei de Appél-Oarloch Appél-Oarloch riede Prusen de oername fan Eastfryslân ta. Dêrby spile de stêd Emden in wichtige rol. It Emder stedsbestjoer hie de ambysje om fan Emden wer in brûzjend hannelsplak te meitsjen. Fan 1740 ôf krigen hieltyd mear minsken it gefoel dat soks mei help fan Prusen mooglik wie. Foar dat doel moast der in ferdrach opsteld wurde om de Prusyske oanspraken jildich te ferklearjen. Omdat foarst Karel Edzard gjin bern presintearre Prusen op 8 novimber 1740 in plan fan oanpak om de erfenis oan Prusen takomme te litten. Op 14 maart 1744 waarden twa ferdraggen sletten, dy't mei-inoar bekend steane as de Emden Konvinsje. Mei dy ferdraggen wie de oerdracht oan Prusen feilich steld en ek de rjochten fan de stêd Emden en dy fan de stannen waarden garandearre. Op 25 maaie 1744 kaam Karel Edzard as lêste lid fan it hûs Sirksena sûnder bern te ferstjerren.

Prusen en de Frânske tiid (1744-1815)

bewurkje seksje

Nei it ferstjerren fan Joaris Albrecht waard Eastfryslân in provinsje fan Prusen. Eastfryslân waard sûnder ferset troch Prusen ynnommen en Sebastian Anton Homfeld waard de nije kânselier. Yn 1751 en 1755 brocht Freark II fan Prusen in fisite oan Eastfryslân. It Prusyske bewâld brocht ekonomyske bloei en makke Eastfryslân nei de bûtenwrâld iepener. Lykas tasein krige de haven fan Emden nije privileezjes. Yn 1754 waard in nije brânfersekeringsmaatskippij oprjochte, de saneamde Ostfriesische Landschaftliche Brandkasse, dy't hjoed-de-dei noch hieltyd yn oerheidshannen is mei de Eastfryske Lânskip as grutoandielhâlder.

Mei de Frede fan Tilsit tusken Napoleon en Prusen yn 1807 waard Eastfryslân ûnderdiel fan it Earste Frânske Keizerryk. Yn 1808 waard Eastfryslân ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân dêr't Napoleon syn broer, Louis Bonaparte, kening fan waard. Mei it ferdriuwen fan Napoleon kamen de Prusen yn de jierren 1813-1815 werom. De winsk om wer by Prusen te hearren moasten de Eastfriezen by it Kongres fan Wenen fan 1814-1815 farre litten. Prusen moast Eastfryslân oan it Keninkryk Hannover oerjaan. It Feriene Keninkryk stie achter dat beslút omdat se Prusen gjin tagong ta de Noardsee jaan woenen. Under Hannover bloeide de ekonomy net wer op, foar in part wie der sels sprake fan krimp.

 
De ynfrastruktuer yn Eastfryslân

Yn Eastfryslân rinne de folgjende autogongwegen:

Wichtige autowegen binne:

De stêd Lier is it spoarknooppunt fan it goa. Dêrwei rinne fjouwer fan de fiif Eastfryske spoarlinen:

  • Lier - Emden - Norden - Norddeich nei it noarden (DB), mei yn Emden in lytse ôfspjalting nei Emden-Bûtenhaven dêr't beheind treinferkear oer plakfynt
  • Lier - Aldenburch - Bremen nei it easten (DB)
  • Lier - Papenburch - Rheine - Ruhrgebiet nei it suden (DB)
  • Lier - Grins nei it westen (Arriva, Wiederline)
  • Esens - Wittmund - Jever - Sande - Wilhelmshaven (NordWestBahn) as ôfspjalting fan de spoarline Aldenburch - Wilhelmshaven

Nettsjinsteande al dy spoarlinen binne der mar alve spoarstasjons yn Eastfryslân: Burhafe, Emden sintraal stasjon, Emden bûtenhaven, Esens, Lear, Marienhafe, Norden, Norddeich, Norddeich Mole, Weener en Wittmund. Dêrnjonken is der in museumspoarline, de Museumseisenbahn Küstenbahn Ostfriesland, tusken Norden en Dornum.

 
Iems-Jadekanaal yn Emden

De wichtichste wetterwegen binne de rivier de Iems, mei as sydrivier de Leda, en it Iems-Jadekanaal. Dêrnjonken binne der yn de feangebieten ferskate lytsere kanalen.

Emden hat fierwei de grutste haven fan de goa en is tagelyk de fearhaven fan fearboaten nei Boarkum. Lier en Weener binne fanâlds havenstêden oan de Iems. Lytsere fearhavens by de kust del binne:

Ek bestiet der in beheinde feartsjinst by de mûning fan de Iems tusken de plakken Ditzum en Petkum.

Iepenbier bestjoer

bewurkje seksje
 
Eastfryske Lânskip yn Auwerk

Bestjoerlik binne de lânkringen (Landkreise) ûnderferparte yn gemeenten, dy't út meardere doarpen en buorskippen *Ortsteile) bestean, dy't sels ek wer in eigen doarpsried hawwe kinne, of gearwurkingsgemeenten (Samtgemeinden), dêr't in tal gemeenten mei-inoar oparbeidzje. De kringfrije stêd (Kreisfreie Stadt) Emden is net ûnderferparte yn gemeenten. Benammen yn de 1970-er jierren is it tal gemeenten yn it ramt fan gemeentlike weryndielings tige weromkrongen.

De bestjoerlike ienheid Eastfryslân ferdwûn mei it opheffen fan it Regierungsbezirk Ostfriesland yn 1978. De Eastfryske Lânskip yn Auwerk is in bestjoersorgaan op it mêd fan kultuer, ûnderwiis en wittenskip. It heechste orgaan binnen de Eastfryske Lânskip is it Lânskipskolleezje (Landschaftskollegium) mei dêryn de lânskipspresidint en sân riedslju. Dy wurde keazen troch de Lânskipsried, in parlemint mei 49 leden dat yndirekt troch de folksfertsjintwurdigers fan de lânkringen Emden, Auwerk, Wittmund en Lear keazen wurdt.

By de ferkiezings foar de Bûnsdei of Lândei is Eastfryslân ûnderdiel fan kiesdistrikt 24 Auwerk-Emden, kiesdistrikt 25 Underiems (dêr't it net-Fryske lânkring Iemslân ek ûnderdiel fan is) en kiesdistrikt 26 Fryslân – Wilhelmshaven – Wittmund. Eastfryslân is noch altyd in SPD-bolwurk. By de de Bûnsdeiferkiezings fan 2005 helle dy partij yn it kiesdistrikt Auwerk-Emden 55,9% fan de stimmen (Zweitstimme). By de Bûnsdeiferkiezings fan 2021 skommele it persintaazje SPD-stimmen (hjir Zweitstimme) tusken de 34% en 43%.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J. Hines, N. IJssennagger, Frisians and Their North Sea Neighbours
  2. H. Schmidt, Kirchenbau und „zweite Christianisierung" im friesisch-sächsischen Küstengebiet während des hohen Mittelalters, yn 'Niedersächsisches Jahrbuch für landesgeschichte' (1987), nû 59, siden 63-93.
  3. H. van Lengen, Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende, Eastfryske Lânskip (2003), ISBN 3-932206-30-4, side 425
  4. Eastfryske Lânskip: Geschichte der Ostfriesischen Landschaft
Wikimedia Commons  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eastfryslân fan Wikimedia Commons.