Bisdom Múnster
It Bisdom Múnster (Dútsk: Bistum Münster; Latyn: Dioecesis Monasteriensis) is in roomsk-katolyk bisdom mei de haadsit yn de Dútske stêd Múnster.
Bisdom Múnster
Bistum Münster | ||
Katedraal | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Tsjerkeprovinsje | Keulen | |
Biskopssit | Múnster | |
Katedraal | Dom fan Múnster | |
Patroanhillige | Sint-Paulus | |
Hiemside | bistum-muenster.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 793 | |
Hierargy | ||
Aartsbiskop | Felix Genn(sitewaasje 2023) | |
Statistyk | ||
Oerflak | 15.265 km² | |
Befolking | 4.354.000 (31.12.2021) | |
Wêrfan katolyk | 1.713.000 (31.12.2022; 39,3 %) | |
Dekenaten | 8 Kreisdekanaten ûnder te ferdielen yn 39 dekenaten (16.04.2015) | |
Parochy's | 208 (27.06.2022) | |
Lokaasje bisdom Múnster yn Dútslân |
Gebiet
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske bisdom omklammet de neikommende gebieten:
- Yn Westfalen: Múnster, Hamm (noardlik fan de rivier de Lippe), Borken, Coesfeld, Recklinghausen, Steinfurt en Warendorf.
- Oan de Nederryn: Kleef en Wesel
- Yn Leechsaksen: Delmenhorst (by Bremen-om), Aldenboarch en Wilhelmshaven, de gebieten Ammerlân, Kloppenburch, Fryslân , Aldenboarch, Vechta en Wezermersk.
Oant 1559 wienen Grins en Ommelannen en de gemeente Achtkarspelen ûnderdiel fan it bisdom Múnster, dy binne letter by it bisdom Grins-Ljouwert kaam. East-Fryslân leit no yn it bisdom Osnabrück. It Eastfryske Jeverlân, Sealterlân en Bûtjadingen wienen eartyds part fan it bisdom Bremen.
Skiednis
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Prinsbisdom Mûnster.
It bisdom waard yn 793 stifte troch de Fries Liudger. It besit yn Nederlân besloech likernôch it gebiet dêr’t Liudger sels preke hie, dat rûchwei oerienkaam mei de gemeente Achtkarspelen en de Ommelannen.
Nei de reformaasje en tsjinreformaasje, de Tritichjierrige oarloch (1618-1648) en de Frede fan Westfalen (1648) bleau Múnster in prinsbisdom. Yn 1650 waard Bearend fan Galen biskop fan Múnster. Hy fierde twa kear oarloch tsjin de Nederlannen. Yn 1672 besocht er de stêd Grins te feroverjen, dêr’t er de namme “Bommen Bearend” oan oerholden hat. It prinsbisdom hold yn 1803 op te bestean.
Domtsjerke
bewurkje seksjeDe katedraal fan it bisdom is de Sint-Paulusdom yn Múnster. It is de tredde katedraal op itselde plak. Yn 1225 waard de earste stien lein foar de dom, dy't yn 1264 ynwijd waard. De domtsjerke waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch bombardeminten op de stêd foar in grut part ferneatige. It eardere haadportaal lei hielendal yn pún en waard yn moderne foarmen wer opboud. Yn 1956 waard de katedraal op 'e nij ynwijd.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Múnster fan Wikimedia Commons. |