[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wyatt Earp

Ut Wikipedy
Wyatt Earp
Wyatt Earp mei 39 jier.
Wyatt Earp mei 39 jier.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wyatt Berry Stapp Earp
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 maart 1848
berteplak Monmouth (Illinois)
stoarn 13 jannewaris 1929
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
Ulstersk
wurkpaad
berop/amt û.o. plysjeman, fuorman,
útsmiter, bordeelhâlder
jierren aktyf 18661910
reden
  bekendheid
Sjitpartij by de O.K.-Kraal
ikoan fan it Wylde Westen
offisjele webside
www.wyattearp.net

Wyatt Earp (útspr.: ['wa:iət œɹp], likernôch: "ûaai-jut urp"; folút: Wyatt Berry Stapp Earp; Monmouth (Illinois), 19 maart 1848Los Angeles, 13 jannewaris 1929) wie in Amerikaansk plysjeman en revolverman dy't yn 'e tiid fan it Wylde Westen sheriff of marshal wie yn rouwe plakken oan 'e Amerikaanske frontier, lykas Wichita, Dodge City en Tombstone. Hy late in ûngeduerich libben en wie fierders ek fuorman, jager op bizons, útsmiter, eigner fan ferskate saloons, gokker, bordeelhâlder, goudsiker en skiedsrjochter by bokswedstriden.

Earp waard ferneamd doe't er yn 1881 yn Tombstone mei syn bruorren Virgil en Morgan en syn freon Doc Holliday yn 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal trije banditen deaskeat dy't leden wiene fan 'e binde The Cowboys. Doe't de binde neitiid wraak naam, fierde Earp mei famyljeleden en freonen in skoft lang in fendetta tsjin harren, dy't bekend waard as de Earp Vendetta Ride. Letter makke Earp syn fortún ûnder de Goudkoarts fan Klondike en sette er him nei wenjen yn Kalifornje, dêr't er úteinlik yn 'e âlderdom fan 80 jier stoar sûnder ea yn in sjitpartij ferwûne rekke te wêzen. Tsjin dy tiid wied er in ikoan fan it Wylde Westen wurden as de taaiste en deadlikste revolverman fan syn tiid, in byld dat noch oanfitere waard troch de fierhinne fiktive biografy dy't yn 1931 fan him ferskynde. Neitiid hat Earp syn libben ûnderwerp west fan withoefolle films, tillefyzjeprogramma's, biografyen en romans.

Wyatt Earp waard yn 1848 berne yn Monmouth, yn it westlike part fan 'e Amerikaanske steat Illinois, as de soan fan Nicholas Porter Earp (1813-1907) en dy syn twadde frou Virginia Ann Cooksey (1821-1893). Syn heit hie yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch fochten, en de jonge Wyatt waard ferneamd nei syn heite superieur út dy tiid, kaptein Wyatt Berry Stapp fan 'e 2e Kompanjy Frijwilligers te Pearde fan Illinois. Earp wie fan mingd Ingelsk en Ultsersk (d.w.s. Noardiersk protestantsk) etnysk komôf. Hy hie in âldere healbroer, Newton Earp (1837-1928), út it eardere houlik fan syn heit, en ek in âldere healsuster, Mariah Ann Earp, dy't lykwols as poppe fan tsien moannen yn 1839 kommen wie te ferstjerren. Fierders hied er fjouwer folle bruorren: James (1841-1926), Virgil (1843-1905), Morgan (1851-1882) en Warren (1855-1900), mei dêropta trije folle susters, Martha (1845-1856), Virginia (1858-1861) en Adelia (1861-1941).

Wyatt Earp mei syn mem, Virginia Ann Cooksey Earp, omtrint 1856.

Yn maart 1849 of mooglik begjin 1850 joech Nicholas Earp him mei sa'n hûndert oaren by in karavaan fan kapweinen dy't dwers troch Noard-Amearika op Kalifornje oan soe, dêr't op dat stuit de Kalifornyske Goudkoarts geande wie. It wie Nicholas der lykwols om te dwaan en fyn dêr goede lânbougrûn ynstee fan goud. Hy besleat dêrom te ferfarren nei de omkriten fan San Bernardino, yn it súdlike diel fan 'e steat. Underweis nei it westen waard syn dochter Martha lykwols siik, dy't net wer opbetterje en úteinlik ferstjerre soe. De Earps joegen dêrom de reis nei it westen op en fêstigen har yn 'e steat Iowa, dêr't se in boerespultsje stiften op 11 km noardeastlik fan 'e stêd Pella. Dêre brocht Wyatt Earp syn jonkheid troch.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) fungearre Nicholas Earp, mei syn militêre eftergrûn, as rekruteur foar it Noardlike Leger en as sersjant-ynstrukteur foar militêre ienheden dy't yn 'e omkriten fan Pella oprjochte waarden. Wyatt syn healbroer Newton en syn âldere bruorren James en Virgil namen tsjinst en fochten oan 'e Noardlike kant yn 'e boargeroarloch, wylst Wyatt en syn jongere bruorren Morgan en Warren efterbleaune om thús it boerewurk te berêden. Wyatt wie noch mar trettjin jier doe't de oarloch útbriek, wat fierstente jong wie om tsjinst te nimmen, mar likegoed besocht ferskate kearen om fan hûs fuort te rinnen en soldaat te wurden. Eltse kear spoarde syn heit him lykwols op en sleepte him mei werom nei hûs. James rekke slim ferwûne by gefjochten yn 'e omkriten fan Frederickstown, yn Missoery, en kaam yn 'e simmer fan 1863 thús. Newton en Virgil fochten mei yn ferskate fjildslaggen yn Firginia.

It hûs fan 'e Earps by Pella (Iowa).

Op 12 maaie 1864 organisearre Nicholas Earp in nije karavaan kapweinen en sette nei in fertraging fan hast fyftjin jier mei syn húshâlding de reis nei it westen fuort. De Earps kamen op 17 desimber 1864 oan yn San Bernardino, dêr't Newton en Virgil har nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch, yn april 1865, by harren joegen. Yn 'e simmer fan 1865 fûn Virgil wurk as koetsier foar de postkoetsen fan Phineas Banning yn Imperial Valley, en de doe sechstjinjierrige Wyatt holp him dêrby. Yn 'e maityd fan 1866 gie Wyatt op eigen manneboet oan 'e slach by in fuormanderij, wêrnei't er twa jier lang mei hynder-en-wein fracht ferfierde fan Wilmington by Los Angeles oer San Bernardino en Las Vegas nei Salt Lake City en werom. Yn 'e maityd fan 1868 waard er ynhierd om nedichheden foar de oanlis fan it spoar fan 'e Union Pacific Railroad oan te fieren nei de spoarein yn it Territoarium Wyoming. It wie yn dy tiid dat Earp sawol it gokken as it boksen oanlearde. Op 4 july 1868 of 1869 spile er foar it earst foar skiedsrjochter by in gefjocht tusken de boksers John Shanssey en Mike Donovan yn Cheyenne (Wyoming).

Underwilens wie de húshâlding Earp wer weromferfearn fan Kalifornje nei it easten, dêr't Wyatt syn heit Nicholas yn Lamar (Missoery) de pleatslike plysje (constable) waard. Wyatt joech him dêr yn 1869 wer by de famylje. Syn heit naam op 17 novimber 1869 ûntslach as plysje om ynstee rjochter te wurden. Wyatt waard doe yn syn plak beneamd as constable. Tsjin 'e ein fan dat jier kaam er yn 'e kunde mei Urilla Sutherland (±1849-1870), de dochter fan 'e pleatslike hoteleigner William Sutherland en dy syn frou Permelia, dy't út New York-Stêd wei nei Lamar ferfearn wiene. Wyatt en Urilla trouden op 10 jannewaris 1870, en kochten yn augustus fan dat jier foar $50 in eigen hûs yn Lamar. Tsjin dy tiid wie Urilla yn ferwachting, mar ear't se it bern te wrâld bringe koe, stoar se oan tyfus.

Urilla Sutherland, de earste frou fan Wyatt Earp.

Nei de dea fan syn frou rekke it mei Wyatt Earp yn in delgeande spiraal. As ûnderdiel fan syn wurk as constable wie it syn taak om in soarte fan kontribúsje te ynjen, dêr't de pleatslike skoallen fan betelle waarden, mar yn maart 1871 waard er troch de oerheid fan Barton County foar de rjochter dage op 'e beskuldiging dat er de kontribúsje wol ine mar nea ynlevere hie. Fjirtjin dagen letter folge der in nije rjochtsaak, tsjin him oanspand troch in James Cromwell, dy't bewearde dat Earp offisjele dokuminten ferfalske hie oer de hichte fan in jildbedrach dat Cromwell oan him betelle hie. De rjochtbank joech Cromwell gelyk en lei beslach op Earp syn meanmasine, dy't likernôch it ferskil wurdich wie tusken it bedrach dat Cromwell oan Earp betelle hie en it bedrach dat Earp by it stedsbestjoer ynlevere hie.

Op 28 maart 1871 waarden Earp, in Edward Kennedy en in John Shown beskuldige fan it stellen fan twa hynders fan in William Keys. Earp waard dêrfoar op 6 april arrestearre troch de U.S. marshal J.G. Owens. Nei twa moannen yn foararrest sitten te hawwen yn ôfwachting fan 'e behanneling fan 'e rjochtsaak, ûntsnapte Earp troch in gat yn it dak fan syn sel en pykte út nei Peoria, yn Illinois. Dêr soed er him neffens syn biograaf Stuart Lake yn 'e winter fan 1871 op 1872 ûnderholden hawwe mei de jacht op bizons, mar Earp wenne yn Peoria yn it hûs fan 'e madam Jane Haspel, dy't in bordeel hie, en hy waard trije kear (yn febrewaris, maaie en septimber 1872) arrestearre foar "it hâlden fan en oanwêzich wêzen yn in kweaferneamd hûs". De arrestaasje fan 10 septimber soe neffens in artikel yn 'e Peoria Daily National Democrat plakfûn hawwe op in driuwend bordeel mei as namme de Beardstown Gunboat. Dat bordeel soed Earp sels dreaun hawwe mei in Sally Heckell, dy't harsels syn frou neamde.

Begjin fan 'e leginde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne oanwizings dat Earp yn 1873 en 1874 wer troch de tiid kaam mei it bejeien fan bizons. Begjin 1874 ferhuze er nei Wichita, yn Kansas, dêr't de registraasje fan arrestaasjes út dy tiid bewiist dat der fan begjin 1874 oant mids 1876 in Sally Earp wie dy't in bordeel dreau mei Bessie, de frou fan Wyatt syn broer James. It liket der sadwaande op dat Earp yn dy dagen de kost fertsjinne as poaier, mar histoarikus Robert Gary L. Roberts mient dat it wierskynliker is dat er fungearre as útsmiter en it runnen fan it bordeel oan syn 'frou' oerliet. Wichita wie yn dy tiid de westlike útein fan it spoar, dy't as bestimming fungearre foar it opdriuwen fan fee út Teksas wei, dat dêr op 'e trein nei de slachthuzen yn St. Louis en Chicago set waard. As it fee arrivearre, rûn de stêd fol mei dronken cowboys dy't allegear fjoerwapens by harren hiene en de ein fan harren lange reis fiere woene. Sadwaande wie der in protte wurk foar de plysje om it spul yn 'e stringen te hâlden.

Wyatt Earp mei 21 jier (1869).

Op 21 april 1875, nei de ferkiezing fan in Mike Meagher as marshal, waard Wyatt Earp formeel beneamd ta helpmarshal, mei in salaris fan $100 yn 'e moanne. Dêrnjonken wurke er ek as krûpeur fan faro yn in pleatslike saloon. Doe't er yn 1876 belangstelling toande foar it amt fan marshal, waard er der troch in eardere marshal, Bill Smith, yn it iepenbier fan beskuldige dat it inkeld syn bedoeling wie om as marshal syn bruorren baantsjes as helpmarshal te besoargjen. Dêrop briek tusken Earp en Smith slaanderij út, en dat late derta dat marshal Meagher twongen wie om Earp op 2 april 1876 út syn funksje as helpmarshal te setten. Nei't er dat jiers op 'e nij keazen waard ta marshal woe Meagher Earp op 'e nij as helpmarshal oanstelle, mar de gemeenteried fan Wichita wie dêr ferdield oer, en de saak rekke yn in ympasse. Doe't Earp syn broer James letter dat jier in bordeel iepene yn Dodge City (Kansas), ferliet Earp Wichita om dêrhinne te gean.

Yn 1876 naam Dodge City de funksje as feestedsje oan 'e westlike útein fan it spoar en de noardlike útein fan it Chisolm Trail út Teksas wei oer fan Wichita. Earp arrivearre dus op in opportún momint yn Dodge City, dêr't er yn maaie fan dat jier helpmarshal waard ûnder marshal Larry Deger. Der binne oanwizings dat Earp de winter fan 1876 op 1877 trochbrocht yn Deadwood (Súd-Dakota), in oar plak dat om dy tiid hinne in grutte befolkingsgroei trochmakke. Yn elts gefal wied er oan 'e ein fan 1877 net mear helpmarshal yn Dodge City, want doe't yn oktober fan dat jier de bandyt Dave Rudabaugh in konstruksjekamp fan 'e Atchison, Topeka & Santa Fe Railway berôve en nei it suden flechte, krige Earp in tydlike oanstelling as U.S. marshal om efter de man oan te gean. Earp efterfolge Rudabaugh oer in ôfstân fan likernôch 640 km nei Fort Griffin, oan 'e rivier de Brazos yn Teksas. Dêr kaam er yn 'e kunde mei de gokker Doc Holliday, dy't mei Rudabaugh kaartspile hie. Dyselde fertelde him dat Rudabaugh wer weromgien wie dat út nei Kansas.

Bat Masterson (l.) en Wyatt Earp (rj.) yn Dodge City yn 1876.

Sadwaande kearde Earp yn 'e maityd fan 1878 sûnder wat bedijd te hawwen werom yn Dodge City, dêr't er op fersyk fan boargemaster James H. "Dog" Kelley de funksje fan helpmarshal wer op him naam, diskear ûnder marshal Charlie Bassett. Dy simmer doeken Doc Holliday en Big Nose Kate, mei wa't er oer de putheak troud wie, op yn Dodge City. Yn dyselde snuorje arrivearre der ek in kloft Teksaanske cowboys yn 'e stêd, oanfierd troch in Ed Morrison, dy't al sjittende troch Front Street fjouweren, de Long Branch Saloon yngiene, dêr de boel fandalisearren en oare klanten lestichfoelen. Earp kaam op it trelit ôf, mar doe't er yn 'e saloon kaam, wiene der in stikmannich fjoerwapens op him rjochte. Holliday, dy't efteryn 'e saak oan it kaartspyljen wie, sette doe syn eigen revolver Morrison tsjin 'e holle oan, wêrmei't er dyselde en syn trewanten twong om harren oer te jaan. Earp sei neitiid altyd dat Holliday him dêrmei sûnder mis it libben rêden hie, en de beide mannen waarden goede freonen.

Yn syn tiid yn Dodge City kaam Earp ek yn 'e kunde mei Bat Masterson, dy't dêr krekt as hy as helpmarshal tsjinne, en fierders mei Bat syn broer James Masterson, de gokker Luke Short en de prostituee Mattie Blaylock (1850-1888), mei wa't er yn 1881 oer de putheak troude. Op 26 july 1878 wie der wer opskuor yn Dodge City, wêrby't George Hoyt en guon oare dronken cowboys yn it wylde wei om harren hinne begûnen te sjitten mei harren revolvers. Dat nimmen dêrby ferwûne rekke wie klearebare lok. Doe't Earp en Bat Masterson op it trelit ôfkamen, naaide de cowboys út. Wylst se de brêge oer de rivier de Arkansas oerstieken, waard Hoyt yn syn skonk rekke troch in kûgel en foel er fan syn hynder. Earp bewearde jierren letter foar syn biograaf Stuart Lake oer dat er Hoyt yn it fizier krigen hie tsjin it ljocht fan 'e opkommende sinne en dat er de man deasketten hie. Neffens de Dodge City Times wie Hoyt lykwols inkeld ferwûne rekke en stoar er yn augustus fan dat jier nei de amputaasje fan syn oansketten skonk oan kâldfjoer.

Mattie Blaylock, de twadde frou fan Wyatt Earp.

Yn 1879 ûntfong Earp in brief fan syn âldere broer Virgil, dy't plysjeman yn Prescott wie, yn it Territoarium Arizona. Yn dat brief fertelde Virgil oer de mooglikheden yn it stedsje Tombstone (Arizona), dat op dat stuit te krijen hie mei in befolkingseksploazje fanwegen de ûntdekking dat dêr grutte hoemannichten sulver yn 'e grûn sieten. Begjin septimber 1879 naam Earp ûntslach as helpmarshal yn Dodge City, wêrneit'er mei Mattie Blaylock, syn broer James en dy syn frou Bessie oer Las Vegas nei Arizona reizge. Yn Las Vegas joegen Doc Holliday en Big Nose Kate har by it selskip, en yn Prescott heakke ek Virgil Earp oan, dy't beneamd wie ta plakferfangend U.S. marshal foar súdeastlik Arizona. Se arrivearren op 1 desimber yn Tombstone, dêr't Wyatt en James Earp yn 't earstoan sulver besochten te finen en in postkoetstsjinst oprjochtsje woene. Doe't harren ynvestearrings allegear op 'e non rûnen, fûn Wyatt Earp yn april of maaie 1880 wurk as byrider op 'e postkoetsen fan Wells Fargo. Dy simmer arrivearren de bruorren Morgan en Warren Earp ek yn Tombstone.

Op 25 july 1880 rôp kaptein Joseph H. Hurst fan it Amerikaanske Leger de help fan Virgil Earp yn dy syn hoedanichheid fan plakferfangend U.S. marshal yn foar it opspoaren fan seis legermûldieren dy't stellen wiene út Camp Rucker. Virgil frege dêrby syn bruorren Wyatt en Morgan en Marshall Williams, in agint fan Wells Fargo, om help. Fiifresom fûnen se de mûldieren werom op 'e ranch fan in Frank McLaury, dy't ien fan 'e lieders wie fan in binde dy't The Cowboys neamd waard. (Yn dy tiid waard de term 'cowboy' brûkt foar banditen, wylst feedriuwers "cattle herders" neamd waarden.) Behalven de bisten fûnen se ek in brânizer dat brûkt wie om it brânmerk "U.S." te feroarjen yn "D.8." Hoewol't it om in earnstich misdriuw gie, mei't de mûldieren eigendom fan 'e Amerikaanske oerheid wiene, sleaten kaptein Hurst en McLaury in kompromis op betingst dat de bisten weromjûn wurde soene. The Cowboys kamen lykwols sûnder de mûldieren op it ôfsprutsen plak opdaagjen en laken Hurst en de Earps út. Neitiid uteren se ferskate deadsbedrigings oan it adres fan 'e Earps.

Tombstone yn 1891.

Op 28 july 1880 waard Wyatt Earp troch sheriff Charlie Shibell oansteld as helpsheriff foar it eastlike part fan Pima County, dêr't Tombstone lei. Syn baan as byrider foar Wells Fargo droech er doe oer oan syn broer Morgan. It amt fan helpsheriff wie lukratyf, mei't de helpsheriff ek belestingynder wie en hy 10% fan 'e ine belestings sels hâlde mocht (wat delkaam op in jiersalaris fan $40.000, of yn hjoeddeisk jild sa'n $975.000). Op 28 oktober 1880 rekke Fred White, de marshal fan Tombstone, troch in ferdwaalde kûgel deadlik ferwûne doe't er te neare nacht in groepke dronken feestfierders delbêdzje woe dy't besochten de moanne del te sjitten. Hoewol't Wyatt Earp op dat stuit gjin fjoerwapen by him hie, gied er der daliks op ta en liende er in pistoal fan Fred Dodge. Dêrmei hufte er Curly Bill Brocius yn it gesicht, de man dy't by fersin White yn 'e ûnderbúk sketten hie. Earp en syn broer Virgil brochten Brocius, dy't in lid fan The Cowboys wie, letter dy deis oer nei Tucson, wêrmei't se him mooglik rêden fan in lynchpartij, mei't White yn Tombstone tige populêr wie. Neitiid waard Virgil njonken syn amt as plakferfangend U.S marshal ek oansteld as de stedsmarshal fan Tombstone.

By de ferkiezings foar it amt fan sheriff fan Pima County, yn novimber 1880, naam de sittende sheriff, Charlie Shibell, in Demokraat, it op tsjin 'e Republikeinske útdager Bob Paul. Mei't de krite sterk Republikeinsksinnich wie, waard ferwachte dat Paul Shibell maklik ferslaan soe. The Cowboys wiene lykwols op 'e hân fan Shibell, en soargen der mei stimbusfraude foar dat Shibell syn funksje mei in marzje fan 54 stimmen behold. Paul focht dy útslach oan, en Earp, dy't sels ek in Republikein wie, naam ûntslach as helpsheriff om him dêrby te helpen. Shibell stelde foar him yn 't plak de Demokraat Johnny Behan oan. Uteinlik waard Paul yn april 1881 yn it gelyk steld, mar hoewol't er doe sheriff fan Pima County waard, koed er Earp net syn âlde funksje weromjaan, mei't per 1 jannewaris 1881 Cochise County ûntstien wie út it eastlike part fan Pima County, sadat Tombstone en omkriten doe net mear ta de jurisdiksje fan Paul hearden.

Foar de nije posysje fan sheriff fan Cochise County hiene sawol Earp as Behan belangstelling. Under de rjochtsaak nei de Sjitpartij by de O.K.-Kraal tsjûge Earp lykwols dat hy en Behan it op in akkoartsje goaid hiene: Earp loek him werom, en sadree't Behan sheriff wurden wie, soed er Earp as helpsheriff beneame. Behan waard yn febrewaris 1881 yndie sheriff, mar hy briek syn ûnthjit en beneamde Harry Woods, in foaroansteand Demokraat, as helpsheriff. Doe't Behan ûnder de eed oer dy kwestje befrege waard, ûntstried er earst dat er in oerienkomst sletten hie mei Earp, mar letter joech er ta dat it dochs wier wie. Neffens him hied er neitiid syn wurd brutsen fanwegen in foarfal dat koart foar syn oanstelling plakhie. Der wie nammentlik mear as in jier earder in hynder fan Earp stellen, en begjin 1881 waard Earp trochdien dat dat bist yn it besit wie fan Ike Clanton, in lid fan The Cowboys, en dy syn broer Billy Clanton. Earp en Doc Holliday rieden nei de ranch fan 'e Clantons ta en hellen ûnderweis Behan yn in kapwein yn, dy't Ike Clanton in daging foar in rjochtsaak besoargje soe dy't neat mei de kwestje fan it stellen hynder út te stean hie. Neffens Earp joech Billy Clanton it hynder daliks werom sadree't hy en Holliday op 'e ranch oankamen, mar neffens Behan hie Earp tsjin Billy Clanton sein dat sheriff Behan ûnderweis wie om 'e Clantons op te pakken foar hynstedieverij. Om't er de sheriff yndie oankommen sjen koe, joech Billy Clanton doe sûnder fierder tsjinakseljen it hynder werom. Troch dat bedroch wiene sawol Behan as de Clantons yn ferlegenheid brocht, en dêrom woe Behan neitiid net mear mei Earp gearwurkje.

Josephine Sarah Marcus, de trêde frou fan Wyatt Earp.

Njonken dat beropsmjittige skeel wie der ûnderwilens ek op it persoanlike flak in konflikt tusken de 32-jierrige Earp en de 35-jierrige Behan ûntstien, mei't beide mannen belangstelling hiene foar deselde 18-jierrige frou, in Josephine Sarah Marcus (1861-1944). Neffens eigen sizzen wie dy op 1 desimber 1879 yn Tombstone oankommen as lid fan it teäterselskip fan Pauline Markham, mar hjoeddeistige histoarisy hawwe gjin inkeld bewiis weromfine kind dat immen mei har namme ea lid wie fan dy troep. Oan 'e oare kant is wol bekend dat Behan, foar't er yn septimber 1880 nei Tombstone ta kommen wie, in prostituee ûnderhold dy't Sadie Mansfield hiet. Mei't Sadie in bekende ropnamme foar Sarah is, en prostituees yn it Wylde Westen geregeldwei harren nammen feroaren, giet men der no frij algemien fan út dat Josephine Sarah Marcus eins deselde wie as Sadie Mansfield, dy't Behan nei Tombstone efternei reizge wêze moat.

Yn it foarjier fan 1881 trof Josephine har frijer Behan op bêd oan mei in freondinne fan harres, en fan gefolgen sette se him oan 'e dyk. Underwilens wie Earp syn freondinne Mattie Blaylock oanhelle rekke mei migrêne, dêr't har de pinestiller laudanum foar foarskreaun waard. Dêr wie se oan ferslave rekke. Hoewol't der gjin kontemporêne boarnen binne foar in relaasje tusken Earp en Josephine yn harren tiid yn Tombstone, kin dat maklik lizze oan it feit dat se beide neitiid hurd bodde hawwe om Earp syn reputaasje te behimmeljen. Sa waarden de nammen fan Josephine en Mattie Blaylock ûnder bedriging mei in rjochtsaak bûten de biografy Wyatt Earp: Frontier Marshal fan Stuart Lake holden, en Josephine fertelde ek oan Earp syn biografen dat er nea alkohol dronk, gjin saloons yn besit hân hie dêr't gokt waard en nea behelle wie yn it oanbieden fan prostitúsje, wat allegear planute leagens wiene.

Wyatt syn âldere broer Virgil Earp.

Nei't er syn posysje as helpsheriff kwytrekke wie, kocht Earp yn jannewaris 1881 in oandiel fan 25% yn 'e Oriental Saloon. Hy beloek âlde freonen as Bat Masterson en Luke Short by syn wurk dêre. Om dyselde snuorje hinne soe Earp (neffens syn biograaf Stuart Lake) sûnder help in grutte oproerige kliber folk delbêde hawwe dy't de gokker Michael O'Rourke lynche woe. Dyselde hie nammentlik, nei't er sels bewearde út selsferdigening, Henry Schneider deade, de populêre haadyngenieur fan 'e Tombstone Mining and Milling Company. Yn wurklikheid bêde Earp de mannichte folk net allinnich del, mar yn 'e mande mei Behan, syn broer Virgil en in Ben Sippy. It ferhaal sa't it ferteld waard troch Lake soe lykwols sterk bydrage oan 'e leginde fan Wyatt Earp.

Sjitpartij by de O.K.-Kraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 maart 1881 diene The Cowboys by Benson in mislearre oerfal op in postkoets fan Kinnear & Co., dy't nei't sein waard $26.000 oan sulver ferfierde (likernôch $635.000 yn hjoeddeisk jild). Dêrby kamen de koetsier Eli "Budd" Philpot en de passazjier Peter Roerig om. De bruorren Earp stalden in posse gear om 'e dieders op te spoaren. Se arrestearren in Luther King, dy't bekende dat er de leien fan 'e hynders beetholden hie foar de wiere dieders: Bill Leonard, Harry "The Kid" Head en Jim Crane. King waard oerdroegen oan sheriff Johnny Behan, dy't him nei it tichthûs brocht. Dêr gie King de foardoar yn en daliks de efterdoar wer út. De trije neamde dieders waarden nea pakt om't se alle trije koarte tiid letter deasketten waarden by oare berôvings.

Wyatt Earp syn freon Doc Holliday.

Op 8 septimber 1881 waard der wer in oerfal op in postkoets dien, diskear op ien fan 'e Sandy Bob Line fan Tombstone nei Bisbee. De maskere banditen berôven de passazjiers en naaiden út mei de klûs, mar harren identiteiten waarden efterhelle oan 'e hân fan harren stimmen, dy't de passazjiers weromkend hiene. It wiene twa helpsheriffs fan Behan: Pete Spence, dy't eins Elliot Larkin Ferguson hiet, en Frank Stilwell, allebeide freonen fan Frank McLaury en de oare Cowboys. Virgil Earp stalde fannijs in posse gear dêr't syn bruorren Wyatt en Morgan diel fan útmakken en arrestearre Spence en Stilwell. De beide mannen waarden letter op boarchtocht frijlitten yn ôfwachting fan harren rjochtsaak. Dit ynsidint late ta nije bedrigings fan The Cowboys oan it adres fan 'e bruorren Earp.

De spanning dy't him tusken de bruorren en de binde opboud hie, kaam hommels ta ûntlading op woansdei 26 oktober 1881. Dy deis wiene Ike Clanton, Frank McLaury en in groepke oare Cowboys yn Tombstone gearkommen by in feekraal oan Fremont Street dy't de O.K.-Kraal hiet. Virgil Earp hearde dêrfan, en besleat yn syn hoedanichheid as stedsmarshal dat de mannen ûntwapene wurde moasten. Hy frege syn bruorren Wyatt en Morgan en Doc Holliday om him dêrby te helpen. Wyatt wie op dat stuit tydlik assistint-U.S. marshal, Morgan wie helpstedsmarshal, en Virgil swarde Holliday spesjaal foar dy gelegenheid ek yn as helpstedsmarshal. Middeis omtrint 15.00 oere setten se fjouweresom nei de O.K.-Kraal ta. Dêr troffen se fiif leden fan The Cowboys oan. Doe't Virgil oanjoech dat se harren wapens opjaan moasten, briek der in sjitpartij út: de ferneamde Sjitpartij by de O.K.-Kraal. Ike Clanton en Billy Claiborne naaiden út, mar Frank McLaury, syn broer Tom McLaury en Billy Clanton waarden deasketten. Morgan rûn in skampskot oer de skouderblêden en de wringe op, Virgil waard troch it kût sketten en Doc Holliday krige in skampskot. Wyatt wie de iennichste dy't alhiel ûnskansearre út it gefjocht kaam. Troch de legindefoarming om syn persoan hinne wurdt Wyatt Earp hjoed de dei sjoen as de sintrale persoan yn 'e sjitpartij, mar dat strykt net mei de wurklikheid. Virgil Earp wie U.S. marshal en stedsmarshal fan Tombstone, en hy naam it foartou ta de konfrontaasje. Dêrby hied er ek folle mear ûnderfining as sheriff, marshal en oarlochsfeteraan as Wyatt.

In foto fan 'e tsjintwurdige deistige neispiling fan 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal yn Tombstone.

Op 30 oktober tsjinne Ike Clanton in oanklacht foar moard yn tsjin 'e bruorren Earp en Doc Holliday. Rjochter Wells Spicer rôp de deis dêrop in preliminêre sitting gear, om te sjen oft der genôch bewiis wie om 'e fjouwer mannen te ferfolgjen. Dat barren duorre mear as in moanne, wat doedestiden hiel ûngewoan wie. Yn dy perioade naam Spicer skriftlike en mûnlinge tsjûgenissen yn omtinken fan in stikmannich lju. Neffens it tsjûgenis fan sheriff Behan hiene de Cowboys harren net ferset, mar krekt de hannen omheech dien, en wiene de earste kûgels ôffjurre út 'e revolver fan Doc Holliday (hoewol't oare tsjûgen seine dat Holliday dy deis bewapene west hie mei in gewear en net mei in revolver). Neffens it tsjûgenis fan Wyatt Earp hiene hy en syn bruorren harren revolvers pas lutsen nei't Billy Clanton en Frank McLaury dat diene. De sjitpartij wie neffens him dan ek in gefal fan selsferdigening. Nei yngeand ûndersyk besleat rjochter Spicer op 30 novimber dat der net genôch bewiis tsjin 'e bruorren Earp en Doc Holliday wie om ta ferfolging oer te gean. Nettsjinsteande dat se dêrmei foar de wet yn it gelyk steld wiene, hie de reputaasje fan 'e Earps yn Cochise County in flinke knau krigen, mei't de oanhingers fan The Cowboys harren no as moardners beskôgen. The Cowboys sels sinden op wraak.

Wraak en wjerwraak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 28 desimber 1881 rekke Virgil Earp swierferwûne en foar it libben skeind doe't er mei in jachtgewear delsketten waard wylst er fan 'e iene saloon oan Allen Street nei de oare rûn. Yn it gebou oan 'e oare kant fan 'e strjitte, dêr't wei sketten wie, waard Ike Clanton oantroffen. Wyatt liet himsels ta assistint-U.S. marshal beneame om belutsen te bliuwen by it ûndersyk, mar yn febrewaris 1882 tsjinnen sawol hy as Virgil harren ûntslach yn, dat lykwols troch U.S. marshal Crawley P. Dake wegere waard. Dyselde deis waard Ike Clanton frijsprutsen fan belutsenens by de oanslach op Virgil Earp, doe't er sân tsjûgen foar de rjochtbank brocht dy't allegear ferklearren dat Clanton dy deis net yn Tombstone, mar yn Charleston west hie. Op 18 maart waard Morgan Earp deasketten doe't er jûns let oan it biljerten wie. De dieder fjurre út in tsjustere stege wei troch in finster yn in doar nei binnen ta. De kûgel tebrizele Morgan syn rêchbonke, en in twadde kûgel rekke op in hier nei Wyatt. Morgan stoar fjirtich minuten letter, wylst de dieder yn it nachtlik tsjuster wist te ûntkommen.

Wyatt syn jongere broer Morgan Earp.

Op dat stuit fûn Wyatt Earp dat er net mear op 'e wet fertrouwe koe, en besleat er it rjocht yn eigen hannen te nimmen. Hy konkludearre dat de iennichste manear om mei de moardners fan syn broer ôf te weven wie om se allegear dea te sjitten. Dêrmei begûn de saneamde Earp Vendetta Ride. Om't er noch altyd assistint-U.S. marshal wie, koe Earp de deis nei de moard op Morgan in eigen posse gearstalle, dy't bestie út syn bruorren James en Warren, Doc Holliday, Sherman McMaster, Jack "Turkey Creek" Johnson, Hairlip Charlie Smith, Dan Tipton en Texas Jack Vermillion. Se brochten it stoflik omskot fan Morgan nei it stasjon yn Benson, dêr't James Earp de trein naam om syn broer nei Colton yn Kalifornje te bringen, dêr't harren âlden doe wennen, en dêr't Morgan syn widdo him begrave woene. De rest fan 'e posse bewekke Virgil Earp en dy syn frou Addie by harren ôfreis nei Tucson, om't de Earps heard hiene dat Frank Stilwell dêr wachte om Virgil dea te sjitten. De oare moarns waard it libbenleaze en mei kûgels trochsingele lichem fan Stilwell dêr by it spoar oantroffen. Wyatt en fiif oare wetstsjinners waarden beskuldige fan 'e moard op Stilwell, en rjochter Charles Meyer feardige arrestaasjebefellen tsjin harren út.

De posse fan Earp wie ûnderwilens al weromkeard yn Tombstone, dêr't sheriff Behan healhertich besocht om harren tsjin te hâlden. Hairlip Charlie en Warren bleaune yn 'e stêd, wylst de oaren ôfsetten nei it kamp fan Pete Spence yn it Dragoon-berchtme. Dêr troffen se Florentino Cruz oan, byneamd Indian Charlie, dy't se deaden. Twa dagen letter, yn 'e neite fan Iron Springs, yn it Whetstone-berchme, staten se ûnferwachts op in kamp fan The Cowboys, dêr't Curly Bill Brocius, Pony Diehl en ferskate oaren oanwêzich wiene. Neffens tsjûgeferslaggen fan beide kanten briek der daliks in sjitpartij út, wêrby't Wyatt Earp isolearre rekke fan 'e rest fan 'e posse, tegearre mei Texas Jack Vermillion, fan wa't it hynder deasketten waard. De oaren loeken har werom om dekking te sykjen. Curly Bill Brocius skeat mei in jachtgewear op Earp, mar miste, wêrnei't Earp him mei it gewear yn it boarst skeat, dat er it bestoar. Nei't er syn gewear leechsketten hie, loek Earp syn revolver, wêrmei't er Johnny Barnes deadlik ferwûne en Milt Hicks yn 'e earm skeat. Doc Holliday holp Texas Jack út 'e fjoerliny, wylst Wyatt himsels op it hynder yn feilichheid brocht.

It stasjon fan Tucson mei in monumint op it plak dêr't Wyatt Earp-en-dy de bandyt Frank Stilwell fermoarden.

Neitiid ried de posse nei it noarden, dêr't se op 'e ranch fan Hugh en Jim Percy net wolkom wiene om't dy benaud wiene foar The Cowboys. Nei in miel en wat rêst setten Earp-en-dy dêrom te neare nacht wer ôf en yn 'e neite fan Tombstone joegen Hairlip Charlie en Warren Earp har by de groep. De oare deis, op 27 maart, berikten se de Sierra Bonita Ranch fan 'e rike hynstefokker Henry C. Hooker. Dêr waarden se gastfrij ûnthelle, en doe't Earp sei dat hy en syn mannen farske hynders keapje woene, wegere Hooker dêrfoar eltse betelling. Doe't der berjocht kaam dat in oare posse ûnder sheriff Behan nei Earp-en-dy op 'e siik wie, oppenearre Hooker dat Earp syn ranch wol brûke mocht foar in konfrontaasje. Earp sette lykwols mei syn mannen ôf ear't Behan op 'e Sierra Bonita Ranch arrivearre, en hoewol't Behan him withoefier efterneisiet, helle er him nea yn. Mids april 1882 ferlieten Wyatt en Warren Earp, Doc Holliday, Turkey Creek Johnson, Texas Jack Vermillion en Sherman McMaster Arizona troch de grins mei Nij-Meksiko oer te stekken.

Yn Nij-Meksiko bedarren Earp-en-dy yn Albuquerque, dêr't se Earp syn âlde maat Bat Masterson metten. Dy gie mei harren nei Trinidad, yn Kolorado, dêr't er in saloon besiet dêr't Wyatt in skoftke as krûpeur wurke. Yn maaie 1882 giene Wyatt en Warren Earp, Texas Jack en mooglik ek Dan Tipton nei Gunnison, dêr't Wyatt ek wer as krûpeur yn in pleatslike saloon oan it wurk gie. Doc Holliday keas ûnderwilens syn eigen paad troch nei Pueblo te gean en dêrwei nei Denver.

Wyatt Earp liet syn hûs yn Tombstone efter yn 'e hannen fan Mattie Blaylock, mei wa't er jierrenlang oer de putheak troud west hie, mar hja sette ôf nei Colton, yn Kalifornje, dêr't se by syn âldelju in skoft op him wachte. Doe't se úteinlik akseptearre dat er net om har komme soe, ferfear se nei Pinal City (Arizona), dêr't se harsels wer as prostituee begûn te ûnderhâlden. Har ferslaving oan laudanum boaze almar fierder oan, en op 3 july 1888 stoar se dêr. De deadsoarsaak waard fêststeld as "selsmoard troch opiumfergiftiging". Underwilens wie Josephine Marcus op 25 maart 1882 ûnder de namme fan "frou Wyatt Earp" út Tombstone wei gien nei Los Angeles, dêr't se wei trochreizge nei har famylje yn San Francisco. Yn july fan dat jier joech Earp him dêr by har, en begjin 1883 naam er har mei werom nei Gunnison. Josephine soe de folgjende 46 jier syn oarehelte wêze, hoewol't se nei alle gedachten nea foar de wet trouden.

Gokker en dandy Luke Short, in freon fan Wyatt Earp.

De Sjitpartij by de O.K.-Kraal duorre mar tritich tellen, mar feroare de koerts fan it libben fan Wyatt Earp folslein. Nei't er Frank Stilwell ombrocht hie, waarden syn dieden fierders ferslein yn 'e Amerikaanske nasjonale parse, en sa waard er in leginde fan it Wylde Westen.

Fierdere aventoeren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it foarjier fan 1883 besocht de boargemaster fan Dodge City (Kansas) Earp syn freon Luke Short, dy't foar in diel eigner wie fan 'e Long Branch Saloon, saaklik te ruïnearjen. Doe't dat net slagge, besleat er him simpelwei út 'e stêd te ferjeien, wat ta in barren late dat bekend kaam te stean as de Oarloch fan Dodge City. Short tillegrafearre nammentlik syn maten om help en op 31 maaie 1883 arrivearren Earp en Josephine yn Dodge City. Wylst Short yn Kansas City de sitewaasje bespriek mei gûverneur George Washington Glick, marsjearre Wyatte Earp mei Bat Masterson, Texas Jack Vermillion, Johnny Millsap, Shotgun John Collins en Johnny Green de haadstrjitte fan Dodge City del nei de Long Branch Saloon, dêr't de mannen ynsward waarden as helpmarshals troch plysjeman Prairie Dog Dave Marrow. De gemeenteried bea doe by wize fan kompromis oan om Short tsien dagen lang weromkomme te litten sadat er syn saken ynoarder meitsje koe, mar Earp stegere dat ôf, en twong de ried dêrmei om te kiezen tusken in wapene konfrontaasje en de definitive weromkear fan Short. De ried bûn yn, en doe't Short út Kansas City weromkearde, koed er sûnder swierrichheden syn saloon wer iepenje. De saneamde Oarloch fan Dodge City wie dêrmei foarby sûnder dat der in skot lost wie.

Yn 1884 bejoegen Wyatt en Josephine, syn bruorren Warren en James en James syn frou Bessie harren nei Eagle City yn Idaho (no in spûkstêd), dêr't goud, sulver en lead fûn wie. Earp kocht dêr belangen yn ferskate minen en waard oansteld as helpsheriff fan it krekt oprjochte Kootenai County. De goudsikers rekken allegeduerigen deilis om lânrjochten, dat Earp hie wurk by 't folop. Sa briek op 28 maart tusken hege sniebanken yn in heechoprinnend skeel út tusken Jack Enright, in sakepartner fan Earp, en in Bill Buzzard, dat eskalearre ta in fjoergefjocht. Mei syn broer James sprong Earp tusken de beide partijen yn en bêde de boel del foar't der immen ferwûne reitsje koe. Yn april 1885 wie Earp yn Embry Camp (no Chewelah, yn Washington) belutsen by in groepke goudsikers dy't in stik grûn oan oaren ûntstellen hiene. Likernôch tsien jier letter spoarde in sjoernalist Buzzard op, dy't fertelde dat Earp it brein efter dy dieverij west hie.

De saneamde "Fredeskomisje fan Dodge City" út juny 1888. Steand f.l.n.rj.: W.H. Harris, Luke Short, Bat Masterson, W.F. Petillon. Sittend f.l.n.rj.: Charlie Bassett, Wyatt Earp, Frank McLain en Neal Brown.

Nei't yn it neijier fan 1885 de goudminen yn Eagle City útdien rekken, ferfearen Earp en Josephine nei El Paso (Teksas), dêr't se yn 1887 wei fierder teagen nei San Diego, yn súdlik Kalifornje. Yn dy tiid soe San Diego krekt op it Amerikaanske spoarnetwurk oansletten wurde, wat dêr ta in boom yn 'e ûnreplik guodsektor late. Earp en de frou ferbleaune yn San Diego fjouwer jier lang hast útslutend yn in hotel, wylst hy spekulearre mei grûnbesit. Hy kocht ek fjouwer saloons, dy't allegear yn it 'respektabele' diel fan 'e stêd stiene, hoewol't de Oyster Bar, oan 5th Avenue, op 'e boppeferdjippings it Golden Poppy Bordeel húsfêste. Yn dyselde snuorje fungearre Earp ek as skiedsrjochter by bokswedstriden yn San Diego, San Bernardino (Kalifornje) en Tijuana (oer de grins yn Meksiko). Nei't er by it pokerjen it racehynder Otto Rex wûn hie, krige er boppedat belangstelling foar hurddraverijen, en yn 1889 wied er lid fan 'e sjuery by de hurddraverij yn Escondido.

Yn 1891 ferfearen Earp en Josephine nei San Francisco, yn noardlik Kalifornje, sadat Josephine tichter by har famylje wêze koe. Trochdat de ûnreplik-goedbubbel yn San Diego om dyselde tiid hinne barste, wie Earp al rillegau twongen om syn saloons te ferkeapjen. Tsjin 1896 hied er ek te min jild om noch racehynders te hâlden, hoewol't er trochgie mei it dielnimmen oan hurddraverijen as bedriuwslieder fan in hynstefokkerij yn Santa Rosa. Underwilens hiene Earp en Josephine in stoarmeftige relaasje, foar in part om't sy tefolle gokte en hy mei oare froulju omsloech, mar ek om't Earp in ûndogensk gefoel foar humor hie en der aardichheid oan belibbe om syn frou tsjin it hier yn te striken (sa neamde er har faak 'Sadie', hoewol't er wist dat se in hekel oan dy namme hie en 'Josephine' neamd wurde woe). Neffens Josephine soene sy en Earp yn 1892 foar de wet troud wêze troch de kaptein fan it jacht fan miljonêr Lucky Baldwin, dêr't se foar de kust fan Kalifornje op te gast wiene. Foar dy bewearing hat men lykwols nea offisjele dokumintaasje fine kinnen.

In karikatuer fan Wyatt Earp nei de bokswedstryd tusken Fitzsimmons en Sharkey yn 1896.

By de bokswedstryd tusken Bob Fitzsimmons en Tom Sharkey, op 2 desimber 1896 yn San Francisco, dy't oanpriizge waard as it wrâldkampioenskip yn 'e swiergewichtkategory, foel Earp op it lêste momint yn as skiedsrjochter. Fitzsimmons, dy't de favoryt wie, dominearre it hiele gefjocht troch, en yn 'e achtste omgong rekke er Sharkey op 'e sinneflecht, in tige gefoelich plak boppe-oan de búk fuort ûnder de ribbekast. Sharkey wie dêrtroch even net by steat om himsels te ferdigenjen, en de folgjende slach fan Fitzsimmons rekke him ûnder de gurle. Earp liet it gefjocht dêrop stil lizze en rôp Sharkey út ta winner om't Fitzsimmons himsels diskwalifisearre hie. Behalven Earp, dy't ticht op it gefjocht stie, hie lykwols suver nimmen de lêste slach fan Fitzsimmons sjoen, en de 15.000 boksfans dy't by it gefjocht oanwêzich wiene, begûne te boeroppen en Earp út te fluitsjen. Hoewol't ferskate dokters neitiid fêststelden dat Sharkey hurd yn it krús slein wie, hie it publyk in soad jild ynset op 'e oerwinning fan Fitzsimmons en wie it poerrazen oer de útkomst. Der waard rûnom fan útgien dat Earp troch Sharkey omkocht wie en dat der hielendal gjin stomp ûnder de gurle west hie.

Fitzsimmons stapte neitiid nei de rjochtbank ta om Earp syn beslissing weromdraaid te krijen, mar op 17 desimber oardiele de rjochter dat fjochtsjen om jild yn San Francisco yllegaal wie en dat er dêrom neat mei de saak te krijen hawwe woe. Sharkey behold de oerwinning, mar de oantaaste reputaasje fan Earp, dy't ûnderwilens fan alle kanten oanfallen en fan bedroch beskuldige waard, hie neat oan dy útspraak. Acht jier letter waard in dokter B. Brookes Lee oanholden yn Portland (Oregon), dy't derfan beskuldige waard dat er Sharkey syn ûnderlichem der sa útsjen litten hie dat it liek as wie de man yn it krús stompt. Hy bekende dat er dat dien hie, mar woe net sizze hoe. Hy sei ek dat er foar syn tsjinsten $1.000 krigen hie. As it ferhaal fan Lee wier is, wie Earp belutsen by in gefal fan matchfixing, mar it is ûndúdlik oft sa is. Yn elts gefal belibbe Earp gjin wille oan 'e útkomst fan 'e wedstryd, dy't syn namme op 'e minst mooglike manear bekendmakke hie yn 'e hiele Feriene Steaten. Ein desimber ferliet er San Francisco, dêr't it wenjen him frijwol ûnmooglik makke wie, en fêstige er him mei syn frou yn Yuma (Arizona).

Nome (Alaska), yn 1900. De Dexter Saloon, oan 'e lofterkant fan 'e foto, wie eigendom fan Wyatt Earp en syn sakepartner Charles E. Hoxie.

Yn augustus 1897 reizgen Earp en Josephine werom nei San Francisco, mar allinnich om dêrwei in skip te nimmen nei Alaska, dêr't de Goudkoarts fan Klondike útbrutsen wie. Yn Nome iepene Earp mei ynvestearrings fan in groep kunde fan him in saloon en kasino, en yn Wrangell naam er inkele dagen lang in oanstelling as helpsheriff oan, om 'e pleatslike sheriff út 'e brân te helpen. Yn 'e simmer fan 1899 hied er in kafee yn St. Michael, en yn septimber fan dat jier liet er yn Nome de Dexter Saloon sette, it earste gebou fan twa ferdjippings yn dat stedsje en tagelyk de meast lúkse gelegenheid dy't der wie. De boppeferdjipping brûkte Earp om in bordeel te driuwen. Earp waard yn Nome twa kear arrestearre, û.m. foar iepenbiere dronkenskip, mar it kaam nea ta in rjochtsaak. Hy kaam dêr yn 'e kunde mei de skriuwers Jack London en Rex Beach, toanielskriuwer Wilson Mizner en bokspromoter Tex Rickard.

Yn novimber 1899 ferliet Earp Alaska en gie nei Seattle, yn Washington, dêr't er in saloon anneks kasino iepenje woe. Dêr kaam John Considine, dy't alle trije besteande gokhuzen yn 'e stêd yn 'e hannen hie, tsjin yn ferset. Earp naam lykwols de pleatslike gokker Thomas Urquhart as partner oan en tegearre iepenen se de Union Club oan it plein Pioneer Square. Dêrmei hiene se oansjenlik súkses, oant op 23 maart 1900 de oerheid fan 'e steat Washington fanwegen kaam tsjin it gokken yn Seattle, dat eins yllegaal wie, en de ynboel fan 'e Union Club yn beslach naam en opbaarne liet. Earp en Josephine kearden dêrop yn april werom nei San Francisco, mar in pear moannen letter namen se in skip nei Alaska, dêr't se yn desimber 1901 wei weromkamen mei fermogen dat rûsd wurdt op $80.000 (yn hjoeddeisk jild sa'n $2.270.000).

Wyatt Earp syn Northern Saloon yn Tonopah (Nevada), omtrint 1902.

Yn febrewaris 1902 setten se har nei wenjen yn Tonopah, yn Nevada, dêr't yn 1900 sawol goud as sulver fûn wie, en dat doedestiden bekendstie as de "Queen of the Silver Camps". Earp iepene dêr de Northern Saloon en kocht belangen op yn ferskate mynbouprojekten, wylst er ek tsjinne as helpmarshal ûnder in marshal J.F. Emmitt. Doe't de heechtijdagen fan Tonopah yn 1905 einigen, ferhuzen Earp en Josephine nei Goldfield, ek yn Nevada, dêr't syn broer Virgil en frou wennen. Earp kocht mynclaims fuort bûten Death Valley oan en op oare plakken yn 'e Mojave-woastyn. Yn 1906 ûntdiek er ferskate ertslagen fan goud en koper by Vidal, yn Kalifornje, oan 'e rivier de Kolorado, dêr't er mear as hûndert mynclaims opeaske yn 'e neite fan it Whipple-berchtme.

Yn dy jierren brochten Earp en de frou de simmers troch yn Los Angeles, mei syn oangename klimaat, dêr't se in hierhúske bewennen. Yn 1910, doe't er 62 jier wie, waard Earp dêr, tegearre mei de eardere resjersjeur Arthur Moore King, foar $10 deis ynhierd troch it Los Angeles Police Department om ferskate taken bûten de wet om út te fieren. Sa spoarden de beide mannen ferskillende kearen kriminelen op dy't de wyk nommen hiene nei Meksiko, wêrnei't se harren ûntfierden nei de Feriene Steaten, sadat se yn Los Angeles terjocht stean koene. Dat wurk, dat oant 1912 duorre, late ta Earp syn lêste wapene konfrontaasje. Yn oktober fan 1910 waard er troch H.L. Lewis, in eardere plysjekommissaris fan Los Angeles, nammentlik frege om lieding te jaan oan in posse om in groepke lânmjitters te beskermjen. Dat wiene wurknimmers fan 'e American Trona Company (ATC), dy't besochten mynclaims oan 'e igge fan 'e Searles-mar, dy't ryk wiene oan potjiske, yn besit te krijen wylst dyselde claims eins foar de faillite California Trona Company (CTC) ûnder kuratorskip fan it federale regear pleatst wiene.

Wyatt Earp (l.) yn Nome (Alaska) mei syn freon John Clum, de eardere boargemaster fan Tombstone.

Earp-en-dy wiene dus eins claimjumpers (lju dy't op ûntwetlike wize oaren harren mynclaims ôfhandich meitsje wolle), en sadree't de kurator fan 'e CTC foar it ferstân krige wat der geande wie, gie dy mei in eigen groep fan wapene fertsjintwurdigers nei de Searles-mar ta. Doe't dy yn it kamp fan Earp-en-dy arrivearren, stapte Earp (neffens it tsjûgenis fan Arthur Moore King) mei in Winchester-gewear yn 'e oanslach út syn tinte, skeat foar de fuotten fan federaal kurator Stafford W. Austin yn 'e grûn, en sei: "Meitsje dat jim fuortkomme of ik sjit jim oan grom, of myn namme is net Wyatt Earp!" Dêrop rôp de kurator der in U.S. marshal by, dy't Earp en 27 oaren arrestearre, harren yn beskuldiging stelde foar belediging fan 'e rjochtbank (dy't ommers de kurator oansteld hie), en harren doe nei hûs ta stjoerde. Earp syn bydrage oan it skeel tusken de ATC en de CTC holp net om 'e sitewaasje op te lossen, dy't neitiid eskalearre ta de saneamde Potjiske-oarloggen fan 'e Mojave-woastyn.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1912 bemuoide Earp him benammen mei syn eigen mynclaims. Dêrnjonken begûn er yn 'e jierren '10 as ûnbetelle adviseur foar de filmyndustry fan Hollywood te wurkjen. Yn dy hoedanichheid wied er belutsen by de produksje fan ferskate stomme westernfilms. Fierders krige er yn 'e iere 1920-er jierren de earetitel fan helpsheriff yn San Bernardino County. Hy en de frou kochten letter in lytseftich hûs yn Vidal, dêr't se fan 1925 oant 1928 fan 'e hjerst oant en mei de maityd taholden, sadat Earp dêr deunby syn "Happy Days"-minen yn it Whipple-berchtme eksploitearje koe. Dat hûs wie de iennichste keapwente dy't hy en Josephine yn eigendom hiene yn 'e hiele 46 jier dat se byinoar wiene. Earp hie in beheind súkses mei syn goudminen, genôch, alteast, om fan bestean te kinnen, om't er ek ynkomsten hie út syn ynvestearrings yn 'e ierdoaljemaatskippij Kern County Oil.

Wyatt Earp en syn frou Josephine yn harren mynkamp by Vidal, yn 1906.

Yn dyselde tiid sloech Stuart Lake, dy't in biografy fan Earp skriuwe woe, oates en toates by de Earps om. Omtrint 1923 krigen de Earps ek mear gedoente mei in Charles Welsh, in pinsjonearre spoaryngenieur dy't mei Wyatt Earp yn 'e kunde kommen wie yn 'e tiid dat dy helpmarshal yn Dodge City (Kansas) west hie. Earp en Josephine besochten de famylje Welsh fan dy tiid ôf geregeldwei by harren thús yn Needles (Kalifornje). Welsh syn dochter Grace Spolidora, fertelde yn 1990 by in fraachpetear mei de San Bernardino Historical Society dat se as tinerfamke oanwêzich west hie by withoefolle besites fan 'e Earps oan har âlden. Neffens har wie it Josephine dy't har allegeduerigen bemuoide mei de ferhalen dy't Earp oan Stuart Lake fertelde: "Sy woe dat er derút kaam te sjen as in tsjerkebesykjende hillige [...]. Wyatt woe dat hielendal net!"

De famylje Welsh hie it net stean op 'e gokferslaving fan Josephine. Neffens harren krige se in talage fan har famylje dy't se stiiffêst fergokte, wylst Earp, dy't op syn âlde dei krebintich waard, dan gauris foarbygean moast fan iten. Doe't de Welshes nei Los Angeles ta ferfearen, nûgen se de Earps, dy't dêr in nij hierhûs sochten, út om in skoft yn 'e boppeferdjipping fan it nije hûs te útfanhúzjen.

Wyatt Earp wie de lêste oerlibjende Earp-broer (hoewol't er sels oerlibbe waard troch syn suster Adelia) en ek de lêste oerlibjende dielnimmer oan 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal. Hy stoar op 13 jannewaris 1929 yn 'e âlderdom fan 80 jier thús yn syn wente oan West 17th Street yn Los Angeles oan wat neffens de measte boarnen groanyske blaasûntstekking wie (inkele boarnen wolle hawwe dat it om prostaatkanker gie). Syn widdo Josephine, dy't der stikken fan wie, liet it regeljen fan 'e begraffenis oer oan Welsh syn skoandochter Alma.

It grêf fan Wyatt en Josephine Earp op it joadske begraaflplak Hills of Eternity yn Colma.

De routsjinst waard holden yn 'e Congregational Church oan Wilshire Boulevard, wêrby't de deakiste droegen waard troch William J. Hunsaker, Jim Mitchell, George W. Parsons, Wilson Mizner, John Clum, William S. Hart en Tom Mix. Hunsaker wie in foaroansteand abbekaat yn Los Angeles, dy't earder yn Tombstone wenne en dêr de Earps foar de rjochtbank ferdigene hie. Mitchell wie in sjoernalist fan 'e Los Angels Examiner dy't yn Hollywood as senarioskriuwer wurke. Parsons wie in oprjochtsjend lid fan it Komitee fan Wachens yn Tombstone. Mizner wie in toanielskriuwer mei wa't Earp yn Alaska befreone rekke wie. Clum wie in eardere boargemaster fan Tombstone en haadredakteur fan The Tombstone Epitaph. Hart en Mix wiene westernakteurs út Hollywood. De routsjinst waard holden yn ôfwêzigens fan Josephine, dy't sa oerstjoer west hawwe soe, dat se der net by wêze koe. Grace Spolidora leaude dêr neat fan. Yn har fraachpetear fan 1990 sei hja: "Sa oerstjoer wie se net. Se wie apart."

Josephine, dy't in joadinne wie, liet Earp syn stoflik omskot kremearje en begroef syn jiske dêrnei yn it geheim yn it famyljegrêf fan har folk op 'e Hills of Eternity, in joadsk begraafplak yn Colma (Kalifornje). Doe't se sels yn 1944 kaam te ferstjerren, waard se njonken him begroeven. Yn 1957, doe't de Tombstone Restoration Commission it plan opfette om Earp yn Tombstone te werbegraven, die bliken dat net ien, sels syn famylje net, wist wêr't er begroeven lei. Uteinlik wie it âld-resjersjeur Arthur Moore King, dy't útbrocht wat der mei syn stoflik omskot bard wie. De kommisje besleat dêrop en sjoch fan it plan ôf. Op 8 july 1957, koart nei't syn lêste rêstplak bekend wurden wie, besochten grêfskeiners om 'e urne mei Earp syn jiske op te graven en te stellen. Se koene him lykwols net fine en stielen doe syn (270 kg swiere) grêfstien. Dy waard úteinlik weromfûn, mar tsjin dy tiid wie op it grêf al in nije, lúksere grêfstien pleatst, dy't der hjoed de dei noch stiet.

De revolver fan Wyatt Earp, efterlitten yn Juneau (Alaska).

De leginde fan Wyatt Earp sa't dy hjoed de dei bekend is, komt fierhinne fuort út 'e biografy dy't Stuart Lake oer him skreau: Wyatt Earp: Frontier Marshal. Dat boek ferskynde yn 1931, twa jier nei Earp syn dea, en fertelde in sterk fiksjonalisearre libbensferhaal, dat Lake ûnder strang tafersjoch fan Josephine Earp skreaun hie en dêr't bygelyks eltse bân tusken Earp en prostitúsje út weilitten wie. In selde soarte ferhaal kaam nei foarren út Josephine har autobiografy, I Married Wyatt Earp, dy't yn 1976 publisearre waard ûnder redaksje fan amateurhistoarikus Glenn Boyer. Jierrenlang waard dat boek as de absolute wierheid beskôge, mar yn 1998 kaam út dat Boyer hiel frij mei syn boarnen omsprongen wie, en joech er ta: "Ik bin gjin histoarikus. Ik bin in ferhaleferteller."

Wyatt Earp makket no ûnderdiel út fan 'e Amerikaanske folkloare. Syn libbensferhaal, en benammen syn rol yn 'e foarfallen yn Tombstone, hawwe withoefaak it ûnderwerp west fan romans, films en tillefyzjeprogramma's. It bekendst is yn dy kontekt de klassike westernfilm Gunfight at the O.K. Corral, út 1957, ûnder rezjy fan John Huston en mei Burt Lancaster yn 'e rol fan Wyatt Earp. Oare bekende films oer Earp binne Tombstone, út 1993, mei Kurt Russell as Wyatt Earp, en Wyatt Earp, út 1994, mei Kevin Costner yn 'e titelrol. Yn 1930 waard it doarp Drennan, yn Kalifornje, yn 'e neite fan guon fan Earp syn mynclaims, ta syn eare omneamd ta Earp. Tsjintwurdich komme in soad lju nei it joadsk begraafplak yn Colma om it grêf fan Wyatt Earp te besykjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.