[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

1910-er jierren

Ut Wikipedy
1910-er jierren
Britske troepen (de Royal Irish Rifles) yn 'e rinfuorgen oan it Westfront, yn 'e Earste Wrâldoarloch.
Britske troepen (de Royal Irish Rifles) yn 'e rinfuorgen oan it Westfront, yn 'e Earste Wrâldoarloch.
<< 1900-er jrn  •  1910-er jrn  •  1920-er jrn >>
1910   •   1911   •   1912   •   1913   •   1914
1915   •   1916   •   1917   •   1918   •   1919

De 1910-er jierren, ek oantsjut as de jierren ’10 en inkeldris as de tsiener jierren, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1911 en duorre it oant en mei 31 desimber 1920, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1910 oant en mei 31 desimber 1919. Dit desennium waard dominearre troch de Earste Wrâldoarloch (1914-1918) en oare wapene konflikten dy't dêrút fuortkamen of der op oare wize mei gearhongen. De Earste Wrâldoarloch wie de lêste fan in hiele rige krises dêr't de grutmachten fan Jeropa yn behelle rekken, en dy't oant doe ta altyd mei in skamper ôfrûn wiene. Diskear wie der lykwols neat dat it fallen fan 'e dominostientsjes ûnderbriek. De moard op aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk, yn Sarajevo, op 28 juny 1914, joech sadwaande streekrjocht oanlieding ta in oarloch dêr't alle grutte Jeropeeske steaten yn fertize rekken. Dêrtroch stoar de naïviteit fan 'e Belle Époque in wrede dea.

Yn 'e 1910-er jierren waard it hichtepunt berikt fan it Jeropeesk militarisme, dat begûn wie yn it lêste part fan 'e njoggentjinde iuw. De earste helte fan it desennium omfieme de lêste jierren fan 'e saneamde Belle Époque, it freedsume tiidrek tusken de Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 en it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch yn 1914. 'Freedsum' wie in relative oantsjutting, mei't der yn dy snuorje yn 'e koloanjes yn Afrika en Aazje suver oanhâldend oarloggen wiene, wylst ek op 'e Balkan allegeduerigen fochten waard. Sa waard ûnder de Earste Balkanoarloch fan 1912-1913 einlings en te'n lêsten in ein makke oan 'e besetting fan Súdeast-Jeropa troch it Osmaanske Ryk, dy't al fan 'e Midsiuwen ôf duorre hie. Yn 'e Twadde Balkanoarloch fan 1913 waard troch de oerwinnende Balkansteaten tsierd oer de ferovere gebietsdielen út 'e earste oarloch.

Underwilens einige yn Portegal acht iuwen monargy mei de Revolúsje fan 5 oktober 1910, wylst yn Sina yn 1911 mei de Sineeske Revolúsje in ein kaam oan it keizerryk fan 'e Qing-dynasty. Meksiko wie it hiele desennium lang yn 'e greep fan 'e Meksikaanske Boargeroarloch, dy't begûn mei de ôfsetting fan diktator Porfirio Diaz. Dat konflikt, wêrby't legindaryske guerriljastriders as Pancho Villa en Emiliano Zapata namme makken, soarge foar grutte ferwoastging en gaos yn it lân en puozze bytiden oer de noardgrins mei de Feriene Steaten hinne.

Jeropa yn 1914, by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch. De Triple Entente yn grien, bûnsgenoaten fan 'e Triple Entente yn ljochtgrien, en de Triple Alliânsje yn legergrien.

Oan 'e wrâld sa't de lju út 'e Belle Époque him koene, kaam foargoed in ein troch de moard, yn Sarajevo op 28 juny 1914, op aartshartoch Frâns Ferdinand, de troanopfolger fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy. Dat barren sette in keatling fan foarfallen yn wurking dy't persiis in moanne letter, op 28 july, de Earste Wrâldoarloch útbrekke lieten. Dêryn stiene de Sintralen: Dútslân en Eastenryk-Hongarije, en harren bûnsgenoaten, Bulgarije en it Osmaanske Ryk, foar de Alliëarden oer: it Feriene Keninkryk, Frankryk, Ruslân, Servje en Belgje, wylst oare lannen, lykas Itaalje en de Feriene Steaten, harren letter by de Alliëarden oansleaten. It wie in oarloch op in skaal dy't de wrâld noch nea earder sjoen hie. Hast alle lannen dy't deroan meidiene, begûnen de striid mei de optimistyske ferwachting binnen in pear wiken de oerwinning behelje te sillen.

Yn wurklikheid sleepte it konflikt him mear as fjouwer jier fuort, mei oan it Westfront en it Isonzofont yn Itaalje de ferskrikkings fan 'e rinfuorgen, dêr't de striid yn in ympasse rekke wie, wylst almar mear troepen opoffere waarden foar de ferovering fan in pear meter grûn. Oan it Eastfront, it Balkanfront, it Kaukasusfront, it Palestynske Front en it Mesopotamyske Front giene wol grutte gebieten oer yn oare hannen, mar ek dêr sneuvelen withoefolle jongfeinten op it slachfjild, wylst de priis foar de boargerbefolking dêr folle heger wie. Pas nei't Bulgarije en it Osmaanske Ryk ta kapitulaasje twongen wiene en Eastenryk-Hongarije ûnder de Alliëarde druk beswykt wie, koe op 11 novimber 1918 de Wapenstilstân fan Compiègne sletten wurde mei Dútslân. De oerwinning fan 'e Alliëarden en de wrok dy't benammen Frankryk en Belgje foar de Dútsers oer fielden, laten op 28 juny 1919 ta it iensidige Fredesferdrach fan Versailles, dat Dútslân ûnreälistysk hege ferhelbetellings oplei. Dêrtroch krige de Dútske ekonomy nea de kâns om fan 'e oarloch te bekommen, mei as gefolch in ferearmoedzjende en sadwaande tige ûntefreden befolking, dy't úteinlik yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht brocht.

Oare gefolgen fan 'e Earste Wrâldoarloch wiene de opheffing fan ferskate monargyen yn Jeropa. Sa waard yn Dútslân keizer Willem II ôfset en de Weimarrepublyk oprjochte. It lân ferlear yn it easten in soad lân oan it nije Poalen, wylst ek Frankryk, Belgje, Denemark en de Frije Stêd Danzig happen út it Dútske grûngebiet namen. Eastenryk-Hongarije, dêr't it Hûs Habsburch de troan ferlear, foel alhiel útinoar yn 'e nije lannen Eastenryk, Hongarije en Tsjechoslowakije, wylst ferskate gebietsdielen by Roemeenje, Itaalje, Poalen en Joegoslaavje kamen te hearren. Yn Joegoslaavje giene fierders de earder ûnôfhinklike keninkriken Servje en Montenegro op. As bûnsgenoat fan Dútslân ferlear Bulgarije gebiet oan ûnder mear Grikelân, wylst it Osmaanske Ryk al syn net etnysk Turkske gebietsdielen opjaan moast. Sa ûntstiene as nije lannen it Keninkryk Jemen en it Keninkryk fan de Hidjas, wylst oare Osmaanske provinsjes, lykas Irak, Syrje en Palestina, as mandaatgebieten ûnder de Alliëarde grutmachten ferdield waarden. Itselde barde mei Dútske koloanjes, lykas Dútsk-East-Afrika, Dútsk-Súdwest-Afrika, Dútsk-Kameroen en Dútsk-Nij-Guineä.

In Frânske soldaat op 'e útkyk oan it Westfront.

De Earste Wrâldoarloch betsjutte ek de ein fan ien fan 'e Alliëarden, mei't it Keizerryk Ruslân te sink gie oan maatskiplike spannings dy't earder al bestien hiene, mar sterk oanboaze waarden troch de druk dy't de oarloch op it lân útoefene. Nikolaas II, de lêste tsaar fan Ruslân, waard yn 1917 by de Febrewarisrevolúsje ôfset, wêrnei't ferskate politike streamings yn it lân strieden om 'e macht. Troch de Oktoberrevolúsje, letter datselde jier, loeken de kommunistyske bolsjewiken ûnder lieding fan Vladimir Lenin en Leon Trotski oan it langste ein, hoewol't se dêrnei ûnder de Russyske Boargeroarloch noch ôfweve moasten mei fijannen yn alderhanne úthoeken fan sawol Jeropeesk-Ruslân as Sibearje.

Ut dy gaos ûntstiene ferskate nije ûnôfhinklike lannen, wêrûnder Finlân, Estlân, Letlân, Litouwen en, alteast foar in stikmannich jierren, de Demokratyske Republyk Georgje. Oare Russyske gebietsdielen waarden opeaske troch Poalen en Roemeenje. Oan 'e oare kant fan Jeropa kamen ûnder de Peaske-opstân fan 1916 de Ieren yn opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking. Hoewol't dy rebûlje yn bloed smoard waard, joech er oanlieding ta de Ierske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't yn 1922 útrinne soe op 'e ûnôfhinklikheid fan 'e Ierske Frijsteat, de foarrinder fan 'e moderne Republyk Ierlân.

Mei de Earste Wrâldoarloch gie fierders ek de Spaanske gryp mank, ien fan 'e deadlikste epidemyen ea, dy't him sa fluch oer de wrâld ferspriede koe troch it oanhâldende hinne en wer slepen fan grutte kloften soldaten. De Spaanske gryp briek ein 1917 út oan it Westfront, mar waard ferneamd nei it neutrale Spanje om't de parse dêr frij wie om oer sokke dingen te skriuwen, wylst yn Frankryk de oarlochssinsuer fan krêft wie om it moreel heech te hâlden. De epidemy berikte fan 1918 oant 1920 in hichtepunt en koste oan 50 miljoen oant miskien wol 100 miljoen minsken it libben. Oanslutend op 'e Earste Wrâldoarloch soe it noch jierrenlang ûnrêstich bliuwe, mei in searje oarloggen en binnenlânske konflikten dy't pas yn 1923 beëinige waarden mei it Ferdrach fan Lausanne, dat in ein makke oan 'e Gryksk-Turkske Oarloch.

De rebellen fan Emiliano Zapata yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch.

Wichtichste foarfallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1910
Demonstrearjende suffrazjettes (Annie Kennedy en Christabel Pankhurst) yn Ingelân.
Italjaanske troepen oan it front yn Tripolitaanje (1911), ûnder de Italjaansk-Turkske Oarloch.
De Sineeske Revolúsje fan 1911 yn Sjanghai.
1911
It sinken fan 'e Titanic, yn 1912.
Grykske ynfantery yn 'e Slach by Sarantaporo ûnder de Earste Balkanoarloch (1912).
Bulgaarske troepen bestoarmje Osmaanske stellings fan 'e Çatalca-liny ûnder de Earste Balkanoarloch.
1912
De Montenegrynske kening Nikolaas nimt by de Osmaanske oerjefte nei it Belis fan Shkodër ûnder de Earste Balkanoarloch de Osmaanske flagge yn ûntfangst.
Grykske troepen tsjogge djipper Bulgarije yn ûnder de Twadde Balkanoarloch (1913).
1913
De Eastenryksk-Hongaarske troanopfolger Frâns Ferdinand, waans moard de Earste Wrâldoarloch útlokke.
Gavrilo Princip, de moardner fan 'e Eastenryksk-Hongaarske troanopfolger aartshartoch Frâns Ferdinand, wurdt arrestearre nei de moard.
In Sopwith F-1 Camel. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waarden foar it earst fleanmasines yn oarlochssitewaasjes ynset.
Russyske troepen oan it Eastfront ûnder de Earste Wrâldoarloch.
1914
De Armeenske Genoside troch de Turken koste oan hûnderttûzenen minsken it libben.
Australyske troepen yn 'e oanfal yn 'e Slach om Gallipoli.
Eksekúsjes fan Servyske manlju en froulju troch Eastenryksk-Hongaarske besettingstroepen.
Osmaanske troepen ûnder de Mesopotamyske Fjildtocht fan 'e Earste Wrâldoarloch.
Ferwuostigings yn Galveston (Teksas) nei de swiere Orkaan fan Galveston (1915).
1915
Britske troepen tsjogge op oan it Westfront ûnder de Slach oan de Somme, yn 1916.
Frânske troepen yn 'e rinfuorgen fan it Westfront ûnder de Slach om Verdun, yn 1916.
Sackville Street (no O'Connell Street) yn 'e Ierske haadstêd Dublin nei de Peaske-opstân fan 1916.
De Slach by Doberdò, tusken Italjaanske en Eastenryksk-Hongaarske troepen, yn augustus 1916.
1916
Kanadeeske troepen lûke op mei in tank oan Westfront yn 1917.
Eastenryksk-Hongaarske troepen eksekutearje finzen nommen Serven (1917). It Keninkryk Servje ferlear ûnder de Earste Wrâldoarloch likernôch 850.000 minsken, wat delkaam op in fjirdepart fan 'e befolking.
Presidint Woodrow Wilson kundiget yn in taspraak foar it Amerikaanske Kongres op 3 febrewaris 1917 it ferbrekken fan 'e diplomatike betrekkings fan de Feriene Steaten mei Dútslân oan.
Roemeenske troepen ûnder de Slach by Mărăşeşti, yn 1917.
1917
De Frede fan Brest-Litovsk wurdt tekene tusken Dútslân en Ruslân (1918).
Amerikaanske soldaten oan it Westfront fiere op 11 novimber 1918 it sluten fan de Wapenstilstân fan Compiègne.
In parade fan tanks yn Londen oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch.
Alliëarde troepen paradearje troch de Russyske stêd Vladivostok, yn it Fiere Easten fan Sibearje, dêr't se lâne binne om oan 'e kant fan 'e Witen te ynterveniëarjen yn 'e Russyske Boargeroarloch.
Slachtoffers fan de Spaanske gryp yn in militêr needhospitaal yn Kansas (1918).
It Tsjechoslowaakske Legioen yn Vladivostok (1918).
By de Grutte Treinramp fan 1918, yn de Feriene Steaten, deunby Nashville (Tennessee), foelen mear as hûndert deaden.
In opstân fan matroazen fan 'e Dútske marinebasis yn Kiel, as ûnderdiel fan de Dútske Revolúsje fan 1918.
1918
De lieders fan de Alliëarden op 'e Fredeskonferinsje fan Parys, 27 maaie 1919. F.l.n.rj.: de Britske premier David Lloyd George, de Italjaanske premier Vittorio Orlando, de Frânske premier Georges Clemenceau en de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson.
In etno-linguïstyske kaart fan it útinoar fallende Eastenryk-Hongarije.
De Dútske ôffurdige Johannes Bell ûndertekenet it Ferdrach fan Versailles, wylst de leden fan 'e Alliëarde delegaasjes tasjogge.
1919

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.