[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Reis

Ut Wikipedy
In stânbyld dat wijd is oan 'de reizger', yn it Spaanske Oviedo.

In reis is de frijwillige ferpleatsing fan ien of mear persoanen fan in beskaat plak nei in oar beskaat plak. In koartere reis wurdt ek wol in trip (fan it Ingelske trip) neamd. Yn tiidwurdlike foarm hjit dit proses reizgjen, en immen dy't it docht, is in reizger of reiziger (man) of in reizichster (frou). Ornaris hawwe reizgers in beskate mjitte oan bagaazje by harren. De meast gongbere ferfiermiddels om in reis ôf te lizzen, binne te foet, op 'e fyts, bromfyts of motorfyts, yn 'e auto, frachtauto of trein, op in boat of skip of yn it fleantúch of yn in helikopter. As in reis oer lân giet, sprekt men inkeld wol fan in lânreis, ta ûnderskie fan in reis oer wetter (in boatreis of in seereis) of in reis wêrby't men gebrûk makket fan 'e loftfeart (in loftreis). As men mei it spoar giet, sprekt men wol fan in treinreis.

Reizen kinne ûndernommen wurde om in grut ferskaat oan redens. Sa reizgje de measte minsken eltse wurkdei fan hûs nei harren wurkplak en werom. As dy beide lokaasjes relatyf deun byinoar lizze, sprekt men meastal net fan in reis, mar as se fierder útinoar lizze hat men it al gau oer in wen-wurktrip. Lju dy't eltse dei ridlik fier nei harren wurk ta reizgje moatte, neamd men forinzen. De tiid dy't se oan it reizgjen kwyt binne, hjit de reistiid. In sakereis of tsjinstreis makket men ek foar jins wurk, mar dêrby reizget men fierder fan hûs ôf, faak sels om utens, foar in spesifike put. In fakânsjereis is in reis wêrby't men earne hinne giet om dêr by wize fan ûntspanning in beheinde mjitte oan frije tiid troch te bringen. In beafeart is in reis om in oard mei in bysûndere religieuze betsjutting te besykjen. In ûntdekkingsreis of ekspedysje is in tocht dy't ûndernommen wurdt om ûnbekende plakken te ûntdekken. By in ferhuzing reizget men nei in oar plak ta om jin dêr nei wenjen te setten; as dat oare plak yn in oar lân leit, sprekt men fan in emigraasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.