1925
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 | 1929 | 1930 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1925 MCMXXV |
Ab urbe condita | 2678 |
Armeenske kalinder | 1374 ԹՎ ՌՅՀԴ |
Etiopyske kalinder | 1917 – 1918 |
Hebriuwske kalinder | 5685 – 5686 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1980 – 1981 |
- Shaka Samvat | 1847 – 1848 |
- Kali Yuga | 5026 – 5027 |
Iraanske kalinder | 1303 – 1304 |
Islamityske kalinder | 1344 – 1344 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4621 – 4622 辛子 – 壬丑 |
1925 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1925.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 3 jannewaris - De Italjaanske faksistyske premier Benito Mussolini ûntbynt it parlemint en lûkt alle macht nei himsels ta. Fan no ôf oan sil er regearje as diktator.
- 16 jannewaris - Yn 'e Sovjet-Uny wurdt Leon Trotski ôfset as folkskommissaris (minister) fan Definsje. Dit is in grutte politike oerwinning foar syn rivaal Josef Stalin.
- 31 jannewaris - Yn Albaanje ropt it parlemint de Albaneeske Republyk út. Ahmed Zogu, dy't yn desimber 1924 troch in steatsgreep oan 'e macht kaam, wurdt de earste presidint.
- 14 febrewaris - Yn 'e Dútske dielsteat Beieren wurdt it ferbod op 'e NSDAP opheft.
- 26 febrewaris - Yn it súdeasten fan Turkije brekt ûnder de Koerden de Opstân fan Sjeik Saïd út.
- 27 febrewaris - Yn Berlyn rjochtet Adolf Hitler fannijs de NSDAP op, dy't yn 1923, nei de Bierkelderpûtsj, ferbean wie.
- 6 maart - Yn 'e Eastkantons Eupen, Malmédy en Sankt-Vith wurdt de Belgyske wet fan krêft. Dêrtroch komme dy eardere Dútske gebieten foargoed by Belgje te hearren.
- 25 april - By presidintsferkiezings yn Dútslân wurdt de eardere generaal Paul von Hindenburg ta presidint fan 'e Weimarrepublyk keazen.
- 28 april - Turkske troepen smoare de Koerdyske Opstân fan Sjeik Saïd yn bloed. In soad Koerden nimme de wyk nei Irak en Perzje. Sjeik Saïd, de lieder fan 'e opstân, wurdt troch de Turken finzen nommen.
- 8 maaie - Yn Súd-Afrika kriget it Afrikaansk offisjeel erkenning as selsstannige taal, los fan it Nederlânsk.
- 20 maaie - Earste gearkomste fan 'e Fryske studinteferiening yn Grins, F.F.J. Bernlef.
- 30 maaie - Yn Sjanghai iepenje Britske mariniers it fjoer op in demonstraasje fan 10.000 Sinezen, dy't de frijlitting fan hûndert studinten easkje dy't nei eardere protesten yn 'e Britske konsesje yn Sjanghai fêstholden wurde. By dit Bloedbad fan Sjanghai falle tsientallen deaden.
- 18 july - Adolf Hitler publisearret Mein Kampf.
- 20 july - Itaalje en Joegoslaavje slute in rige technyske ferdraggen oer Fiume (Rijeka), Zara (Zadar) en de Italjaanske minderheid yn Dalmaasje.
- 20 july - Yn Frânsk-Syrje brekt ûnder lieding fan Sûltan al-Atrasj de Grutte Druzyske Opstân út tsjin 'e Frânske koloniale oerhearsking.
- 26 july - De Frânske oarlochsheld maarskalk Philippe Pétain wurdt nei Frânsk-Marokko stjoerd om it befel oer de Frânske troepen te nimmen dy't yn 'e saneamde Rifoarloch yn gearwurking mei Spanje de Berberske opstân fan Abd el-Krim besykje te ûnderdrukken.
- 8 augustus - De rasistyske Ku Klux Klan hâldt foar it earst in lanlike manifestaasje yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.
- 10 augustus - Yn Nederlân wurdt it doarp Borculo, yn 'e Achterhoeke, ferwuostge troch in wynhoas. Der falle 4 deaden en likernôch 80 ferwûnen, en 2.000 fan 'e 5.000 ynwenners reitsje dakleas.
- 25 augustus - De lêste Frânske en Belgyske troepen wurde weromlutsen út it Ruhrgebiet. Dêrmei komt in ein oan 'e Besetting fan it Ruhrgebiet.
- 4 septimber - Sjeik Saïd, de lieder fan 'e ûnderdrukte Koerdyske Opstân fan Sjeik Saïd, wurdt troch de Turkske autoriteiten mei 47 oare foaroanlju fan 'e Koerdyske minderheid ophongen foar de moskee fan Diyarbakır.
- 1 oktober - By in steatsgreep yn Sily komt generaal Carlos Ibáñez del Campo oan 'e macht. Hy skoot de strieman Emiliano Figueroa Larrain as presidint nei foarren.
- 16 oktober - Op in konferinsje yn it Switserske Locarno wurdt it Ferdrach fan Locarno sletten. Underdiel dêrfan is it saneamde Rynpakt, wêrby't Dútslân oan 'e iene kant en Frankryk en Belgje oan 'e oare kant ûnthjitte net besykje te sillen om 'e hjoeddeistige rin fan 'e ynternasjonale grinzen mei geweld te feroarjen. It Feriene Keninkryk en Itaalje steane garant foar it neilibjen fan dy ôfspraken. Fierders giet Dútslân akkoart mei de Demilitarisaasje fan it Rynlân, en Frankryk slút in militêr bûnsgenoatskip mei Poalen en Tsjechoslowakije.
- 18-19 oktober - De Frânske generaal Maurice Sarrail lit Damaskus, de haadstêd fan Frânsk-Syrje, bombardearje. Dêrmei wurdt de Grutte Duzyske Opstân, dy't oerslein wie nei de Arabyske dielen fan Syrje, tydlik ûnderdrukt.
- 11 novimber - Yn Nederlân brekt in regearingskrisis út as yn 'e Nacht fan Kersten troch in amendemint fan Gerrit Kersten, de fraksjefoarsitter fan 'e lytse SGP, de útjeften foar it Nederlânsk gesantskip by it Fatikaan fan 'e begrutting fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken skrast wurdt.
- 12 desimber - Yn Perzje komt nei de ôfsetting fan 'e Kadjar-dynasty de eardere minister fan Oarloch Reza Pahlavi as sjah op 'e troan.
- 16 desimber - It Folkebûn beslút dat de provinsje Mosûl, in omstriden gebiet tusken Turkije en Irak, by Irak bliuwt.
- 19 desimber - Abdûlazyz ibn Saûd, de emir fan 'e Nêzjd, foltôget syn ferovering fan it Keninkryk fan de Hidjas. Kening Ali fan de Hidjas moat belies jaan.
- 26 desimber - De Sfinks fan Giza wurdt útgroeven.
- 31 desimber - Op it partijkongres fan 'e Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny besiket in trijemanskip besteande út Leon Trotski, Grigorij Zinovjev en Ljev Kamenev de oanwaaksende ynfloed fan Josef Stalin te kearen.
- sûnder datum - Yn Itaalje wurdt de earste autodyk fan de wrâld iepene. It is de hjoeddeistige A8, tusken Milaan en Varese.
- sûnder datum - Ynfiering fan 'e desibel as ienheid fan lûd.
- sûnder datum - Marcel Breuer ûntwerpt de Kandinsky-stoel.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 20 - Ernesto Cardenal, Nikaragûaansk dichter, preester en politikus († 2020)
- 29 - Pier Tania, Nederlânsk presintator († 1995)
- febrewaris
- 6 - Pramoedya Ananta Toer, Yndonezysk skriuwer († 2006)
- 11 - David Hartsema, Nederlânsk dichter, skriuwer en keunstner († 2009)
- 17 - Wierd Wijnia, Frysk reedrider en sportbestjoerder († 1998)
- 18 - George Kennedy, Amerikaansk akteur († 2016)
- 18 - Til Gardeniers-Berendsen, Nederlânsk politika († 2019)
- 21 - Tom Gehrels, Nederlânsk-Amerikaansk astronoom († 2011)
- 26 - Kees Brusse, Nederlânsk akteur en regisseur († 2013)
- maart
- 3 - Janny van der Knoop, Frysk skriuwster († 2007)
- 8 - Piet Steenkamp, Nederlânsk politikus († 2016)
- 9 - Hein Mader, Eastenryksk-Frysk byldzjend keunstner († 2011)
- 12 - Louison Bobet, Frânsk hurdfytser († 1983)
- 14 - Rimma Zjoekova, Russysk reedrydster († 1999)
- 16 - Hans de Haan, Frysk politikus († 2006)
- 21 - Hugo Koblet, Switsersk hurdfytser († 1964)
- 28 - Dorothy DeBorba, Amerikaansk aktrise († 2010)
- april
- 1 - Jan Pannekeet, Nederlânsk taalkundige († 2002)
- 16 - Herman Bode, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder († 2007)
- 18 - Frans Mallan, Nederlânsk predikant († 2010)
- 19 - John Kraaijkamp sr., Nederlânsk akteur († 2011)
- 28 - Hans Peter Richter, Dútsk skriuwer en útjouwer († 1993)
- maaie
- 8 - Ali Hassan Mwinyi, presidint fan Tanzania († 2024)
- 11 - Youenn Gwernig, Bretonsk-Amerikaansk sjonger, dichter, lietsjeskriuwer en keunstner († 2006)
- 13 - U.G. de Jong, Frysk skriuwer en sjoernalist († 2008)
- 19 - Pol Pot, Kambodjaansk politikus, lieder fan 'e Reade Kmer († 1998)
- 19 - Malcolm X, Amerikaansk aktivist († 1965)
- juny
- 8 - Barbara Bush, Amerikaansk presidintsfrou († 2018)
- 12 - Raphaël Géminiani, Frânsk hurdfytser († 2024)
- 13 - Willem Albeda, Nederlânsk politikus († 2014)
- 16 - Henny Orri, Nederlânsk aktrise († 2022)
- 19 - Carol W. Voges, Nederlânsk yllustrator en skriuwer († 2001)
- 23 - John Shepherd-Barron, Skotsk útfiner fan de pinautomaat († 2010)
- july
- 2 - Els Perdok, Skiermûntseager wurdboekgearstalster en dichteresse († 2017)
- 10 - Mahathir Mohamad, premier fan Maleizje
- 21 - Aldert van Bruggen, Nederlânsk politikus († 1980)
- augustus
- 14 - Anne Sybesma, Frysk politikus († 2011)
- 18 - Jan de Soet, Nederlânsk bestjoerder, topman fan de KLM († 2012)
- septimber
- 6 - Freddie Oversteegen, Nederlânsk fersetsstriidster († 2018)
- 8 - Peter Sellers, Ingelsk akteur († 1980)
- 13 - Mel Torme, Amearikaansk sjonger († 1999)
- 13 - Jack Mitchell, Amerikaansk fotograaf († 2013)
- 16 - B.B. King, Amerikaansk muzikant († 2015)
- 18 - Pia Beck, Nederlânsk sjongster en pianiste († 2009)
- 25 - Johannes Faber, Frysk skiedkundige († 2007)
- oktober
- 11 - Elmore Leonard, Amerikaansk skriuwer († 2013)
- 13 - Margaret Thatcher, premier fan it Feriene Keninkryk († 2013)
- 14 - Friso Wiegersma, Nederlânsk tekstskriuwer en keunstskilder († 2006)
- 16 - Angela Lansbury, Ingelsk aktrise († 2022)
- 21 - Harm van der Meulen, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder en politikus († 2007)
- 22 - Robert Rauschenberg, Amerikaansk keunstner († 2008)
- 26 - Jan Wolkers, Nederlânsk skriuwer († 2007)
- 26 - Gernot de Vries, Eastfrysk dûmny en skriuwer († 2012)
- novimber
- 10 - Richard Burton, Welsk akteur († 1984)
- 20 - Robert Kennedy, Amerikaansk politikus († 1968)
- 27 - Claude Lanzmann, Frânsk filosoof († 2018)
- 30 - Jaap Fijnvandraat, Nederlânsk evangelist († 2012)
- desimber
- 8 - Sammy Davis jr., Amerikaansk sjonger, dûnser, komyk en akteur († 1990)
- 17 - Rijk de Gooyer - Nederlânsk akteur († 2011)
- 23 - Rayner Unwin, Ingelsk útjouwer († 2000)
- 24 - Piter Wibertus Brouwer, Frysk oersetter († 2013)
- datum ûnbekend
- Piter Wibertus Brouwer, Frysk oersetter
- Vergil Dykstra, Amerikaanske filosoof en ûnderwiisbestjoerder († 2010)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 3 febrewaris - Jaap Eden, Nederlânsk hurdrider en hurdfytser (* 1873)
- 30 maart - Rudolf Steiner, Eastenryksk filosoof, stifter fan de antroposofy (* 1861)
- 15 maaie - Nelson A. Miles, Amerikaansk militêr (* 1839)
- 13 juny - Gerben Postma, Frysk skriuwer en skoalmaster (* 1847)
- 1 july - Erik Satie, Fransk komponist en pianist (* 1866)
- 28 july - Théodore Botrel, Bretonsk sjonger (* 1868)
- 25 oktober - Charles Marion Russell, Amerikaansk keunstskilder (* 1864)
- 9 novimber - Knut Magnus Enckell, Finsk skilder (* 1870)
- 11 novimber - Teatse Eeltsje Holtrop, Frysk skriuwer en oersetter (* 1865)
- 2 desimber - George Hugh Bourne, Ingelsk hymneskriuwer en predikant (* 1840)
- 19 desimber - Arnoldus Prakken, Frysk ûndernimmer en bestjoerder (* 1854)
- 25 desimber - Tabo Sytstra, Frysk skriuwer (* 1856)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- prizen
- De Ierske skriuwer George Bernard Shaw wint de Nobelpriis foar de Literatuer
- romans
- André Gide, Caractères
- André Gide, Les Faux-monnayeurs
- Louis Couperus, Nippon
- Aart van der Leeuw, Vluchtige Begroetingen
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sergej Eisenstein, Pânserkruser Potjomkin
- Fred Niblo, Ben-Hur
- Charlie Chaplin, The Gold Rush
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- George Gershwin, Concerto in F
- Jean Sibelius, In Iensum Skyspoar en Morceau Romantique
Byldzjende keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Hillich Hert byld, Reuver (1925) August Falise
Boukeunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Wettertoer Raamsdonksveer, Hendrik Sangster
-
Iepenbiere Lêsseal en Bibleteek, Brink 43, Amsterdam (Betondoarp), Dick Greiner
Jierren: | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 | 1929 | 1930 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|