Reiddomp
De reiddomp (Botaurus stellaris), ek wol domp, marbolle, of reidbolle, is in reagereftige dy't troch syn perfekte skutkleur yn reidlannen net opfalt. Dizze fûgel is seldsum yn Fryslân, mar troch de ûntwikkeling fan nije moerassen is der sprake fan in lyts werstel. De reiddomp is ôfhinklik fan oerjierrich reid.
reiddomp | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Botaurus stellaris | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
In fleanende reiddomp lûkt syn nekke yn nei syn romp, krektas de ielreager dat docht.
Op de grûn hâldt de reiddomp him meastal op yn de reiden dêr't er siket om amfibyen en fisken. As hy him bestrúnd fielt, bliuwt er roerleas stean mei de snaffel rjocht nei boppe wizend. Sa is hy sa goed as ûnsichtber tusken it reid. It bist fertoant de measte aktiviteit om sinneopkomst en -ûndergong.
It lûd fan de reiddomp kin noch it bêste fergelike wurde mei it slaan op in holle beamstamme. It is in leech droanend lûd. Hy makket lykwols wer in oar lûd om wyfkes te lokken, syn lûd is dan krekt heech en skerp. Earder waard tocht dat de rop fan de fûgel it lûd fan de duvel wie.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe reiddomp hat twa ûndersoarten:
- Botaurus stellaris stellaris - Jeropa, Aazje
- Botaurus stellaris capensis - Súdlik-Afrika, in bytsje lytser en donkerder as stellaris.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd
- Kaart mei waarnimmingen yn Nederlân
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Botaurus stellaris fan Wikimedia Commons. |