[go: up one dir, main page]

Wintergast is in ornitologyske term foar in fûgelsoarte dy't hjerstmis syn noardliker leine briedgebiet ferlit om yn súdliker oarden mei in mylder klimaat te oerwinterjen. Foarbylden fan wintergasten yn Nederlân en oanbuorjende lannen yn Noardwest-Jeropa binne de lytse swan, de readwjuk, de rotgoes en de rûchpoatmûzefalk. Dy soarten briede yn Skandinaavje en noardlik Ruslân, en binne dêr dus simmerfûgels. Simmerfûgels yn Nederlân oerwinterje faak yn Afrika en binne dêre wintergasten, sa't bgl. it gefal is mei de boereswel, de skries en de teapert.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Camphuysen, Kees; Bijlsma, R.; en Hustings, Fred, Avifauna van Nederland, Deel 2: Algemene en Schaarse Vogels van Nederland, Seist, 2001 (KNNV), ISBN 978-9 07 43 45 217, s. 2.