Oerflak
It oerflak jout oan hoe grut in 2-diminsjonaal gebiet is. Dit kin it oerflak wêze fan in twadiminsjonale foarm, mar ek dat fan in trijediminsjonale foarm.
De SI-ienheid fan in oerflak is de kante meter, m². Dizze is ôfliede fan de SI-ienheid meter.
Formules
bewurkje seksjeTwadiminsjonale figueren
bewurkje seksjeIt oerflak fan inkele twadiminsjonale figueren:
- Oerflak fan in fjouwerkant: side × side.
- Oerflak fan in rjochthoek: lingte × breedte.
- Oerflak fan in rút: ½ × earste diagonaal × twadde diagonaal.
- Oerflak fan in trijehoek: ½ × basis × hichte.
- It oerflak fan in trijehoek kin ek mei de Formúle fan Heron berekkene wurde.
- Oerflak fan in sirkel: π × striel²
Trijediminsjonale figueren
bewurkje seksjeIt oerflak fan inkele trijediminsjonale figueren:
- Oerflak fan in kubus: 6 × side x side.
- Oerflak fan in balke: 2 × ((l × w) + (l × h) + (w × h)), wêryn l, w en h steane foar de lingte, breedte en hichte fan in balke.
- Oerflak fan in bol: 4 × π × striel²
- Oerflak fan in silinder: 2 × π × r × (h + r), wêryn de r de striel fan de sirkelfoarmige basis is, en h de hichte fan de silinder.
- Oerflak fan in kegel: π × r × (r + √(r² + h²)), wêryn de r de striel fan de sirkelfoarmige basis is, en h de hichte fan de kegel.