[go: up one dir, main page]

Ierdgas is in fossile brânstof. It ûntstiet by itselde proses dat ta de foarming fan ierdoalje liedt en fertsjintwurdiget it lichtere bestândiel organyske produkten fan dat proses. Ierdgas wurdt dêrom faak mei ierdoalje fûn, hoewol't it gas kâns sjocht yn oare ierdlagen troch te kringen as de swierdere oalje en der sa in skieding ûntstien wêze kin.

Gashâlder

Yn Europa wurdt ierdgas benammen yn en om de Noardsee oantroffen ûnder oare ûnder it noarden fan Nederlân. (sjoch ek Ierdgaswinning). Ierdgas út it Grinslanner Slochteren bestiet foar 81,9 % út CH4 (metaan), foar 3,3 % út hegere gasfoarmige koalwetterstoffen, en foar de 14 % út stikstofgas en 0,8 % koaldiokside. Ierdgas fan oare winplakken hat soms mear of minder metaan of wetterstofsulfide ("soer gas").

Yn it ferline is ierdgas faak as in ôffalprodukt beskôge fan oaljewinning en ienfâldichwei 'ôffakkele'. Ek no bart soks noch wol as it hiel fier fan de bewenne wrâld fûn wurdt en it transport nei de konsumint te folle hollebrekken oplevert. Dit is ekologysk sjoen tige spitich omdat fan de fossile brânstoffen ierdgas de skjinste soarte is. Offakkeljen is lykwols al better as it metaan gewoanwei ûntsnappe te litten nei de atmosfear omdat de bydrage oan it broeikaseffekt fan metaan sa. 21 kear heger is as koaldiokside. Metaan levert by ferbaarning dûbeld safolle wetter as koaldiokside wylst stienkoal benammen yn koaldiokside omsetten wurdt. Boppedat jout ierdgas gjin roet of jiske. It is ek safolle makliker as stienkoal of ierdoalje te ûntdwaan fan ûnsuverheden lykas swevel mei it Clausproses.

 
Ierdgasproduksje nei lân (brún en read kleurde lannen produsearje it measte)

Skjin ierdgas (ûntdien fan de swevelwetterstof) is rookleas. Oan ierdgas dat oan húshâldens levere wurdt, wurdt lykwols in tige sterk en fiis rûkende stof tafoege, dat gaslekken gau opspoard wurde kinne. Yn Nederlân wurdt hjirfoar 18 mg/m3 tetrahydrotiofeen tapast, dat soarget foar de yn Nederlân wolbekende gaslucht. Yn dielen fan Dútslân, Eastenryk en it Feriene Keninkryk wurdt tert.-butylmerkaptaan tapast. Ek oare tioalen en dimetylsulfide wurden krûkt. It sprekt fansels dat it in stof wêze moat dy't by ferbaarning rookleas is.

As befeiliging fan gastafier wurdt wol de gasgebrekbefeiliging tapast.

Transport en opslach

bewurkje seksje

Undergrûnse gaslieding mei ôfsluter 

Gas wurdt by foarkar yn metalen of keunststoffen gasliedingen ferfierd. Dêrneist wurdt ierdgas ek ûnder druk ferfierd, of as floeistof. Opslach yn gasfoarm kin yn bolfoarmige konteners, of sels yn ûndergrûnske stientelagen. Lytse hoeveelheden wurde yn tenks, silinders of gasflessen opslein. LNG wurdt yn isolearre tenks opslein. De distribúsje is yn hannen fan de Nederlânske Gasuny.

Ierdgas wurdt as enerzjyboarne brûkt om op te sieden en om te ferwaarmjen. Iergas hat yn Fryslân sûnt de jierren sechtich it stedsgas en it stoken op stienkoal hielendal ferkrongen. Dêrneist wurdt yn grutferbrûk tapast foar elektrisiteitssintrales en stedsferwaarming.

Ierdgas wurdt ek as grûnstof brûkt yn ferskate gemyske produksjeprosessen. DSM brûkt ierdgas om ammoniak mei te meitsjen, dat op syn beurt wer grûnstof foar keunstdongfabrikaazje is. Ierdgas wurdt yn gearparse foarm ek brûkt as alternative, skjinne brânstof foar auto's en bussen en yn floeibere foarm foar vrachtweinen. Ierdgas is lykwols al in fossile brânstof dy't in kear oprekket. Ierdgas is gjin biobrânstof.

In trochstrings Frysk húshâlden brûkte yn 2005 sirka 1600 m3 gas yn 't jier. It gasferbrûk sakke yn de lêste jierren troch ferbettere isolaasje fan wenten en it tanimmen fan it oandiel HR-tsjetttels yn húshâldens. It trochstrings ferbrûk lei yn 1996 bygelyks noch om de 2100 m3. Ek de waarmere winters fan de lêste jierren lykje dêrby in rol te spyljen. Alhoewol't 83 % fan de húshâldens op gas siedt freget itensieden mar 3 % fan it gasferbrûk. De waarmwetterfoarsjenning nimt 19 % fan it ferbrûk foar syn rekken. Ferwaarming fan it hûs freget 78 % fan it gasferbrûk. (sifers 2001)

Kosten (húshâldlik gebrûk)

bewurkje seksje

Ien m3 gas kostet útgeande fan in trochstrings ferbrûk fan 2650 m3 yn 't jier yn 2006 hast 45 sint yn 't m3. Dit is eksklusyf transportkosten, enerzjybelesting (EB) en fêstrjocht.

Fêstrjocht is it fêste bedrach dat foar de gasoansluting betelle wurde moat. Trochstrings bedraacht it fêstrjocht om-ende-by € 120 yn 't jier.

Priisûntwikkeling (húshâldlik ferbrûk)

bewurkje seksje
  • Gemiddelde gaspriis per m3 yn 2003: € 0,274664 ynkl BTW (regio 3)
  • Gemiddelde gaspriis per m3 yn 2004: € 0,2697 ynkl BTW (regio 3)
  • Gemiddelde gaspriis per m3 yn 2005: € 0,32448 ynkl BTW (regio 3)

Mear statistyske gegevens op www.energie.nl.

Ierdgas fan anorganyske oarsprong?

bewurkje seksje

In team fan de Indiana-universiteit ûnder lieding fan Henry Scott brocht kalsyt (CaCO3), izerokside (FeO) en wetter yn in laboratoarium ûnder in hege druk fan fiif oant alve miljard pascal. Tagelyk waarden dizze stoffen ferwaarme mei in laser. Sa waarden de omstannichheden dy't op tsientallen kilometers djipte yn de ierdkoarste hearskje moatte neiboatst. By dit eksperimint waard metaan foarme. Dit fiede de diskusje oer in eventuele anorganyske oarsprong fan ierdgas. Op bygelyks titan (moanne) en mars (planeet) komt ek metaan foar.

Fysyske eigenskippen

bewurkje seksje

Grinslanner ierdgas levert by ferbaarning trochstrings in energetyske wearde fan 31,65 MJ/m³ (ûnderwearde) oan enerzjy. Dit komt oerien mei ûngefear 8,8 kWh enerzjy.

Ierdgas hat in soartlik gewicht fan ûngefear 0,833 kg/m³.

Gemyske eigenskippen

bewurkje seksje

Ierdgas is by keamertemperatuer en in druk fan 1 bar (absolút) in gas. Trochdat ierdgas foar it grutste part bestiet út metaan (82%), leit it kôkpunt by 1 bar (absolút) op −162 °C (112 K) en it smeltpunt by −183 °C (91 K). De atomen fan metaan foarmje in folmakke tetraesder en hawwe dus in biningshoeke fan 109,5°.

Keppeling om utens

bewurkje seksje