[go: up one dir, main page]

In biedwurd, ek motto (Italjaansk), is in koarte spreuk dy't earne it doel fan oanjout. In protte lannen, stêden, universiteiten en oare organisaasjes hawwe in biedwurd, faak keppele oan in wapen, en ek famyljes mei in wapen hawwe faak in biedwurd. It biedwurd is faak yn in taal dy't foar de brûkers it biedwurd mear klam jout. Dat kin bygelyks Latynsk wêze, of yn it Germaansk taalgebied ek wol it Frânsk.

Guon boeken krije fan de skriuwer ek in biedwurd mei, om oan te jaan hoe't de skriuwer sels it boek sjocht. Dit binne dan almeast sitaten, faak fan klasssyke skriuwers.

Ek by guon aktiviteiten en aksjes wurdt in biedwurd opsteld. Dêr't biedwurden fan organisaasjes faak tige symboalysk binne, binne motto's foar aksjes tige direkt.

Fan bekende Friezen

bewurkje seksje

Yn ferskate alba amicorum steane foarbylden fan Fryske biedwurden:

Foarbylden bûten Fryslân

bewurkje seksje
  • Seelân : Luctor et emergo (Ik wrakselje en kom boppe)
  • Nederlân : Je Maintiendrai (Ik sil hanthavenje)
  • Jeropeeske Uny : In varietate concordia (Ienheid yn ferskaat)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Zinspreuk.