Stasjon De Bosk
Stasjon De Bosk Station 's-Hertogenbosch | ||
Stasjon De Bosk yn 2015 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | De Bosk | |
plak | De Bosk | |
adres | Stationspasserelle 8a | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ht | |
type | Trochgongstasjon | |
iepening | 1 novimber 1868 | |
boujier | 1868 1e stasjonsgebou 1893 2e stasjonsgebou 1952 3e stasjonsgebou 1998 4e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1893 1e stasjonsgebou 1950 2e stasjonsgebou 1996 3e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1868 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1893 Eduard Cuypers 2e stasjonsgebou 1950 S. van Ravesteynt 3e stasjonsgebou 1998 R.M.J.A. Steenhuis 4e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 5 | |
spoarline | Steatsline H Brabânske-line | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon De Bosk (Ht) is in spoarweistasjon yn de stêd De Bosk yn de provinsje Noard-Brabân. En waard iepene yn 1868 oan de Steatsline H (Utert-Sintraal - Boxtel). Yn dizze Brabânske stêd is yn 1998 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1868 iepene.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike stasjonsgebou fan De Bosk wie in in laach en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stasjon foldie hjirmei ek oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.
De fêstingwet waard yn 1874 oanpast, en it 1e stasjonsgebou út 1868 waard yn 1893 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Eduard Cuypers. Dit stasjonsgebou is in pear hûndert meter súdliker boud, en de spoaren waarden wat westliker lein. It stasjon waard ferpleatst om út de stêd en de wyk wei in moaier oansicht te krijen. Men koe dan út de stêd wei rjochtút it stasjon ynrinne. It gebou wie 140 meter lang en wie boud yn de neorenêssânse styl. Boppe yn it stasjon wiene wenningen foar masinisten, restauraasjehâlders en de stasjonsjef.
Dit twadde stasjon waard op 16 septimber 1944 yn 'e brân sketten troch jachtbommewerpers. Ek waard op it NS terrein in opsichtershúske besketten. Dêrby foelen gjin slachtoffers, hoewol 't de bewenners thús wiene. De gefjochten foar de befrijing fan de stêd De Bosk duorren úteinlik oant oktober 1944.
Nei it it twadde stasjonsgebou yn de Twadde Wrâldkriich slim skansearre rekke wie, waard it net mear opboud, mar yn 1952 ferfongen troch in beskiedener, modern gebou. It wie in ûntwerp fan arsjitekt Sybold van Ravesteyn. De oarspronklike perronoerkaping bleau oant no ta behâlden. In pear âlde karakteristike keunstwurken fan it twadde stasjon bleaune ek bewarre.
Ym 1996 makke it stasjonsgebou út 1952 plak foar in nij gebou nei ûntwerp fan Rob Steenhuis. It stasjon bestiet benammen út de passaazje "Passerelle" boppe de perrons, dy't de feitlike stasjonshal en de tagong ta de perrons foarmet. Dit is in wichtige rinrûte tusken it sintrum fan De Bosk en it Paleiskwartier. It nije stasjonsgebou waard yn 1998 iepene.
Op de foargevel fan it stasjon pronket in ljochtkeunstwurk. Dit keunstwurk is in ljochtanimaasje dy't troch Titia EX yn 1998 pleatst is. De ljochtanimaasje bestiet út muzikanten dy 't yn de oranje-blauwe glêswân te sjen binne.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert-Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
2900 | Intercity (NS) | Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Maastricht | Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren. |
3500 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700. |
3600 | Intercity (NS) | Roosendaal – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter – Swol | |
3700 | Intercity (NS) | Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. |
3900 | Intercity (NS) | Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Heerlen | Rydt op freed o/m snein oant 18:00 oere net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900. |
21400 | Nachtnet Intercity (NS) | Rotterdam Sintraal – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert-Sintraal | Alinne freedtenachts |
32700 | Nachttrein (Arriva)[1] | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert-Sintraal – Skiphol Airport | Alinne freedtenachts |
4400 | Sprinter (NS) | Oss – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Deurne | Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. |
6000 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Geldermalsen – De Bosk | |
6600 | Sprinter (NS) | Doardt – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal | Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|