[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Rob Steenhuis

Ut Wikipedy

Rob J.M.A. Steenhuis (Amsterdam, 26 oktober 1949Rosmalen, 9 febrewaris 2018) wie in Nederlânske arsjitekt dy't bekend waard fan it ûntwerpen fan stasjons.

Steenhuis studearre fan 1971 oant 1978 arsjitektuer oan de Technyske Universiteit Delft. Nei syn ôfstudearjen wurke er koarte tiid by arsjitekteburo Duintjer yn Amsterdam, wêrnei 't er yn 1978 yn tsjinst kaam by arsjitekteburo Cor Kalfsbeek yn it Drintske Borger. Fan 1982 ôf wurke er op de yngenieurôfdieling fan de Nederlânske Spoarwegen, dy't yn 1995 in selsstannige dochterûndernimming waard. Dêr bleau er noch in jier oant er begûn te wurkjen by Van Dijk Steenhuis Architecten yn Gieten en De Bosk.

Yn syn tiid by de Nederlandse Spoorwegen binne de measte gebouwen ûntstien. Fan 2000 ôf wie er haad fan it Bureau Spoorbouwmeester, in selsstannich operearjend orgaan fan de Nederlandse Spoorwegen en ProRail. Under him waard it Spoorbeeld oprjochte. Ek ûntwikkele er de earste ferzje fan de Spoorbeeldgids en wie er benammen ferantwurdlik foar advys en tarieding.

Yn 'e mande mei de eardere Ryksboumaster Jo Coenen betocht er de oanpak fan de saneamde Nieuwe Sleutelprojecten, wêrûnder grutskalige ûntwikkelingsplannen foar de stasjons Amsterdam Súd, Arnhim Sintraal, Breda, De Haach Sintraal, Rotterdam Sintraal en Utert Sintraal en de oansluting op it Europeeske hegesnelheidsnet.

Yn 2005 waard er direkteur fan de Arcadis-studio en ferfolle dy funksje oant 2007. Oant syn dea joech Steenhuis lieding oan it bedriuw SOTAstudio, fêstige yn Nimwegen.

Steenhuis wie lid fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten.

Steenhuis stoar yn de âldens fan 68 jier oan de gefolgen fan longkanker.[1]

Karút syn stasjons

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: