[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Stasjon Deurne (Nederlân)

Ut Wikipedy
Stasjon Deurne
station Deurne
Stasjon Deurne yn 2014
Stasjon Deurne yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Gemeente Deurne
plak Deurne
adres Laurens Costerstraat 2
arsjitektuer
stasjonskoade Dn
iepening 1 oktober 1866
boujier 1864 1e stasjonsgebou
1976 2e stasjonsgebou
sloopjier 1976 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1864
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1976
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline E
4486(2016)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Deurne (Noard-Brabân)
Stasjon Deurne

Stasjon Deurne (Dn) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Deurne yn de provinsje Noard-Brabân. En waard iepene yn 1866 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht).

1e stasjonsgebou stasjon Deurne om en de by 1910
1e stasjonsgebou stasjon Deurne om en de by 1975

It oarspronklike spoarweistasjon fan Deurne wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1892 krige it gebou oan wjerskanten in fleugel, yn 1913 krige it middenpart der in ferdjipping by. Mar yn de 60-er jierren fan de 20e iuw waarden de boppeferdjippingen fan it orzjinele stasjonsgebou fuort helle wertroch it folsleine stasjon omtrint deselde hichte hie as de oanboude fleugels út 1892.

It stasjon waard yn 1976 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma.






Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3500 Intercity (NS) Skiphol AirportUtert SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondDeurneVenlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondDeurneVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
4400 Sprinter (NS) OssDe BoskEindhoven SintraalHelmondDeurne Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400.
13500 Intercity (NS) Eindhoven SintraalHelmondDeurneVenlo Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt.
14400 Sprinter (NS) Eindhoven SintraalHelmondDeurne Rydt allinnich op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 as ferfanging fan sprinter 4400 en allinnich rjochting Deurne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: