[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sapfo

Ut Wikipedy
Sapfo
skriuwer
In Romeinske kopy fan 'e saneamde Sapfo-herme (Grykske grinsstien) út 'e fyfde iuw f.Kr.
In Romeinske kopy fan 'e saneamde Sapfo-herme
(Grykske grinsstien) út 'e fyfde iuw f.Kr.
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Sapfo fan Lesbos
echte namme Psappho (Ψάπφω)
nasjonaliteit Lesbysk
berne 630-612 f.Kr.
berteplak Mytilene (?) (op Lesbos)
stoarn 570 f.Kr.
stjerplak Lesbos
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk (Eoalysk)
sjenre poëzij
perioade Iere Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Fragmint 16
jierren aktyf 7e iuw f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.

Sapfo (yn it Attysk, it Aldgrykske dialekt fan Atene: Σαπφώ, Sappho; yn it Eoalysk, it dialekt fan Lesbos: Ψάπφω, Psappho), ek wol Sapfo fan Lesbos neamd, wie in lyrysk dichteresse út it âlde Grikelân. Hja waard berne op it eilân Lesbos, yn 'e Egeyske See, earne tusken 630 en 612 f.Kr., en neffens de oerlevering soe se stoarn wêze om 570 f.Kr. hinne. Oer har libben kin net folle mei wissichheid sein wurde. Hoewol't har wurk yn 'e Aldheid algemien bekend wie en rûnom bewûndere waard, is hast har hiele oeuvre neitiid troch willensmoedse ferneatiging ferlern gien. Lykwols hawwe har ûnbidige reputaasje en teffens mear as twahûndert fragminten fan har wurk de iuwen trochstien.

De iennichste kontemporêne boarne oer Sapfo har libben is har eigen wurk, en ynsafier't dat al oerlevere is, binne skiedkundigen der huverich foar om har gedichten autobiografysk te ynterpretearjen. Lettere biografyske boarnen binne krektlyk ûnbetrouber, mei't net mear nei te gean is wêr't dy har op basearre hawwe. It is hiel goed mooglik dat alteast in diel dêrfan weromgiet op ynformaasje dy't ôfkomstich is út gedichten dy't ferlern gien binne, mar dan is men likegoed wer werom by de fraach hoe betrouber oft Sapfo har eigen wurk ditoangeande is.

Sapfo en Alkéus, troch de fan oarsprong Fryske keunstskilder sir Lawrence Alma-Tadema.

As men alle boarnen byinoar nimt dy't hjiroer hjoed de dei noch beskikber binne, kin men stelle dat it wierskynlik (mar net wis) is dat Sapfo om 620 f.Kr. hinne berne waard, dat har mem fan Cleïs hiet, en dat se letter in dochter krige dy't se deselde namme joech. De namme fan har heit wurdt rûnom jûn as Scamandronymus, mar oars as "Cleïs" wurdt dy namme net neamd yn lykfol hokker fan 'e oerlevere fragminten fan Sapfo har wurk. Se skynt ek trije bruorren hân te hawwen, Eurygius, Larichus en Charaxus. Lettere boarnen wolle hawwe dat Charaxus de âldste fan it trio wie, mar dat Sapfo Larichus, de jongste, it leafst wie. Ut deselde boarnen kin men ek opmeitsje (al stiet it der net planút) dat Sapfo út in foaroarsteande, aristokratyske famylje kaam, mar ek dat is ûnwis. Yn elts gefal wie se hikke en tein op Lesbos, wierskynlik yn it haadplak fan dat eilân, Mytilene. De Suda, in tsiende-iuwske Byzantynske ensyklopedy, is de iennichste boarne dy't beweard dat Sapfo troude mei in "tige rike man dy't fan Cercylas hiet, en dy't keapman wie op Andros", en dat dat de heit fan 'e ûnderstelde dochter Cleïs wie. Mar dy tradysje giet foar 't neist werom op in bak fan in Aldgrykske grapmakker, mei't "Cercylas fan Andros" (wat trouwens in besteand eilân is) letterlik betsjut: "Penis fan it Manne-eilân".

Sapfo libbe yn wat foar Lesbos in ûnlijige tiid wie, mei't men der allegeduerigen ûnder de driging fan it útwreidzjende Lydyske Ryk yn Lyts-Aazje libbe, wylst boppedat de Grykske stêdsteat Atene besocht om it eilân te kolonisearjen. De Lesbiërs wisten lykwols ûnder lieding fan Pittakus640-568 f.Kr.) de Ateenske oanfal ôf te slaan. It is net dúdlik hoe't Sapfo yn dit alles behelle wie, mar it stiet yn elts gefal fêst dat se op in stuit fan Lesbos ferballe waard nei Sisylje ta. Neffens de Paryske Kronyk wie dat earne tusken 604 en 594 f.Kr. Neffens de Romeinske filosoof en steatsman Markus Tullius Sisero (106-43 f.Kr.) stie der in stânbyld fan Sapfo yn it stedhûs fan it Sisyljaanske Syrakuse, dat in Grykske koloanje wie (en dus mooglik Sapfo har ballingsoard). Hoewol't it nearne eksplisyt fermeld stiet, giet men der yn 'e regel fanút dat Sapfo op in stuit út har ballingskip weromkearde en dat se fierhinne it grutste part fan har libben op Lesbos trochbrocht.

Sa't de Frânske keunstskilder Édouard-Henri Avril him Sapfo en har kammeraatskes foarstelde.

In tradysje dy't op syn minsten tebekgiet oant de Grykske toanielskriuwer Menander342-290 f.Kr.) wol hawwe dat Sapfo harsels tekoart dien hat troch fan 'e Leukadyske kliffen ôf te springen út (ûnbeäntwurde) leafde foar de fearman Faon. De measte hjoeddeiske histoarisy beskôgje dit teltsje as ûnhistoarysk en tinke dat it miskien ûntstien is as gefolch fan it misbegripen fan in ferlern gien gedicht dat yn 'e earste persoan skreaun wie, of dat it neitiid optocht is om te bewizen dat Sapfo wis al heteroseksueel wie.

Want njonken hat dichtkeunst is de oantins oan Sapfo fral ek noch libben bleaun troch har reputaasje as in lesbiënne. Sterker noch, it wurd "lesbysk" komt (fanwegen har) fan har thúseilân Lesbos, wylst yn heechdravende taal froulike homoseksualiteit wol de "sapfyske leafde" neamd wurdt. (Beide oantsjuttings datearje trouwens út 'e njoggentjinde iuw.) It is mar gehiel de fraach wat der fan dizze reputaasje oan is. Yn 'e oerlevere fragminten fan Sapfo har wurk komme ferealens en leafde (soms beäntwurde, soms net) foar in ferskaat oan froulju op 't aljemint, mar beskriuwings fan lichaamlike leafde tusken froulju moat men bot om sykje. Boppedat moat men yn it each hâlde dat it twifelich is ynhoefier't har wurk as autobiografysk opfet wurde moat. Fierders moat har homo-eroatika yn it ljocht sjoen wurde fan 'e noarmen en wearden fan 'e Grykske kultuer fan 'e sânde iuw f.Kr. De gedichten fan har manlike tiidgenoat Alkéus en fan 'e lettere Pindarus litte itselde soarte homoseksuële bannen sjen tusken de leden fan in beskaat fermidden.

Yn Sapfo har gefal wie dat in fermidden fan fammen en froulju dy't as har gelikensen in rûnte fan kammeraatskes foarmen. Yn it njoggentjinde-iuwske Ingelân krige men it foar de moade om Sapfo foar te stellen as de direktrise fan in soarte fan finishing school foar jongfammen (in skoalle dêr't harren etikette en foechsum hâlden en dragen bybrocht wurdt). Dat wie in manear om Sapfo yn 'e kekene Fiktoriaanske Tiid begryplik en besprekber te meitsjen. Hoewol't der gjin swymke bewiis of sels mar in oanwizing bestiet dat dêr wat fan wier is, is it idee dat Sapfo oan it haad stie fan 'e iene of oare akademy foar jongfammen tige by tige taai bleken, en libbet it noch altyd fuort.

Sa't in letter keunstner him Sapfo foarstelde.

Yn 'e Aldheid waard Sapfo rûnom beskôge as ien fan 'e grutste lyryske dichters. Ut 'e Milaneeske Papyrus, dy't te foarskyn kommen is út in ûntmantele mummy-omklaaisel en dy't yn 2001 publisearre is, docht bliken hoe'n grut respekt oft Posidippus fan Pella, in wichtich epigrammedichter út 'e trêde iuw f.Kr., hie foar Sapfo har "godlike sangen". De dichter Anakreön (582-485 f.Kr.) neamt har "de swietsjongende"; de retoarikus Lusianus (125-nei 180) omskriuwt har as "de hunichswite gloarje fan Lesbos"; en in oan Plato taskreaun epigram (Anthologia Palatina IX:506) neamt har de "tsiende muze":

Ἐννέα τὰς Μούσας, φασίν τινες• ὡς ὀλιγώρως•
ἠνίδε καὶ Σαπφὼ Λεσβόθεν, ἡ δεκάτη.
Guon sizze, fan 'e muzen binne der njoggen — hoe koartsichtich!
Want sjoch: dan is der noch Sapfo, fan Lesbos, de tsiende.
Sapfo lêst har kammeraatskes foar op in Attyske faas út omtrint 435 f.Kr.

Hoewol't Sapfo har wurk oant fier yn 'e Romeinske tiid beholden bleau, bestie der troch feroarjende ynteresses, stilen en estetyk almar minder belangstelling foar, en dat waard noch helte slimmer doe't de akademys de stúdzje derfan net mear ferplichten. Foar in grut diel wie har ferdwining út 'e kanon te witen oan it feit dat se yn it Eoalysk skreau, in Aldgryksk dialekt dat yn har tiid û.m. op Lesbos sprutsen waard, wylst letter it Attyske dialekt fan Atene en de literêre mingfoarm dêr't de Ilias en de Odyssee yn skreaun binne, it saneamde Homearysk Gryksk, de boppetoan fierden. Sapfo har Eoalysk wie foar in kontemporêne Attysksprekker al hast net nei te kommen, en tsjin 'e Romeinske tiid wie it in obskuere en deade taal, wat de dêryn skreaune literatuer dreech tagonklik makke. Mar likegoed waard hja troch de grutste dichters en tinkers fan it âlde Rome noch wurdearre en giene dyselden troch mei har wurk te imitearjen.

Under de Byzantynske perioade rekke Sapfo lykwols almar mear yn 'e ferjitnis, en yn 'e tolfde iuw betitelet de Byzantynske wittenskipper Tzetzes har wurk al as "ferlern gien". Dêrby spile lykwols ek in rol dat it de Tsjerke net oanstie dat in frou fan har (seksuële) reputaasje sa'n literêre ynfloed hie, en sadwaande is in grut part fan har wurk ta proai fallen oan willensmoedse ferneatiging yn 'e foarm fan boekferbrânings. Hoewol't it dreech fêst te stellen is wa't dêr krekt efter siet om't der gjin dokuminten oerlevere binne wêryn't opdracht ta de ferneatiging fan har wurk jûn wurdt, binne de nammen dy't ditoangeande faak neamd wurde dy fan Gregoarius fan Nazianzus, in fjirde-iuwske patriarch fan Konstantinopel, en paus Gregoarius VII (pont. 1073-1085). Dêrby hat neffens modern ûndersyk ek plagiaat in rol spile, mei't bgl. it gedicht Oer de Minsklike Natuer, fan Gregoarius fan Nazianzus, wol hiel sterk Sapfo har Fragmint 2 wjergalmet.

It koartby (yn 2004) ûntdutsen Fragmint 58 fan Sapfo, út 'e trêde iuw f.Kr.

Hoewol't de manuskripttradysje op dy manear yn 'e Midsiuwen ôfbrutsen is, binne ûnderdielen fan Sapfo har wurk weromfûn op Egyptyske papyrusfragminten út 'e Aldheid. Sa is der oan it begjin fan 'e tweintichste iuw in grutte fynst dien by opgravings op 'e rúchskernen fan 'e stêd Oxyrhynchus, yn Midden-Egypte, wêrby't withoefolle nije mar tige skeinde fersen ûntdutsen waarden. Ien wichtich fragmint is fierders ek oerlevere op in potdiggel. Teffens binne der beheinde dielen fan Sapfo har wurk bewarre bleaun yn 'e foarm fan sitaten yn teksten fan oare skriuwers. Sa is ien gedicht, it saneamde Fragmint 1, de Hymne oan Afrodite, yn syn gehiel oerlevere troch Dionysus fan Halikarnassus, dy't it mei bewûndering oanhelle as in foarbyld fan 'e "ôfwurke en besiele" styl fan gearstalling. Mank de langere fragminten binne noch trije oare frijwol folsleine gedichten, te witten de fragminten 16, 31 en 58. Dat lêste is pas yn 2004 rekonstruëarre troch in fodsje papyrus út Oxyrhynchus te kombinearjen mei in nij ûntdutsen fragmint út 'e trêde iuw f.Kr.

De gedichten fan Sapfo waard yn 'e Aldheid yn 'e Bibleteek fan Aleksandrië samle yn njoggen boeken, yn in oardering dy't fierhinne mei it metrum te krijen hie. De oerlevere fragminten fan hjoed de dei binne neffens dy njoggen boeken yndield:

  • Boek I (Fragminten 1-42);
  • Boek II (Fragminten 43-52);
  • Boek III (Fragminten 53-57);
  • Boek IV (Fragminten 58-91);
  • Boek V (Fragminten 92-101);
  • Boek VI (gjin oerlevere fragminten);
  • Boek VII (Fragmint 102);
  • Boek VIII (Fragmint 103);
  • Boek IX (Fragminten 104-117).

De Fragminten 118-213 binne sa behindich dat se (noch) net yndield wurde kinne. Fan Fragmint 16, It Moaiste op 'e Swarte Ierde, hat Klaas Bruinsma yn 1991 in Fryske oersetting makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bliss, Carman, Sappho: 100 Lyrics, 1907 (tekst: Projekt Gutenberg [1]).
  • Campbell, D. A. (red.), Greek Lyric 1: Sappho and Alcaeus, Cambridge, Mass., 1982 (Harvard University Press), ISBN 0 67 49 91 575 (folsleine Grykske tekst mei Ingelske oersetting en ferwizings nei Sapfo by auteurs út 'e Aldheid).
  • Carson, Anne, If Not, Winter: Fragments of Sappho, 2002 (Knopf), ISBN 0 37 54 10 678 (Ingelske oersetting mei orzjinele Grykske tekst); ek: (Virago Press Ltd, UK), ISBN 1 84 40 80 811 (boekbesprek mei poëzijfragminten: N.Y. Times review).
  • DuBois, Page: Sappho Is Burning, Chicago, 1995 (University of Chicago Press). ISBN 0 22 61 67 550.
  • Lobel, E; Page, D. L. (red.), Poetarum Lesbiorum Fragmenta, Oxford, 1955 (Clarendon Press), sûnder ISBN.