Projekt Gutenberg
Projekt Gutenberg is in digitale bibleteek fan saneamd of elektronyske boeken (e-books).
Michael Stern Hart sette yn 1971 útein mei it projekt dat neamd waard nei Johannes Gutenberg, dy't jildt as útfiner fan de boekdrukkeunst mei losse letters.
De measte troch Projekt Gutenberg publisearre teksten falle yn it publyk domein yn de Feriene Steaten. Of omdat sy nea ûnder it auteursrjocht foelen, of omdat it auteursrjocht ferrûn is. Guon teksten sit noch wol auteursrjocht op, mar binne troch de skriuwers ta foldwaan fan it projekt jûn. Typyske gadingmakkers foar Projekt Gutenberg binne wichtige as boeken mei in protte súkses wêr't it auteursrjocht wilens fan ferrûn is, sa as in protte âlde filosofyske teksten, mar b.g. ek de Sherlock Holmes-ferhalen fan Arthur Conan Doyle of de Tarzan-ferhalen fan Edgar Rice Burroughs. Der binne ferskatezijn lêsprogramma's (readers) op it ynternet te finen om de teksten op it kompjûterskerm te lêzen.
Hoewol't it grutstepart fan de teksten yn it Ingelsk is, hat Projekt Gutenberg ek in soad wurken yn oare talen, ek yn it Frysk en Nederlânsk.
In ferlykber Nederlânsktalich projekt wie it Projekt Laurens Js Coster, (neamd nei dejinge dy't iuwenlang as útfiner fan de boekdrukkeunst jilde yn Nederlân). Dat projekt is yn 2001 opfolge troch de Digitale bibleteek foar de Nederlânske letteren. Skandinaavje hat it Projekt Runeberg.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Projekt Gutenberg
- Project Gutenberg Consortia Center: goed 65.000 ‘e-books’ (html en pdf) frij ta foldwaan
- Teksten yn it Nederlânsk Projekt Gutenberg
- Sacred-texts.com - side foar esotery. Sacred-texts arbeidet op mei Gutenberg
- Projekt Gutenberg EU
- Projekt Gutenberg-DE
- Projekt Runeberg