[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Major League Baseball

Ut Wikipedy
Major League Baseball
algemiene ynformaasje
ôfkoarting MLB
nasjonaliteit Amerikaansk
Kanadeesk
type org. sportbûn
wurkmêd honkbal yn Noard-Amearika
haadkertier New York (New York)
off. taal Ingelsk
oprjochte 1903
offisjele webside
mlb.com

Major League Baseball, ornaris ôfkoarte ta MLB, is in sportbûn op it mêd fan honkbal, dat aktyf is yn sawol de Feriene Steaten as Kanada. De organisaasje omfiemet twa kompetysjes foar profsport: de National League (NL) en de American League (AL), dy't allebeide fyftjin ûnderskate teams omfetsje. Beide kompetysjes binne âlder as de MLB sels, en de oprjochting fan MLB, yn 1903, wie spesifyk bedoeld om in koepelorganisaasje te kreëarjen foar de beide kompetysjes. Hast in iuw lang beholden de NL en de AL harren selsstannigens binnen MLB, mar yn 2000 giene se op yn ien organisaasje. MLB omfiemet fierders ek Minor League Baseball, dat in soarte fan 'twadde difyzje' is, mei 256 honkbalteams. De World Series is it kampioenskip fan MLB, dat giet tusken de winners fan 'e NL en de AL.

It earste iepentlik profesjonele honkbalteam yn 'e Feriene Steaten waard foarme troch de Cincinnati Red Stockings, dy't oprjochte waarden yn 1869. Foartiid hiene guon teams harren spilers klandestyn betelle. Yn 1876 waard de National League (NL) oprjochte as kompetysje foar profteams. De NL konkurrearre yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw mei ferskate oare kompetysjes, dy't geregeldwei oprjochte mar ek samar wer opheft waarden. Fral de earste jierren fan 'e NL wiene tumultueus, mei bedrigings utere troch rivalisearjende kompetysjes en in staking fan 'e spilers tsjin 'e hate 'reserveklausule' yn it NL-kontrakt, dy't de frije beweging fan spilers tusken ferskillende kompetysjes útbanne woe.

De súksesfolste konkurrint fan 'e NL út dy tiid wie de American Association, dy't ûntstie yn 1882, en dy't yn 1892 yn 'e NL opgie. Dêrtroch waard de NL in kompetysje mei tolve teams, mar nei it honkbalseizoen fan 1899 waarden fjouwer teams út 'e kompetysje set. Dat feroarsake in heechoprinnende striid tusken de oerbleaune teams om 'e alsa frijkommen meast talintearre spilers, en út it trelit ûntstie yn 1901 in nije kompetysje: de American League (AL), oprjochte troch Ban Johnson. De komst fan in nije kompetysje late rûnom ta kontraktbrek en de juridyske skelen dy't dêrút fuortkamen. It konflikt tusken de NL en de AL rûn sa heech op dat alle oare honkbalkompetysjes yn 'e Feriene Steaten, dy't der lêst fan ûnderfûnen, har yn 1901 by in gearkomste yn Chicago ferienen yn in National Association, dêr't letter Minor League Baseball út fuortkomme soe.

Oan 'e opskodding yn it Amerikaanske honkbal kaam yn 1903 in ein, doe't de NL en de AL har deljoegen ûnder ien koepelorganisaasje dy't Major League Baseball kaam te hjitten, wat letterlik "Grutte Honkbalkompetysje" betsjut. Ek de Minor League Baseball (of "Lytse Honkbalkompetysje") sleat him dêrby oan. De perioade tusken 1900 en 1920 stiet yn it Amerikaanske honkbal bekend as it deade-baltiidrek, wêryn't spilers mar komselden in homerun sloegen. Oan 'e ein fan 'e 1910-er jierren hie de sport te krijen mei it Black Sox-skandaal, in besykjen om troch matchfixing de World Series fan 1919 te bedjerren. Yn 'e 1920-er jierren ûntjoech honkbal him yn 'e Feriene Steaten foar it earst ta in folkssport, en ûnder de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren oerlibbe de sport ferskate potinsjele tebeksetters.

It honkbalfjild yn it Dodger Stadium yn Los Angeles yn 2007.

Koart nei de Twadde Wrâldoarloch trochbriek de Afro-Amerikaanske stjerspiler Jackie Robinson de saneamde kleurline yn it honkbal, wat yn dy sport in ein makke oan 'e rasseskieding. De 1950-er en 1960-er jierren wiene in tiid fan útwreiding foar sawol de NL as de AL, en yn 'e 1970-er en 1980-er jierren begûnen nijboude stadions en de yntroduksje fan keunstgers it honkbal te feroarjen. Yn 'e 1990-er jierren waard de sport stadichoan almar mear dominearre troch it slaan fan homeruns. Dat gie sa mâl, dat der yn 'e iere 2000-er jierren yn 'e media rûnom spekulearre waard oer it gebrûk fan anabole steroïden troch spilers. Yn 2006 waard by in formeel ûndersyk nei dy kwestje it Mitchellrapport opsteld. Dêryn waarden in protte spilers, wêrûnder teminsten ien fan elts team yn 'e NL en de AL, ymplisearre yn it gebrûk fan prestaasje-ûnderstypjende middels.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

MLB bestiet yn haadsaak út twa kompetysjes: de National League (NL) en de American League (AL), elts mei 15 teams. Fan 'e yn totaal tritich teams komme 29 út 'e Feriene Steaten en 1 út Kanada. Beide kompetysjes foarmje sûnt 2000 ien organisaasje, dy't ûnder tafersjoch stiet fan in funksjonaris mei de titel 'honkbalkommissaris'. De teams út beide kompetysjes spylje elts sportseizoen 162 wedstriden en fiif teams út eltse kompetysje streame troch nei in toernoai oan 'e ein fan it seizoen dat bestiet út fjouwer omgongen en kulminearret yn 'e World Series. De World Series is it kampioenskip fan MLB, wêryn't de kampioenen fan 'e NL en de AL it tsjininoar opnimme yn in rige fan sân wedstriden (dy't lykwols ôphâldt sadree't ien fan beide teams fjouwer wedstriden wûn hat).

Fierders hat MLB ek it tafersjoch oer Minor League Baseball, in soarte fan 'twadde difyzje', wêryn't 256 teams spylje dy't bannen ûnderhâlde mei ien team út 'e AL of de NL. Yn 'e mande mei de World Baseball Softball Confederation organisearret MLB ek in ynternasjonaal honkbaltoernoai, dat bekendstiet as de World Baseball Classic. MLB hat it heechste oantal stadionbesikers fan alle sportkompetysjes yn 'e wrâld, mei yn 2018 mear as 69,6 miljoen besikers.

kompetysje difyzje team stêd
American League East Baltimore Orioles Baltimore (Marylân)
Boston Red Sox Boston (Massachusetts)
New York Yankees New York (New York)
Tampa Bay Rays St. Petersburg (Floarida)
Toronto Blue Jays Toronto (Ontario)
Central Chicago White Sox Chicago (Illinois)
Cleveland Indians Cleveland (Ohio)
Detroit Tigers Detroit (Michigan)
Kansas City Royals Kansas City (Missoery)
Minnesota Twins Minneapolis (Minnesota)
West Houston Astros Houston (Teksas)
Los Angeles Angels Anaheim (Kalifornje)
Oakland Athletics Oakland (Kalifornje)
Seattle Mariners Seattle (Washington)
Texas Rangers Arlington (Teksas)
National League East Atlanta Braves Atlanta (Georgia)
Miami Marlins Miami (Floarida)
New York Mets New York (New York)
Philadelphia Phillies Philadelphia (Pennsylvania)
Washington Nationals Washington, D.C.
Central Chicago Cubs Chicago (Illinois)
Cincinnati Reds Cincinnati (Ohio)
Milwaukee Brewers Milwaukee (Wisconsin)
Pittsburgh Pirates Pittsburgh (Pennsylvania)
St. Louis Cardinals St. Louis (Missoery)
West Arizona Diamondbacks Phoenix (Arizona)
Colorado Rockies Denver (Colorado)
Los Angeles Dodgers Los Angeles (Kalifornje)
San Diego Padres San Diego (Kalifornje)
San Francisco Giants San Francisco (Kalifornje)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.